Alles oer Gau
NederlandsDuitsEngels
Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Aanbieding: Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.0000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!

| Prijs inclusief verzenden: € 29,90

Alles oer Gau


Deel:

-

-

Gau

Gau

'Yn de greiden mar tusken de stêden is it goed wenjen yn ús lytse doarp'. In moaiere omskriuwing fan it doarp Gau is der net. Gau leit likernôch 5 km noardeastlik fan Snits en hat sawat 372 ynwenners. In ideaal wenplak foar de minsken dy`t yn Snits wurkje, mar dochs graach yn in doarp wenje wolle.

Skiednis
De namme Gau komt út it Âldfrysk. De âlde namme Clegawe betsjut sokssawat as 'feart dêr`t it fee oer ferfierd wurdt'. Gau foarmet mei in tal oare doarpen de Lege Geaën. Op syn Frysk koartwei 'De Legeaën' neamd. Der binne spoaren fan bewenning út de 13e ieu fûn. Mar yn 1256 wurdt it doarp foar it earst neamd. Eartiids wie it benammen in boeredoarp. In soad ynwenners hawwe hjoed-de-dei har wurk earne oars, bygelyks yn Snits.

Bysûnderheden
De herfoarme tsjerke mei syn sealtektoer is karakteristyk foar Gau. De tsjerketoer is eigendom fan de gemeente Wymbritseradiel. Inkele jierren lyn is de toer restaurearre. It mitselwurk is ferwidere en sa binne de âlde midsieuske Friezen wer te sjen. Sa hat er wer syn oarspronklike uterlik weromkrigen.

Foar de tsjerke oer stiet in keunstwurk. It is it stânbyld fan Sibbeltsje Gjaltema. Dy frou libbe fan 1682 - 1765. Yn har testamint liet se fêstlizze dat de earmen yn Gau mei de Krystdagen acht pûn bûter en in krintebôle krije moasten. Lange tiid is har lêste winsk útfierd. It stânbyld sjocht út op de pleats dêr`t Sibbeltsje begroeven is. Yn de toer fan de tsjerke is har grêfstien ynmitsele.

Wenje en libje
Gau hat in basisskoalle en in pjutteboartersplak. Ek hat it doarp noch in libben ferieningslibben, dat him konsintrearret yn it doarpshûs Ús Gebou. De ûnderskate sportferienings kinne gebrûk meitsje fan de sporthal fan Sibrandabuorren op 500 m ôfstân fan Gau. Yn 1992 is in nij sportfjildsje oanlein, flakby it doarpshûs.

Eartiids hie it doarp in bakker en in slachter en koene minsken foar de deistige boadskippen terjochte by de SRV-man. Hjoed-de-dei moatte ynwenners nei Skearnegoutum of Snits.

© Gemeente Sudwest Fryslân

Histoarje fan Gau

It terpdoarp Gau heart by de ‘Sneker-Vijfga’ omdat it mei Offenwier, Skearnegoutum, Goaiïngea en Loaiïngea de groep Wymbritseradielster doarpen foarmet dy’t noardlik fan Snits leinen. Gau heart as ienichst plak fan Wymbritseradiel ek by de doarperige fan de Legean. De oare doarpen lizze yn it noardliker lizzende eardere Raerderhim. Gau hat, lyk as de oare Legeandoarpen it karakter fan in kombinaasje fan terpen en in streekdoarp. Yn it ferline lei it frijwat isolearre, inkeld ûntsletten troch in opfeart nei de Snitser Aldfeart en nei it suden ta mei de Rollumerfeart en de Kipsleat, rjochting de Snitser Mar. Dêr yn it suden strekke de landerijen fan Gau har út oan de Snitser Mar ta.

De measte huzen stean oan de trochgeande doarpsstrjitte, de Boeijengastrjitte. Der stiet fariearde bebouwing fan pastorije (in eklektysk bouwurk fan om-ende-by 1900) oant âlderenwenningen ta. Yn it suden is tsjin it buertsje de Eker oer nei de Gauster Feart op, de grifformearde tsjerke boud. Súdlik fan de feart is in buert ûntstien dy‘t yn de tachtiger jierren mei de Kamp en de Skalter fierder stâl krigen hat. De sechtsjin kavels foar wenningen yn it nije ‘It Tsjemlân’ wienen gau ferkocht. De huzen op dat plak steane keal yn it lânskip.

Fan de midsieuske doarpstsjerke, wijd oan de yn dizze streek kenlik tige populêre hillige Nicolaas, bleau neat oer. Dy is yn1685 alhiel fernijd, mar ek dizze nije tsjerke is likemin de tiid trochkommen, want se is yn de 19e ieu wer ferfongen troch it hjoeddeiske ienfâldige tsjerke yn min of mear neogotyske foarmen. De foar dizze streek opfallend swiere toer, út wierskynlik de 13e ieu, is yn deselde ieu ommantele. Yn it lêst fan de 20e ieu is de yn de tuskentiid boufallich wurden mantel fuorthelle en de sealdaktoer restaurearre. Yn de toer hinget in klok dy‘t yn 1698 getten is troch Petrus Overney út Ljouwert. De tsjerke hat in preekstoel fan foar it midden fan de 17e ieu.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © FrieslandWonderland

Webshop

Mogelijk hebben de volgende produkten uit onze webshop ook uw interesse. Deze produkten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Wymbritseradeel in de atlas van Eekhoff

Wymbritseradeel in de atlas van Eekhoff

Wymbritseradeel in de atlas van Schotanus

Wymbritseradeel in de atlas van Schotanus