Alles oer Nijhuzum
FrieslandWonderland
NederlandsFriesDuitsEngels

Alles oer Nijhuzum


Deel:

-

-

Nijhuzum

Nijhuzum

Nijhuzum is mei sa`n tritich ynwenners ien fan de lytste doarpkes fan de gemeente Súdwest Fryslân. It streekdoarp leit sa`n twa kilometer eastlik fan Warkum deunby de Flakke Brekken.

Skiednis
Nijhuzum is fan âlds in agrarysk doarp. It byld en de sfear fan it plak wurde karakterisearre troch in lint fan pleatsen yn in soad grien. Itselde jildt foar de doarpsstrjitte dy`t omseame wurdt troch machtige kastanjebeammen.

Nijhuzum is in echt lanlik doarp, mei as wichtichste boarne fan ynkommen de melkfeehâlderijen, dêr`t in part fan ek op de rekreative toer giet. Om't it sa bysûnder lanlik flakby de Brekken leit mei oansluting op de Fluezen is dat goed te ferklearjen.

Bysûnderheden
Bysûnderheden hat it doarp amper. Of it soe it allyksa lytse, lege en fan giele stien mitsele tsjerkje wêze moatte, dat yn it grien beskûle leit. Krekt bûten it doarp stiet de Monnikenburenmûnen. Dy spinnekopmûne is yn 2008 restaurearre en stiet op de monumintelist.

Wenje en libje
Lykas de oare lytse doarpkes yn de Súdwesthoeke fan Fryslân is Nijhuzum foar syn foarsjennings oanwiisd op de gruttere plakken tichteby, benammen op Warkum en Boalsert. It doarp leit oan in dearinnende dyk en is mei twa koartlyn oanleine fytspaden goed ûntsletten. Sa kin men út Nijhuzum wei bygelyks mei de fyts(pont) nei De Gaastmar.

© Gemeente Sudwest Fryslân

Histoarje fan Nijhuzum

Nijhuzum is in lyts streekdoarp mei in eigen sfear. De frij lytse streek wurdt yn it noarden fuortset mei ferspraat lizzende buorkerijen yn de Mûntsebuorrenpolder oant en mei de buorkerij De Klompen. It leechlizzende doarpsgebiet leit opsletten yn it wetter, de Flakke Brekken en de Grûns yn it easten, de Lange Fliet yn it suden en de Warkumer Trekfeart yn it westen. It doarp is allinne troch in dyk rjochting Warkum ûntsletten. Boppedat rint de spoardyk Snits-Starum oer it doarpsgebiet.

De bysûndere sfear fan it lytse doarp komt net allinne troch de grutte buorkerijen dy’t de streek dominearje. De skepper fan ambiânse is foaral it beammeguod. De doarpsstrjitte is omseame mei machtige kastanjes en ek de boerehiemen en huzen binne ryklik bedield mei beammen. Oarsaak is it feit dat in pear pleatsen net goed oriïntearre binne en de molkenkelder op it suden ha. Foar it kuoljen yn waarme simmers binne de skermen fan beammen foar de pleatsen plante.

Ek it lytse tsjerkje is diels ferskûle yn ‘e beammen. De uterst sobere tsjerke is fan giele stien boud, hat oan ‘e noardkant in bline muorre en is oan ‘e súdkant iepene mei rûnbôgefinsters. Op de westgevel stiet in lytse houten toer. It doarp hearde oant foar koart by de gemeente Wymbritseradiel en de tsjerklike gemeente ek: dy wie ferienige mei dy fan Aldegea, Idzegea en Sânfurd.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © Hendrik van Kampen

Webshop

Mogelijk hebben de volgende produkten uit onze webshop ook uw interesse. Deze produkten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Categorie: boeken

Nijhuizum

Nijhuizum

Frieslands kleinste kerk.

Net ten oosten van Workum ligt verscholen in het landschap de ‘boerebuorren Nijhúzum’. In dit eeuwenoude dorpje dat omringd is door water en landerijen staat Friesla

... lees meer

Prijs: € 17,50


Categorie:

Nieuwe encyclopedie van Fryslân

Nieuwe encyclopedie van Fryslân

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vier

... lees meer

Prijs: € 125,00