Alles oer Pepergea
NederlandsDuitsEngels

Alles oer Pepergea


Deel:

-

-

Histoarje fan Pepergea

Pepergea

Pepergea is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is oan de Binnenweg fan Oldemarkt nei Noardwâlde, in ûntwikkelingsas dêr’t ek Blesdike, Steggerda en Finkegea oan ûntwikkele binne. Op de kaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet Pepergea tekene as in lange útstrekte streek mei allinne bebouwing oan de noardkant fan de wei mei yn it suden, sawat yn ‘e midden fan it doarp, de tsjerke.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 meld: “insgelyks aan den gemelden Kerkweg, ten Westen van ‘t voorige [Steggerda]. De Kerk heeft hier een welgebouwden kloktoren, en staat aan den Zuidkant van den rydweg, terwyl men de huizen aan den Noordkant in ‘t geboomte vindt. [...] De landen van dit Dorp zyn tegen ‘t overvloeien der Linde bedykt; terwyl deeze stroom, hooger Noordoostwaards op, ten Zuiden van Oldeholtpade, door het zoogenaamde Hille- of Linde Verlaat, wordt afgeslooten, om het water, vooral des Zomers, zo ten dienste der hooge streeken, als der Turfschepen, die van Noordwolde en Finkega komen [...]. De landen hiertoe behoorende, komen met die der nabuurige Dorpen in aard overeen.”

Op de kaart yn de atlas fan Eekhoff út 1850 is te sjen dat de healannen by de Linde troch it ferfeanjen alhiel fergroeven wienen. De ryksstrjitwei fan Ljouwert nei Swol yn 1828 makke dat der yn it westen in buert groeide, dy’t him foarme ta it doarp De Blesse. Noch gjin heale ieu letter waard de spoarwei oanlein en krige Pepergea in stopplak (1870) en dêr by in kafee. Sadwaande waard it doarp yn twa parten ferdield, wat noch fersterke waard troch de oanlis fan de autosnelwei. It westlike part wurdt no by De Blesse rekkene.

De tsjerke is noch krekt net yn de ferdrukking kommen. Dizze wie oarspronklik wijd oan Sint- Nicolaas en is yn 1810 opnij boud, wêrby’t gebrûk makke is fan stikken âld muorrewurk. De elegante let-midsieuske toer is yn 1537 ferhege mei in tredde segmint en in iepen bewurke achtkantige, bakstiennen lantearne. De pinakels op de hoeken wurde mei krúsblommen bekroand.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © Hendrik van Kampen

Webshop

Mogelijk hebben de volgende producten uit onze webshop ook uw interesse. Deze producten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Weststellingwerf in de atlas van Eekhoff

Weststellingwerf in de atlas van Eekhoff

Weststellingwerf in de atlas van Schotanus

Weststellingwerf in de atlas van Schotanus