Alles oer Toppenhuzen
FrieslandWonderland
NederlandsFriesDuitsEngels

Alles oer Toppenhuzen


Deel:

-

-

Toppenhuzen

Toppenhuzen

In ieuwenâlde leginde fertelt oer it ûntstean fan de doarpen Toppenhuzen en Twellingea. Ea hawwe dêr trije reuzen wenne, sa beweart de fertelling. Broer, Douwe en Jarich. De trije bruorren wiene sa grut as de tsjerketoer fan Toppenhuzen. Neffens it ferhaal hawwe se alle trije har oanpart hân yn it graven fan de trije fearten dy`t by de doarpen lâns streame. De nammen Broeresleat, Douwesleat en Jarichsleat binne it bewiis.

Skiednis
Toppenhuzen en Twellingea foarmje in twillingdoarp. Beide doarpen telle tegearre goed sechtjinhûndert ynwenners. Toppenhuzen en Twellingea wurde faak yn ien azem Top en Twel neamd. De doarpen binne boud by de feart It Ges lâns. Se binne ûntstien om it jier 1000 hinne.

Eartiids wennen hjir foaral boeren. Foar har wie de feart wichtich om mei de boat de healannen berikke te kinnen. Ek de fiskerij en de skipfeart spilen yn de begjinjierren in wichtige rol yn de groei fan it doarp. Nei de Twadde Wrâldoarloch ûntstie in nije bedriuwstûke, nammentlik de rekreaasjesektor. De goede (far)ferbiningen mei de Snitsermar en oare Fryske wettersportgebieten hawwe it karakteristike streekdoarp de lêste desennia in flinke ympuls jûn.

Bysûnderheden
Beide doarpen hawwe in herfoarme tsjerke. De yn 1993 renovearre tsjerke fan Twellingea wurdt ek foar kulturele aktiviteiten brûkt. Fierder stiet yn Toppenhuzen-Twellingea in keunstwurk dat ferwiist nei de leginde fan de trije reuzebruorren. It keunstwurk krige net om `e nocht de namme De trije Bruorren.

Wenje en libje
Troch it toeristyske karakter binne yn de beide doarpen folop hoarekafasiliteiten te finen. Kafees, restaurants, apparteminten, kampearplakken, boateferhierbedriuwen en ferskate winkelfoarsjennings. De middenstân is hjir noch folop oanwêzich. Ynwenners kinne foar de deistige boadskippen terjochte by de bakker, slachter, supermerk, griente- en tsiisboer.

Yn Toppenhuzen stiet multyfunksjoneel sintrum It Harspit mei dêrneist in sportfjildekompleks. De tennis- en fuotbalferiening beskikke oer moderne akkommodaasjes. It Harspit is it wichtichste sintrum foar it ferieningslibben. It gebou biedt romte oan in kristlike basisskoalle, sportseal, romten foar muzyk, dûns, toaniel, gearkomsten en in bank.

© Gemeente Sudwest Fryslân

Histoarje fan Toppenhuzen

Toppenhuzen is, krekt lyk as Twellingea fan oarsprong in feartdoarp oan it Ges yn it leechlizzende lân súdeastlik fan Snits. It is om it jier 1000 hinne ûntstien. Op de kaart fan Schotanus út 1716 stiet de losse bebouwing foaral by de westkant fan It Ges lâns; yn ‘e midden, by in bocht stiet de tsjerke.

De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “het eerste Dorp in rang onder de Buitendykster Dorpen [...] ligt aan eene Oude Vaart, die uit de Houkevaart naar Uitwellingerga loopt: ter weerszyden van deeze vaart heeft men de meeste huizen en plaatsen, die onder dit Dorp behooren; terwyl zich de landeryen Noordwaarts uitstrekken tot aan de gerechtigheid van Sneek; Westwaards, alwaar de vaart naar Langweer doorvloeit, en ook de Witte en Zwarte Brekken gelegen zyn, tot aan het Kruiswater of de Jouwster vaart, en Zuidwaarts tot aan de landen van Uitwellingerga. [...] Weleer had men hier twee Staten of Stinzen, met naame Sjaarda Stins, en dat van een zekeren Pier Foppes.” De Sjaarda of Sjaardema stins hat by de tsjerke oan de oare kant fan It Ges stien.

De hjoeddeiske tsjerke is boud yn 1695 yn opdracht fan grytman D.G. van Burmania. It is in sealtsjerke mei in trijekantige sluting dy’t yn 1834 hersteld is en wêrby’t yn 1817 in toer yn trije segminten mei in ynsnuorre spits oplutsen is.
Op de kaart yn de Eekhoff-atlas út 1851 is it doarp amper feroare, al leit der westlik fan de bebouwing in kronkelich paad. Oer lân rekke it doarp pas echt ûntsluten doe’t yn 1866-1868 westlik fan en sawat parallel oan de feart, de dyk Snits-Twellingea oanlein waard. Der ûntwikkele him oan wjerskanten fan dizze dyk bebouwing fan benammen frijsteande wenningen. Oan de oriïntaasje fan de oan It Ges steande agraryske bebouwing is te sjen dat it doarp yn eardere tiid op dizze feart rjochte wie. Westlik fan de Tsjerkebuorren is nei de Twadde Wrâldoarloch flink wat wenningbou ta stân kommen, foar in grut part folkshúsfesting.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © FrieslandWonderland

Webshop

Mogelijk hebben de volgende produkten uit onze webshop ook uw interesse. Deze produkten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Categorie: historische-kaarten

Wymbritseradeel in de atlas van Eekhoff

Wymbritseradeel in de atlas van Eekhoff


Categorie: historische-kaarten

Wymbritseradeel in de atlas van Schotanus

Wymbritseradeel in de atlas van Schotanus


Categorie: historische-kaarten

Kaart van de Groote en provinciale Communicatien met dedaar op zich bevindende B

Kaart van de Groote en provinciale Communicatien met dedaar op zich bevindende B


Categorie: historische-kaarten

Kaart van de provincie Friesland uit 1847

Kaart van de provincie Friesland uit 1847


Categorie: historische-kaarten

Ontwerp tracé straatweg Akkrum-Joure-Lemmer

Ontwerp tracé straatweg Akkrum-Joure-Lemmer


Categorie: historische-kaarten

Vaarwater der hardzeilpartij te sneek

Vaarwater der hardzeilpartij te sneek


Categorie:

Nieuwe encyclopedie van Fryslân

Nieuwe encyclopedie van Fryslân

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vier

... lees meer

Prijs: € 125,00