Alles oer Sânfurd
NederlandsDuitsEngels
Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Aanbieding: Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.0000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!

| Prijs inclusief verzenden: € 29,90

Alles oer Sânfurd


Deel:

-

-

Sânfurd

Sânfurd

It doarpke Sânfurd leit oan 'e Ringwiel. It lytse doarpke telt sa`n tweintich ynwenners. Lykas Idzegea moatte de ynwenners foar har foarsjennings nei Âldegea dat deunby leit.

Skiednis
Sânfurd is in lyts terpdoarp dat yn de midsieuwen ûntstie. Op de allerearste kaart fan dat gebiet wurdt it doarp 'Zandvoort' neamd. Der stiene mar ien hûs en fiif pleatsen. Hjoed-de-dei bestiet it doarp út in tsjerke mei dêrnjonken trije huzen. Dy wenten binne yn de 19e ieu boud en goed bewarre bleaun. Oan de dyk nei de Flakke Brekken steane inkele grutte stjelpen dy`t noch by it doarp hearre.

Bysûnderheden
De tsjerke fan Sânfurd is fan 1732. In stichting dy`t troch de bewenners oprjochte is, set him yn om it lytse tsjerkje te hâlden. Yn 1998 waard it ynterieur sels hielendal fernijd. It idyllyske tsjerkje en plakje binne tige geskikt foar kulturele aktiviteiten.

Wenje en libje
Âldegea hat hiel wat foarsjennings, dêr`t se yn Sânfurd gebrûk fan meitsje. Neist in gesellige winkelstrjitte hat it doarp in kafee en in restaurant.

Yn 1983 iepene yn Âldegea multyfunksjoneel sintrum It Joo syn doarren. Dêr kinne ynwenners terjochte om te sporten yn de gimmestykseal mei tribune. Dêrneist hat it sintrum in feestseal mei poadium, klaaikeamers foar binnen- en bûtensport en in sintrale romte om elkoar te moetsjen. By It Joo leit ek it sportkompleks fan de pleatslike fuotbalferiening.

De ynwenners fan Sânfurd moatte foar it iepenbier ferfier gebrûk meitsje fan de bus.

© Gemeente Sudwest Fryslân

Histoarje fan Sânfurd

Sânfurd is in lyts terpdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is yn it midden fan it marregebiet yn it súdwesten fan de gritenij. Op de betiidste kaart fan de gritenij yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet de tsjerke fan ‘Zandvoord’ mei ien hûs oan Het Hop, in rune útrinner fan de Ringwiel. Westlik fan dizze kom stiet ien, en fierder op it skiereilân nei de Flakke Brekken lizze noch in fjouwertal pleatsen. Noardlik fan de Aldegeaster Brekken leit tusken in pear poelen de Sânfurder Ryp dy’t by it doarp hearre.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 meld: ‘Zandfirde, of Zandvoord, ook een klein waterachtig dorp […] in ’t Noorden aan de Ringwiel. In ’t Oosten heeft men een Watertje, dat den naam draagt van Gouden poel, en in ’t Westen een groot doch ondiep water, de Vlakke Brekken genaamd. In ’t Noorden van hier, over de Oudegaster Brekken, aan de poelen, op de scheidinge van Wonzeradeel, ligt het buurtje, Zandvoorder Ryp.’ De fersprate bebouwing wie allinne oer wetter ûntsletten. Op de kaart yn de atlas fan Eekhoff blykt de bebouwing yn de doarpskom tanommen en dizze is mei in lândyk oer De Band mei Aldegea ferbûn. Ek yn de Sânfurder Ryp binne mear pleatsen kommen.

It doarp bestiet út in tsjerke, inkele groepkes huzen en in pear ferspraat lizzende flinke stjelpbuorkerijen oan de dyk dy’t nei de Flakke Brekken liedt. Om de tsjerke hinne stiet in trijetal wenningen, datearjend út it ein fan de 19e ieu en yn de tuskentiid diels ferboud. Hjirtusken riist de tsjerke op. It tsjerkhou wurdt omseame troch in bûkehage mei linebeammen. De ienfâldige sealtsjerke is boud fan waarme readbrune stien. Sa’t bliken docht út de ankers yn de sletten westgevel is de tsjerke boud yn 1732. De gevels fan it skip binne yndield mei lisenen. De súdgevel is iepene mei rûnbôgefinsters. Ek de yngongspartij is rûn sletten. De houten geveltoer hat in ynsnuorre mei sink dutsen spits. It ynterieur hat in preekstoel út it midden fan de 17e ieu en in oargel.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © FrieslandWonderland

Webshop

Mogelijk hebben de volgende produkten uit onze webshop ook uw interesse. Deze produkten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Wymbritseradeel in de atlas van Eekhoff

Wymbritseradeel in de atlas van Eekhoff

Wymbritseradeel in de atlas van Schotanus

Wymbritseradeel in de atlas van Schotanus