Alles oer Munnekebuorren
FrieslandWonderland
NederlandsFriesDuitsEngels

Alles oer Munnekebuorren


Deel:

-

-

Histoarje fan Munnekebuorren

Munnekebuorren

Mûntsjebuorren is in streekdoarp dat wierskynlik yn de lette Midsieuwen oan de Petsleat ûntstien is. Fan it suden, fan Spangea ôf rûn de Petsleat yn in bôge troch de westlike hoeke fan Weststellingwerf om ek de doarpen Skerpenseel, Mûntsjebuorren en in part fan Aldlemmer te ûntsluten. Njonken de sleat rûn in fuotpaad. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet de bebouwing fan it streekdoarp by dizze feart oanjûn, wylst der oan de even westliker lizzende wei, de Grindweg dy’t no de foarnaamste ferkearsferbining foarmet, hast noch gjin bebouwing stiet.

De Tegenwoordige Staat van Friesland hie yn 1788 net folle te melden, wol dat der oan de Grindweg al wat mear bebouwing ûntstien is: “dit Dorpje, ten Noorden van ‘t voorige [Skerpenseel], op dezelfde wyze gelegen, heeft ook eene Kerk met een klein spitsje; zynde de huizen gebouwd aan denzelfden rydweg, waar aan ook twee voorgaande Dorpen liggen, als mede aan de vaart, de Padsloot genaamd, die van Spangen, voorby Scherpenzeel, hier door loopt tot aan den Weerdyk.” It doarp hat yn 1825 in soad skea ûnderfûn fan de stoarmfloed. Huzen waarden fernield en de tsjerke stie op ynstoarten. Op de kaart yn de atlas fan Eekhoff út 1850 is noch amper te sjen dat it doarp him fan de Bandseat nei de Grindweg oan it ferpleatsen wie. Dizze twa doarpsassen kamen by de tsjerke ticht by elkoar en dêr wie al wat fertichting yn de bebouwing ûntstien. Yn de 19e ieu joech neist de lânbou ek de ferfeaning in soad wurk en dat is te sjen op de kaart mei de fergroeven landerijen.

De aardich detaillearre, trijekantich sletten tsjerke út 1806 hat in houten geveltoer. It gebou is yn 1860 yngripend ferboud. Mûntsjebuorren is noch altyd in karakteristyk streekdoarp mei in frij tichte lintbebouwing. Fanwege it kronkeljende ferrin fan de Grindweg en it net konsekwint oanhâlden fan de roailinen levert dit libbendige doarpsgesichten op. De bebouwing oan de oare as fan de Petsleat is folle losser.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © Hendrik van Kampen

Webshop

Mogelijk hebben de volgende produkten uit onze webshop ook uw interesse. Deze produkten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Categorie: historische-kaarten

Weststellingwerf in de atlas van Eekhoff

Weststellingwerf in de atlas van Eekhoff


Categorie: historische-kaarten

Weststellingwerf in de atlas van Schotanus

Weststellingwerf in de atlas van Schotanus


Categorie: historische-kaarten

Kaart van de Groote en provinciale Communicatien met dedaar op zich bevindende B

Kaart van de Groote en provinciale Communicatien met dedaar op zich bevindende B


Categorie: historische-kaarten

Kaart van de provincie Friesland uit 1847

Kaart van de provincie Friesland uit 1847


Categorie: historische-kaarten

Situatietekening van de rivier De Linde

Situatietekening van de rivier De Linde


Categorie:

Nieuwe encyclopedie van Fryslân

Nieuwe encyclopedie van Fryslân

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vier

... lees meer

Prijs: € 125,00