Alles oer Gaast
FrieslandWonderland
NederlandsFriesDuitsEngels

Alles oer Gaast


Deel:

-

-

Gaast

Gaast

Oan de Iselmarkust tusken Warkum en Makkum leit Gaast. It doarp is fan oarsprong in echt fiskersdoarp. De walfiskfeart wie hjir lange tiid tige populêr. Gaast telt goed twahûndert ynwenners en is hjoed-de-dei foaral bekend as wettersportplak.

Skiednis
Om it jier 1270 hinne komme we Gaast foar it earst tsjin yn de skiednisboeken. Ûnder de namme Lutkegast wurdt de mienskip as hecht beskreaun. Om't Gaast flakby de eardere Sudersee leit, hat it doarpke altyd ferbûn west mei de seefeart. yn `e midden fan de 18e ieu telde it doarp seis skippers, dy`t har brea op see fertsjinnen. Hjoed-de-dei fertsjinje de ynwenners har brea benammen yn de agraryske sektor. Oan de Boerestreek lizze in pear grutte pleatsen.

Bysûnderheden
As oantinken oan de walfiskfeart hie it doarpshûs lange tiid in tinkstien. Hjoed-de-dei is dy te bewûnderjen yn it Frysk Skipfeart Museum yn Snits. In kopy fan de orizjinele stien is op `e nij ynmitsele yn doarpshûs De Fûke. Sûnt ieuwen makket de herfoarme tsjerke it doarpsoansjen fan Gaast út. Al yn de 14e ieu stekt it bouwurk boppe it doarp út. Gaast hat ek in grifformearde tsjerke dy`t ûnderbrocht is yn in âld skoalle.

Wenje en libje
Doarpshûs De Fûke foarmet letterlik en figuerlik it middelpunt fan it doarp. Dêr komme de ynwenners wykliks by inoar om te kaarten, te biljerten of te sjongen. Dêrneist is it keatsfjild fan keatsferiening Trije Yn Ien in útnoegjend plak om elkoar te moetsjen. Op sportfjild De Boppeslach hawwe frijwilligers sels in kantine boud. Gaast hat in aktyf ferieningslibben en in belutsen doarpsbelang.

In soad bern geane nei basisskoalle De Finne yn Ferwâlde, dat fjouwer kilometer fierderop leit. It doarp hat in buertbus. Foar de deistige boadskippen soargje de SRV-man, de kâlde bakker en de grienteboer dy`t wykliks delkomme. Foar winkeljen en oare boadskippen geane de ynwenners fan Gaast nei Makkum of Warkum.

© Gemeente Sudwest Fryslân

Histoarje fan Gaast

Gaast komt op in list fan tsjerkedoarpen fan Wûnseradiel út likernôch 1270 foar as Lutkegast, lytse gaast dus. Gaast betsjut sânige hichte. It is in echt kustdoarp, it linet tsjin de eardere Suderseedyk oan, it leit relatyf heech en de Dykfeart rint efter de lytse kearn fan it doarp lâns. Sa ticht by see hat Gaast altyd de driging by stoarmwaar field; yn 1643 bruts fuortby de tsjerke de dyk troch en yn it jier 1703 hâlde de dyk it mar krekt, mar doe fergienen 23, meast Hylper skippen by Gaast.

It doarp leit no midden yn de greiden, dêr‘t earder, lyk as by de buordoarpen, frijwat lytsskalige lânbou op de savelgrûn bedreaun waard. Efter de relatyf heech lizzende âlde kearn dy‘t tsjin de âlde seedyk linet, is in beboude rânewei ûntstien. Bûten de beboude kom wenje al seker sûnt de 18e ieu behoarlik wat minsken oan wjerskanten fan de fraaie rûte fan de Boerestreek en de dêrnjonken lizzende Gaaster Nije Feart. It is in prachtige rûte dy‘t yn eastlike rjochting nei en troch de yn 1876-1879 droechleine Parregeaster Mar rint.

Yn âlde tiden waard hie Gaast in befolking fan jagers, skippers en matroazen. Sa healwei de 18e ieu wienen dat in galjoateskipper, twa kofskippers, twa smakskippers en in eigner fan in ‘gering schip’. No fertsjinje de measte ynwenners de kost yn de agraryske sektor.

De herfoarme tsjerke datearret nei alle gedachten út de 14e ieu, mar is yn 1906 alhiel ommitsele, sadat se sawat fan deselde leeftyd liket as de grifformearde tsjerke yn it doarp, dy‘t in ferboude skoalle is. De herfoarme tsjerke hat in sober houten tuorke út 1763 op de westgevel. Binnenyn hat it ienfâldich ikehouten meubilêr út de 18e ieu. Yn it begjin fan de 17e ieu stie yn Gaast de ‘seemansdûmny’ Adam Westerman. Yn syn stichtlike boek foar seelju warskôge hy de lêzers foar frjemde froulju, drank en tabak. Ien fan syn opfolgers, Petrus Vomelius, waard dêrtsjinoer in heale ieu letter fuortstjoerd fanwege oanstjitlike sûnden en dranksucht.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © Hendrik van Kampen

Webshop

Mogelijk hebben de volgende produkten uit onze webshop ook uw interesse. Deze produkten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Categorie: historische-kaarten

Gemeente Wonseradeel in de atlas van Eekhoff

Gemeente Wonseradeel in de atlas van Eekhoff


Categorie: historische-kaarten

Wonseradeel in de atlas van Schotanus

Wonseradeel in de atlas van Schotanus


Categorie: historische-kaarten

Wymbritseradeel in de atlas van Eekhoff

Wymbritseradeel in de atlas van Eekhoff


Categorie: historische-kaarten

Wymbritseradeel in de atlas van Schotanus

Wymbritseradeel in de atlas van Schotanus


Categorie: historische-kaarten

Jurisdictiën der drie kantons Franeker, Bolsward en Dronrijp en van de steden Ha

Jurisdictiën der drie kantons Franeker, Bolsward en Dronrijp en van de steden Ha


Categorie: historische-kaarten

Kaart van de Groote en provinciale Communicatien met dedaar op zich bevindende B

Kaart van de Groote en provinciale Communicatien met dedaar op zich bevindende B


Categorie: historische-kaarten

Kaart van de provincie Friesland uit 1847

Kaart van de provincie Friesland uit 1847


Categorie:

Nieuwe encyclopedie van Fryslân

Nieuwe encyclopedie van Fryslân

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vier

... lees meer

Prijs: € 125,00