Alles oer Hommerts
NederlandsDuitsEngels
Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Aanbieding: Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.0000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!

| Prijs inclusief verzenden: € 29,90

Alles oer Hommerts


Deel:

-

-

Hommerts

Hommerts

De Hommerts en buordoarp Jutryp foarmje in twalingdoarp. Tegearre hawwe se in lytse tûzen ynwenners. De Hommerts-Jutryp lizze as in lint by de provinsjale wei lâns tusken Snits en De Lemmer.

Skiednis
De Hommerts (sa'n sânhûndert ynwenners) is in langhalich streekdoarp. It is yn de midsieuwen ûntstien by it wetter it Far lâns. doe`t de ryksstrjitwei fan Snits nei De Lemmer yn 1843 oanlein waard, oriïntearre de bebouwing him op de wei. Foar dy tiid wiene De Hommerts en Jutryp hielendal op it ferfier oer it wetter oanwiisd. Yn it doarp stiet in grut tal pleatsen.

Bysûnderheden
De herfoarme tsjerke yn De Hommerts stiet op de monumintelist. De spits fan de toer is healwei de tachtiger jierren twa keap opknapt. In jier nei de earste opknapbeurt sloech it wjerljocht yn de toer. De klok yn ’e toer út 1624 waard behâlden. Op 4 maaie 1988 waard by de tsjerke in tinkteken ûntbleate as oantinken oan de oarlochsslachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch.

Sûnt 1997 hat De Hommerts in keunstherberch, dêr`t regelmjittich eksposysjes hâlden wurde. Foar de natuerleafhawwers is, oan de Brekken, troch Steatsboskbehear in besmoute fûgelobservaasjehutte pleatst.

Wenje en libje
De Hommerts-Jutryp hat goede doarpsfoarsjennings. De Van Haersma Buma basisskoalle, doarpshûs Oan it Far, sportfjilden en in iisbaan. Doarpshûs Oan it Far biedt romte oan sawol it ferieningslibben as de sportferienings. It doarpshûs is yn 1998 deugdlik ferboud. Ek hat it doarp in kafee en restaurant, fêstige yn in ferboude pleats.

Toeristen en rekreanten binne ek wolkom yn De Hommerts-Jutryp. Neist in fakânsjesintrum yn it lanlik gebiet hat it doarp in jachthaven. Foar de wettersportleafhawwers biede de Wite en de Swarte Brekken in soad farplezier.
It bedriuwslibben ûntwikkelet him folop. In soad bedriuwen fêstigje har op it nije bedriuweterrein oan de Jeltesleat. De Jeltesleat foarmet in wichtige skeakel tusken it marregebiet yn sintraal Fryslân en de Súdwesthoeke.

© Gemeente Sudwest Fryslân

Histoarje fan Hommerts

Hommerts is in lang útrekt streekdoarp dat yn ‘e lette Midsieuwen ûntstien is as wetterdoarp. De bebouwing fan de streek kaam foaral oan de westlike kant fan de feart, it Far. Sûnt de oanlis fan de ryksstrjitwei fan Snits nei De Lemmer yn 1843 oan ‘e eastkant fan it wetter hat it doarp geandewei in draai makke fan 180 graden en hat him sadwaande ta in dyksdoarp ûntwikkele. Op de gritenijkaarten yn de atlassen fan Schotanus en Eekhoff út 1716 en 1851is dit proses sichtber.

Begjin 18e ieu is alle, foaral agraryske bebouwing mei opfearten noch rjochte op it ûnregelmjittich meänderjende Far. Dizze hat ek fearten nei it easten ta as ferbinings mei de Easter Wimerts foar de ferbining mei Snits yn it noarden en it marregebiet yn it suden. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: ” een groot Dorp, ten Oosten grenzende aan Uitwellingerga en de Oude Weg, die ‘t zelve van Doniawerstal scheidt; ten Zuiden aan de Jelte Sloot, waar door het van dezelfde Grieteny gescheiden wordt, en ten Westen aan de Wester-Wymerts, scheidende de landen deezes Dorps van die van Heeg. Dit dorp bevat 41 stemmende plaatsen, alle gelegen ten Noorden en ten Zuiden der Kerk, waar onder ook behoort het buurtje Lippenwoude [...]. Weleer lag hier, niet verre van de Kerk, Hettinga Stins, en op den wal van de Jelte Sloot, Okma State”.

Utsein de tsjerke bleau de bebouwing yn it earstoan foaral beheind ta de westkant fan ‘e dyk. Mar yn de 20e ieu is hjir en dêr ek oan ‘e oare kant wat bebouwing ta stân kommen. Súdlik fan ‘e tsjerke is yn 1849 de ryddyk nei Osingahuzen en Heech oanlein; in komfoarming is der nea fan kommen. Lippenwâlde by de Jeltesleat is noch altyd in apart buorskip.

De herfoarme tsjerke is in yn 1876 troch P. De Jong ûntwurpen sealtsjerke yn fersoarge mingstyl mei in trijekantige sluting en in kloeke, heal ynboude toer fan fjouwer segminten mei in ynsnuorre spits mei frontons

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © FrieslandWonderland

Webshop

Mogelijk hebben de volgende produkten uit onze webshop ook uw interesse. Deze produkten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Wymbritseradeel in de atlas van Eekhoff

Wymbritseradeel in de atlas van Eekhoff

Wymbritseradeel in de atlas van Schotanus

Wymbritseradeel in de atlas van Schotanus