|

Mid-Fryslân: brûzjend sintrum én oaze fan rêst

Mid-Fryslân: brûzjend sintrum én oaze fan rêst
©: Bauke Folkertsma

Tusken Ljouwert, Drachten, It Hearrenfean en Snits, de fjouwer grutste plakken fan de provinsje, leit it klopjende hert fan Fryslân. It gebiet wurdt omsletten en trochsnien troch in oantal snelwegen en spoarlinen en it Prinses Margrietkanaal. Dêrwei hawwe jo hiel Fryslân, mei al syn ôfwikseling en fariaasje, tichtby.

Mar it gebiet hat ek fan himsels mear as genôch te bieden foar in koarter of langer ferbliuw. Fanâlds spilet de wettersport dêr in belangrike rol. Grou en Earnewâld wienen de earste echte wettersportdoarpen fan de provinsje en de Snitser Mar is miskien wol de bekendste mar fan Nederlân.

Drachten, It Hearrenfean en Ljouwert rjochtsje har tsjintwurdich ek wol op de wettersport, mar hawwe folle mear ’yn ’e hûs’. Jo fine dêr in breed winkeloanbod, musea, teaters, bioskopen, kafees, restaurants, ensfh. Yn Ljouwert binne dy boppedat situearre yn in prachtige histoaryske ambiânse.

Neist de drokte op en oan it wetter en de aktiviteit yn de stêden hat it gebiet ek in hiel oar gesicht. Bûten de grutte (wettersport)sintra treffe jo in oaze fan rêst, skilderachtige doarpkes, in prachtich monumintaal lânskip en moaie natuergebieten. Hiel bysûnder is bygelyks it 500 hektare grutte natuergebiet súdlik fan Aldeboarn, De Deelen. Krekt as Nasjonaal Park De Alde Feanen (súd fan Earnewâld) is dat natuergebiet ûntstien as gefolch fan grutskalige turfwinning yn earder tiden.

Colofon

FrieslandWonderland

© Foto voorblad: Bauke Folkertsma


Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!