Alles wat jo witte wolle oer Fryslân
FrieslandWonderland
NederlandsFriesDuitsEngels

Alles wat jo witte wolle oer Fryslân


Deel:

-

-

FrieslandWonderland: it DNA fan Fryslân! - FrieslandWonderland is bedoeld foar elkenien dy’t " wat mei Fryslân hat": besikers, ynwenners en Friezen om útens, professionals en amateurs, non-profit ynstellingen en bedriuwslibben.

FrieslandWonderland is yn de earste plak in online paadwizer. Meitsje fan efter jo buro, fanút jo luie stoel of wêr’t jo ek binne in firtuele ûntdekkingstocht troch Fryslân. In ideale manier foar in earste yn’e kunde komme mei Fryslân! Mar ek as jo Fryslân al wat better kinne, sille jo op dizze site ûntdekke dat Fryslân noch folle mear moais foar jo yn’t fet hat. En sels as jo yn Fryslân wenje of Frysk " om útens" binne: Yn FrieslandWonderland ûntdutsen jo saken oer jo (eardere) wenkrite dy’t jo nea witten ha.

Utsein in boarne fan ynfoarmaasje is FrieslandWonderland ek in platfoarm wêrop jo as organisaasje of as partikulier, ynformaasje kwyt kinne. Wy noegje elkenien fan herte út om mei te wurkjen oan it fierder útbouwen fan FrieslandWonderland. Hawwe jo oanfollingen, ferbetteringen, foto’s, ideeën en/ of materiaal foar nije tema’s? Lit it us witte! Oant beslút kin FrieslandWonderland in oantal nijsgjirrige saaklike tapassingen. Binne jo aktyf as ûndernimmer yn de toeristyske sektor? Hâldt jo, jo dwaande mei de promoasje fan jo stêd, doarp of regio? Is, mear yn’t algemien, regio-ynfoarmaasje wichtich foar jo klanten? FrieslandWonderland biedt jo nijsgjirrige mooglikheden om jo yn jo missy te stypjen.