|

De Himmen

De Himmen
©: FrieslandWonderland

Eastlik en súd-eastlik fan Snits leit in prachtich en wiids lânskip mei ferspraat in pear terpdoarpen en ien fan de Fryske Alvestêden: Drylts. It gebiet foarmet de oergong fan it marregebiet nei de eardere Middelsee, in see-earm dy`t Fryslân djip ynkrong út it noarden wei. Hjir leit in oantal saneamde ’himpolders’ dy`t yn de tolfte en trettjinde ieu oanlein binne. Se wiene noadich om’t it gebiet nei it tichtslibjen fan de Middelsee it wetter net mear kwyt koe troch de natuerlike ôfwettering.

De hjoeddeiske bochtige wei fan Westhim, oer Drylts nei Snits folget it trassee fan de âlde Himdyk. De súdlike kant fan de Middelsee lei wat fierder nei it noarden en rûn fan Westhim nei it noard-easten, eastlik om Folsgeare hinne, westlik om Tsjalhuzum en noardlik om Turns.

Jo kinne dit moaie en ynteressante gebiet hiel goed fytsend ferkenne. En fansels ek fanôf it wetter. Drylts is fia de Wide Wimerts en de Geau ferbûn mei it Fryske marregebiet. Yn noard-westlike rjochting rint de Boalserterfeart dy`t (lykas de Geau) ûnderdiel is fan de Middelseerûte.

Colofon

FrieslandWonderland

© Foto voorblad: FrieslandWonderland


Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!