Alles oer Longerhou
FrieslandWonderland
NederlandsFriesDuitsEngels

Alles oer Longerhou


Deel:

-

-

Longerhou

Longerhou

Longerhou is in âld terpdoarp. It hat in lytse sechtich ynwenners en leit in bytsje isolearre. De âlde wetterwegen dy`t it doarp eartiids mei de bûtenwrâld ferbûnen, besteane noch altyd. Lykas de opfeart nei de Makkumerfeart. Tsjintwurdich stiet it doarp mei in fiadukt oer de A7 yn ferbining mei Skettens, dêr`t it in bloeiend ferieningslibben en in tsjerklike gemeente mei dielt.

Skiednis
Yn de skiednis fan Longerhou stiet de lânbou sintraal. De spoaren dêrfan binne noch yn it doarp te finen. Bygelyks yn it grut tal pleatsen oan de doarpsstrjitte. Sintraal yn it doarp (en yn de skiednis dêrfan) stiet de tsjerke út 1100. De toer is út de lette midsieuwen.

Yn de midden fan de 19e ieu foarme Longerhou it sintrum fan de Fryske reveilbeweging. Oanhingers fan dy kristlike streaming stiene foar in ortodokse fisy. Se wiene lykwols net allinne rjocht yn de lear, mar ek yn har dieden. Se libben in tige ynmoedich libben. Bidden naam dêryn in wichtich plak yn. Merken en drank moasten se neat fan hawwe.

Bysûnderheden
Dan falt it te begripen dat de minsken grutsk binne op har tsjerke. Dy waard yn 1757 hielendal fernijd. Dêrby krige it gebou syn moaie preekstoel mei sierlike rokoko-ornaminten en prachtige fike panelen dy`t it libben fan Jezus ferbyldzje.

By in folle resintere restauraasje kaam in âlde mozaykflier foar it ljocht. Dy flier datearret út de 14e ieu en bestiet út tegels fan kleurich glasearre ierdewurk yn ferskate foarmen en mjitten. Yn it mozayk binne foarstellingen werkenber, ûnder mear harten en earnen, mar ek ridders op it hynder, Frânske leeljes en rozetten. De moaiste fragminten binne mei glês beskerme en sa binne se foar it publyk tagonklik sûnder dat se skansearre reitsje kinne.

Wenje en libje
Longerhou sels hat mar in bytsje foarsjennings, mar wol in aktyf ferieningslibben. De bern fan it doarp geane nei de basisskoalle yn Skettens. Fierder binne de ynwenners benammen rjochte op Boalsert dat goed fiif kilometer eastliker leit.

© Gemeente Sudwest Fryslân

Histoarje fan Longerhou

Longerhou is in âld terpdoarp súdlik fan de eardere, âlde Marneslinke. Oan it navenant flinke oantal mânske boerepleatsen fan ferskillende typen oan de doarpsstrjitte en de sydstrjitsjes en –paadsjes is de hast hielendal agraryske skiednis fan dit lytse, frijwat isolearre doarp ôf te lêzen. It doarp hat noch syn âlde ferkearsferbining, de opfeart, de haven, nei de Makkumer Feart ta wêrtroch’t it mei de rest fan Fryslân ferbûn wie.

It Longerhou fan hjoed is mei in dyk en in fiadukt oer de autosneldyk A7mei Skettens ferbûn, dêr’t de skoalle ek stiet. Yn ‘e midden fan de kearn met wat lytse wenbuertsjes dêromhinne, stiet in mânske letmidsieuske toer dy‘t oan de spoaren te sjen, al hiel wat meimakke hat. De tsjerke is yn 1757 fernijd en eaget noch wat sober. Krektlyk as yn Skettens seit dat neat want sy hat in pear daverjende ferrassings. It fraai dekorearre gebodsboerd heart hjir eins net, mar yn it buordoarp Skettens: op de efterkant stiet nammentlik in tekst dy’t slacht op de fernijing fan de tsjerke dêr yn 1785. De kânsel út 1757 is sjarmant fersierd mei rococo-ornamint, mar it moaist binne de panelen mei foarstellings út de heilsskiednis, drokbefolke en mei in oandwaanlik each foar details: de berte fan Kristus, krusiging, Himelfeart en it lêste oardiel. De skrynmakker, dy’t dizze prachtich ferfine tafrielen útsnijd hat, moat in grut keunstner west ha, mar syn namme is nea bekend wurden.

By de restauraasje hat de tsjerke in âld geheim priisjûn: der waarden uterst seldsume, oansjenlike fragminten fan in 14e-ieuske mozaykflier fûn, besteande út tegels fan ierdewurk yn ferskate foarmen en ôfmjittingen en foarsjoen fan glazueren yn ferskillende kleuren. Sommige ha sels foarstellings fan giel slib: in portretkop, earnen, harten, ridders op it hynder, rozetten, Frânske leeljes en alderhande patroanen. Alles is restaurearre en de moaiste fragminten wurde, kreas beskerme troch glês, graach oan belangstellenden toand.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © FrieslandWonderland

Webshop

Mogelijk hebben de volgende produkten uit onze webshop ook uw interesse. Deze produkten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Categorie: historische-kaarten

Gemeente Wonseradeel in de atlas van Eekhoff

Gemeente Wonseradeel in de atlas van Eekhoff


Categorie: historische-kaarten

Wonseradeel in de atlas van Schotanus

Wonseradeel in de atlas van Schotanus


Categorie: historische-kaarten

Jurisdictiën der drie kantons Franeker, Bolsward en Dronrijp en van de steden Ha

Jurisdictiën der drie kantons Franeker, Bolsward en Dronrijp en van de steden Ha


Categorie: historische-kaarten

Kaart van de Groote en provinciale Communicatien met dedaar op zich bevindende B

Kaart van de Groote en provinciale Communicatien met dedaar op zich bevindende B


Categorie: historische-kaarten

Kaart van de provincie Friesland uit 1847

Kaart van de provincie Friesland uit 1847


Categorie:

Nieuwe encyclopedie van Fryslân

Nieuwe encyclopedie van Fryslân

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vier

... lees meer

Prijs: € 125,00