Alles oer Skuzum
NederlandsDuitsEngels

Alles oer Skuzum


Deel:

-

-

Skuzum

Skuzum

Nettsjinsteande it feit dat Skuzum mar fjirtich huzen telt, is it in libben doarp. Bewust kieze de goed hûndert ynwenners der foar dat huzen brûkt wurde as fakânsjewente. Sa komme se tefoaren dat Skuzum in spoekdoarp wurdt.

Skiednis
Skuzum leit krekt ûnder Makkum op noch gjin kilometer ôfstân fan de Iselmar. Lânbou spilet in wichtige rol yn de doarpsskiednis. Skuzum waard lange tiid priizge om syn jirpelteelt. De grûn om it doarp hinne wie tige fruchtber. Dat hie alles te krijen mei it Flie, in wetterloop dy`t út de Flevomar wei by it doarp lâns gie. By oerstreamingen bleau in fruchtbere laach op it lân efter. Dêr diene de lânbouwers har foardiel mei.

Skuzum hat in soad nammen hân. Sa is der yn de literatuer sprake fan Ytsingahusum en Idsingahusen. Ynwenners neame har doarp sels Skuzum. Ieuwenlang wie it doarp dreech te berikken. Earst nei it droechlizzen fan de Makkumermar (1879) koene ynwenners har wenplak oer lân berikke.

Wenje en libje
Al yn de 17e ieu hie it doarp in eigen skoaltsje. De bern krigen allinne yn de winter les, want de skoalmasters wiene boeren dy`t simmers op de pleats wurken. Hjoed-de-dei giet de jeugd yn Makkum nei skoalle. Yn dat doarp wurde ek de deistige boadskippen dien. Jierliks organisearret feestkommisje Oer twa Brêgen aktiviteiten foar de doarpsbewenners en de buorlju fan Piaam. Doarpshûs De Treffer, dat yn septimber 2010 feestlik op `e nij iepene waard, is it moetingsplak fan Skuzum.

© Gemeente Sudwest Fryslân

Histoarje fan Skuzum

Skuzum leit súdlik fan Makkum op noch gjin kilometer fan de kust ôf. It lytse terpdoarp leit mids benammen greiden. By de eardere seedyk is noch wat ikkerbou, dêr’t eartiids lytsskalige bou fan ûnder mear jirpels en gladioalen in spesjaliteit wie. Om 1270 hinne komt it doarp foar it earst foar yn de boarnen as Ytsingahusum, in goed ieu letter is it: Idsingahusen. Sa binne der noch in pear farianten en kin der betizing ûntstean mei Jiskenhuzen yn Skarsterlân, it eardere Doniawerstal.

Ieuwenlang wie it doarp oer lân allinne fan de seedyk ôf te berikken, mar sûnt it droechlizzen fan de Makkumer Mar yn 1876-1879 yn it easten is Skuzum oer de Brekkerweg troch de polder mei Allingawier en it fierdere efterlân ferbûn.

De doarpsgerjochtichheid rikte destiids fier nei it noarden en de súdlike bebouwing fan Makkum om de Lytse Sylroede hinne hearde, kompleet mei grutte bedriuwen as in hout- en papiermûne, by Skuzum. De koarte doarpsfeart fiert nei de Lytse Sylroede en nei Makkum: foar it droechlizzen fan de Makkumer Mar fan grutte betsjutting foar it skipfeartferkear.

Om de tsjerke hinne is in buorren groeid dêr’t de pastorije in oandachtspunt foarmet. It is in karakteristike middengongwenning mei pilasters neist de yngongspartij en midden op it dak in kajút mei sierrântsjes. Fierder binne oan wjerskanten fan de doarpsstrjitte en inkele sydpaden wat wenningen, hokken en skuorren te finen. De rânen fan de doarpskom binne wer omseame troch buorkerijen, inkele mei in flinke omfang. In kop-hals-rompbuorkerij mei in ljocht stukadoare front is dêr it meast opfallende fan.

De tsjerke is it middelpunt fan Skuzum. Se is yn 1870 boud op it plak fan âldere foargongsters. De hjoeddeiske tsjerke hat op it westlike front in navenant kloeke houten toer mei in ynsnuorre, achtkantige spits. De sealtsjerke is oan de foarkant iepene mei in doar mei in healrûn boppeljocht, flankearre troch twa healrûne finsters. It tsjerkeskip hat grutte, rûnsletten finsters. Al mei al is it in sober, mar evenwichtich gehiel; in karaktertrek dy’t it doarp as gehiel past.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © Marica van der Meer

Webshop

Mogelijk hebben de volgende producten uit onze webshop ook uw interesse. Deze producten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Gemeente Wonseradeel in de atlas van Eekhoff

Gemeente Wonseradeel in de atlas van Eekhoff

Wonseradeel in de atlas van Schotanus

Wonseradeel in de atlas van Schotanus