Alles oer Damwâld
NederlandsDuitsEngels
Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Aanbieding: Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.0000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!

| Prijs inclusief verzenden: € 29,90

Alles oer Damwâld


Deel:

-

-

Histoarje fan Damwâld

Damwâld

Damwâld, it haadplak fan de gemeente Dantumadiel, is yn 1971 ûntstien troch it gearfoegjen fan de fan west nei east op mekoar folgjende streekdoarpen Ikkerwâld, Moarrewâld en Damwâld, dy ‘t op dat stuit al hielendal oan mekoar groeid wienen. De trije kearnen fan Damwâld ûnstienen by in east-west rinnende midsieuske bewennings-as lâns, de Voorweg. Fan dêrút waard it gebiet ûntgind. Mooglik ha wat noardliker noch âldere ûntginningsgebieten lein, de Achterweg fan Ikkerwâld wiist der wol wat op. It binne dan ek karakteristike streek- of dyksdoarpen, mei-elkoar mei in lingte fan sa ‘n fjouwer kilometer.

De bebouwing fan de trije doarpen is fan de twadde helte fan de 19e ieu ôf nochal wat tichter beboud wurden en is fierder bylâns de Voorweg grutter en langer wurden. It gefolch wie dat de doarpen tsjin elkoar oan kamen te lizzen. Boppedat kaam fan dy tiid ôf yn Moarrewâld by de Murmerlaan (Hoofdweg) lâns ek bebouwing ta stân. Dizze belangrike rûte nei Dokkum krige yn 1880 selskip fan de earste trambaan yn Fryslân: in hynstetram. Oan dit krúspunt waard yn 1881 dan ek in gemeentehûs boud. Foar wat bedriuwichheid waard it dêr in geskikt festigingsplak. It ynearsten tinst befolke doarp fan de trije koe sadwaande útgroeie ta in flink krúsdoarp. Hoewol ‘t it gemeentehûs nei de ferskillende kearen ferboude, mar wol deftige Rinsmastate yn Driezum ferhuze, sette de ûntwikkeling nei de twadde wrâldoarloch sterk troch. Krekt op it tiidstip fan de millenniumwende kaam it gemeentehûs by it krúspunt werom, efter it âlde gemeentehûs en de midsieuske tsjerke. Ikkerwâld en Damwâld ha minder dynamyske ûntwikkelings ûndergien en fertoane noch altyd de karakteristiken fan streekdoarpen.

It âldste gebou fan it eardere Damwâld is de Beenedictustsjerke. Sy datearret út de 12e ieu en dy hege âlderdom is te sjen oan de sterk bûgde, dowestiennen súdmuorre mei grutte sparfjilden en oan de boppekant in keperfries. Ek de sealdaktoer befettet in soad dowestien, mar lykwols is de toer net mear romaansk. It ynterieur besit in rokoko preekstoel (1777) mei in fraaie koperen lessener. It oargel is yn 1777 troch Albertus Anthoni Hinsz boud. Ferwûnderlik binne de muorreskilderings út it lêste jier fan de 16e ieu: bibelteksten yn de folkstaal, fette yn grutte rolwurk-cartouches. Even mear nei it westen stiet oan de oare kant fan de Voorweg Plantenhove. Yn 1906 boud yn in elegante fernijingsstyl foar in notaris. Yn 1912 lei de ferneamde Leonard Springer dêr in nije tún oan yn strakke geometryske styl. Plantenhove is no in konferinsjesoard. Wer wat westliker stiet yn it beamteguod de sobere Fermanje út 1767. By de Voorweg lâns stiet royaal situearre frijsteande bebouwing, sa as 19e-ieuske buorkerijen, wâldhúskes en wat jongere rinteniers- en boargerswenningen. Oan de krúsende wegen fan it eardere Moarrewâld stean plezierich eagjende, frijsteande huzen, mei namme út de earste tritich jier fan de 20e ieu. Op en yn de buert fan de krusing rize de belangrykste gebouwen op. Op de hoeke kaam yn 1881 it troch gemeente-arsjitekt J.W. Duijff ûntwurpen nije, kloeke gemeentehûs mei in middenpartij mei trepstoepe-portyk en balkon en omlistings yn sierpleister. De seisrútsfinsters ha noch skobbe blinen persiennes. Dêrnjonken is yn itselde jier herberch “De Kruisweg” boud, dy ‘t ek as tramhalte fan de âlde tramlyn tsjinne. Hjir waarden de hynders fan de tram stâle. Letter binne glês-yn-lead en strielde rúten yn art nouveau-styl oanbrocht en oan de súdkant kaam in tradisjoneel oerdutsen feranda.

It âldste bouwurk fan dizze doarpskearn is de wat westliker steande Bonifatiustsjerke út begjin 13e ieu. It is ien fan de âldste bakstiennen tsjerken fan Fryslân. De muorreyndieling fan sparfjilden mei rûnbôchjes en lytse finsters is romaansk. Tsjin de noardkant oan is yn 1914 in dwersbeuk pleatst. Boppe-yn de sealdaktoer binne klimmende friezen te sjen. De herfoarme tsjerke fan it eardere Ikkerwâld is yn 1850 fernijd yn de trant fan de neoklassicistyske rûnbôgestyl. It tuorke hie yn ‘t earstoan in spits, de iepenwurke lantearne datearret út de tweintiger jierren. Oan de Achterweg falle de bedriuwsgebouwen fan de fan 1899 oant 1969 aktive suvelfabryk “De Dokkumer Wâlden en omkriten” op.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © FrieslandWonderland

Webshop

Mogelijk hebben de volgende produkten uit onze webshop ook uw interesse. Deze produkten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Dantumadeel in de atlas van Eekhoff

Dantumadeel in de atlas van Eekhoff

Dantumadeel in de atlas van Schotanus

Dantumadeel in de atlas van Schotanus