Memmepolder Tsjom en omjouwing
NederlandsDuitsEngels

Memmepolder Tsjom en omjouwing


Deel:

-

-

Doarpen en stêden yn dit gebiet

BaaiumFrjentsjerHitsumIensKûbaardLollumSpannumTsjomWaaksensWinsumWjelsrypWommels

Memmepolder Tsjom en omjouwing

Memmepolder Tsjom en omjouwing

Yn Westergoa, it gebiet westlik fan de eardere Middelsee, lizze de âldste diken fan Nederlân. De earste dykjes waarden oanlein om in inkelde pleats en de dêrby hearrende ikkers hinne. Fan om ende by 900 ôf waarden ringdiken opsmiten om hieltyd gruttere gebieten hinne: de saneamde ’memmepolders’. Dêrwei waard de rest fan it lân bedike.

It gebiet om Tsjom hinne is ien fan de fjouwer memmepolders fan Westergoa. Dy leit yn de streek tusken Frjentsjer en Wommels, neffens in protte minsken it moaiste en meast karakteristike stikje Fryslân. En it moat sein wurde: it lânskip dêr is om stil fan te wurden! Prachtige fiergesichten, leaflike terpdoarpkes, âlde diken, molens...

It gehiel wurdt kompletearre troch Frjentsjer, ien fan de rûnom bekende Fryske Alve Stêden en yn it ferline de twadde stêd yn Nederlân dêr’t in universiteit stichte waard.

Tekst: © FrieslandWonderland • Foto: © FrieslandWonderland

Webshop

Mogelijk hebben de volgende producten uit onze webshop ook uw interesse. Deze producten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.