Alles oer Breesândyk
NederlandsDuitsEngels
Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Aanbieding: Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.0000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!

| Prijs inclusief verzenden: € 29,90

Alles oer Breesândyk


Deel:

-

-

Breesândyk

Breesândyk

Koarnwertersân en Breesândyk hawwe in bysûndere en koarte skiednis. Se binne stichte as wurkeilannen foar de oanlis fan de Ôfslútdyk. Koarnwertersân is no foaral bekend fanwege syn kazematten. Dy ferdigeningswurken lûke jierliks mear as tolvetûzen besikers nei it doarp. By elkoar telle de doarpen mar fjirtjin huzen en tritich ynwenners. Breesândyk wurdt in doarp neamd omdat dat ea administratyf makliker wie. It is tsjintwurdich ien gebou en in kemping dy`t populêr is by de sportfiskers.

Skiednis
Koarnwertersân en Breesândyk wurde ek wol de Ôfslútdykdoarpen neamd. Se bringe de oanlis fan de dyk tusken 1928 en 1932 wer yn it omtinken. Koarnwertersân telde yn dy jierren in pear hûndert ynwenners. De measten wiene belutsen by de oanlis fan de Suderseewurken. wa`t net sels oan de dyk wurke, fersoarge de mannen dy`t dat wol diene en har famyljes. Sa wie der yn Koarnwertersân in sikebarak mei in dokter en ferpleechkundige, in skoaltsje en in winkel. Ek stie op it wurkeilân in houten hotel en hie it sawol in protestantske as katolike tsjerke.

Op Koarnwertersân waard in kompleks fan skut- en spuisluzen oanlein, oanfolle mei binnen- en foarhavens. Om dat kompleks en de Ôfslútdyk te beskermjen, waard fan 1931 ôf ek de saneamde stelling Koarnwertersân realisearre. Dat ferdigeningswurk bestie út ferskate kazematten. Yn de tiid fan de besetting wreiden de Dútsers de stelling út. Der is yn de oarloch ek flink fochten. Dêrby sneuvele it houten hotel. Ek in tal huzen moast it fjild romje. Se stiene yn it sjitfjild.

Bysûnderheden
De sluzen fan Koarnwertersân binne neamd nei professor Hendrik Antoon Lorentz, mar ûntwurpen troch yngenieur Dirk Roosenburg. As foarbylden fan Nederlânsk wettermanagement binne se foar bûtenlanners in bysûnderheid. Mar as geve foarbylden fan bouwen yn wapene beton binne se ek de muoite wurdich foar besikers mei ynteresse foar boukunde.

It Kazemattemuseum fertelt de skiednis fan de ferdigeningswurken. It bestiet út fiif kazematten, in Dútsk wachtlokaal, in Dútske bunker, in aggregaat-kazemat en in besikerssintrum. Besikers krije dêr in byld fan hoe`t it libben yn de kazematten west hawwe moat. Dêrneist jout it museum in soad eftergrûnynformaasje, bygelyks oer de gefjochten by de stelling en de flucht fan de Lockheed Hudson dy`t flak by Koarnwertersân delstoarte.

Wenje en libje
Noch altyd binne de ynwenners fan Koarnwertersân foar it grutste part wurksum yn it behear fan it wetterpeil fan de Iselmar. It lytse doarp is net mear selsfoarsjennend. De ynwenners meitsje gebrûk fan de foarsjennings yn Harns.

© Gemeente Sudwest Fryslân

Histoarje fan Breesândyk

De Ôfslútdykdoarpen binne de jongste fan de gemeente Wûnseradiel. Mei in bytsje goede wil kin Koarnwertersân romtelik en maatskiplik noch wol in doarp neamd wurde. Breesândyk net, mar it koe om administrative reden dizze status better wol krije. De bewenners fan Koarnwertersân en Breesândyk binne wurksum oan de dyk en by de slûzen. Beide doarpen binne ûntstien op wurkeilannen fan wêr ‘t de Ôfslútdyk út oanlein is.

Op Koarnwertersân is in dûbele skutslûs mei binne- en foarhavens en in rige fan twa kear fiif spuislûzen mei spuihavens. Dit kompleks fan skut- en spuislûzen waard boud tusken 1928 en 1932. De slûzen binne neamd nei prof. Hendrik Antoon Lorentz. De spuislûzen binne boud nei in ûntwerp fan Dirk Roosenburg, estetysk adviseur fan Bureau Zuiderzeewerken. Se binne in geef foarbyld fan it bouwen yn wapene beton. Foar it ferdigenjen fan de dyk en de slûzen waarden fan maaie 1931 ôf ferskate kazematten boud, de saneamde stelling Kornwerderzand.

Doe’t de dyk oanlein waard ûntstie op it eilân fan om-ende-by 30 ha. In doarp fan in pear hûndert ynwenners. De measten hienen te krijen mei de Suderseewurken, mar der kamen ek minsken te wenjen dy ‘t bgl. nedich wienen foar de fersoarging. Sy setten har ek te wenjen yn de buert fan de slûs. It wie in isolearre mienskip, sûnder alderhande komfort. Stroom waard dan wol opwekt troch in âlde diselmotor, mar der wie gjin telefoanferkear mooglik, Der wie in sikebarak mei in dokter en in ferpleechster, in skoaltsje en in winkel (anneks postkantoar en kapper), dêr ‘t alle dagen itensguod en oare libbensmiddels oanfierd waarden. Der waarden in katolike en in protestantske tsjerke boud, in benzinestasjon en in houten hotel. Om 1928 hinne kamen der huzen foar it slûspersoniel.

Yn de besettingstiid waard de stelling troch de Dútsers útwreide mei in oantal kazematten. Koarnwertersân kaam de oarloch net skeafrij troch. Sa is it houten hotel y n 1940 ôfbrând en waarden inkele huzen fan it slûspersoniel ôfbrutsen omdat se yn it skoatsfjild stienen. De skea is letter ferholpen. Breesândyk is in wurkeilân mei in haven oan de kant fan de Iselmar; by ‘t simmerdei wurdt it op in grôtfolle kamping befolke mei sportfiskers.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © Peter Karstkarel

Webshop

Mogelijk hebben de volgende producten uit onze webshop ook uw interesse. Deze producten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.