|

Omjouwing Lauwersmar

Omjouwing Lauwersmar
©: FrieslandWonderland

It Lauwersmargebiet

By de Deltawurken tinkt eltsenien daliks oan Seelân en Súd-Hollân, dêr`t yn 1953 de Wettersneedramp plakfûn. Mar de dyk dy`t de Lauwersmar skiedt fan it Waad komt ek fuort út de yn 1955 oannommen Deltawet. Dy dyk waard, nei acht jaar wurk, op 25 maaie 1969 ticht makke.

De eardere Lauwerssee, 9000 ha grut, foel foar it grutste part definityf droech. De heechste stikken waarden ynrjochte foar de lânbou en der kamen rekreative foarsjennings en in militêr oefenterrein. Mar yn it grutste part koe de natuer frij syn gong gean om him te ûntjaan. Om 1980 hinne waard útein set mei aktyf natuerbehear. De oerbliuwende 2000 ha bleau iepen wetter en foarmet sûnt in oantreklik wettersportgebiet. It hiele gebiet hat op 12 novimber 2003 de status fan 'Nationaal Park' krigen.

It Lauwersmargebiet biedt syn besikers in hiel soad mooglikheden foar in oangenaam ferbliuw. Of jo it gebiet no mei de fyts, rinnend of fan it wetter ôf ferkenne, yn alle gefallen sille jo fersteld stean fan de prachtige natuer, it ôfwikseljende lânskip, de skitterjende fiersichten en de fasjinearjende wolkeloften en sinneûndergongen. En boppe-al troch de oerweldigjende rêst, want dy hearsket hjir noch. Fansels kinne jo jo eigen fyts, kano, surfplanke of (syl)boat meinimme. Mar it hóecht net. Op meardere plakken om de mar hinne kinne jo terjochte foar it hieren fan soksoarte saken. Der binne ek mooglikheden om it gebiet te ferkennen ûnder lieding fan saakkundige gidsen.

It gebiet hat eins te folle om op te neamen. Mar in pear 'highlights' wolle we jo net ûnthâlde.

  • Iezumakeech: lânoanwinningsgebiet súdlik fan Iezumasyl, dat nei it ticht meitsjen fan de Lauwerssee as lânbougebiet yn gebrûk nommen waard, mar letter ta natuergebiet omfoarme waard: in boppeslach foar de fûgelleafhawwer!
  • Bûtenhaven Lauwerseach: is fansels it ôfreispunt foar in dei nei Skiermûntseach. Mar sjoch ek ris efkes yn de fiskerijhaven: sjoch hoe`t de fisk oan wâl brocht wurdt en prebearje ris íén by in kream of in ien fan de restaurants; farsker kin net!
  • Esonstêd: in by De Skâns boud fakânsjepark yn de foarm fan in âld fêstingstedsje; troch de ien ferhune as ‘nep’ en ‘sabeare neimakke’, troch de oar priizge as ‘eat nijs’ en ‘orizjineel’: dat moat men dus sjoen hawwe! Dêr giet trouwens ek in boat wei nei Skiermûntseach.
  • Ekskurzje met de boskwachter: wolle jo de prachtige natuer echt belibje, dan kin in ekskurzje fansels net sûnder de lieding fan in kenner; der binne ferskate: rinnend, mei de boat, moarns betiid of by ljochtmoanne; der is foar eltsenien wol wat! Foar mear ynformaasje: sjoch www.lauwersmeer.org (kies: “Wat kan ik doen”).

Colofon

FrieslandWonderland

© Foto voorblad: FrieslandWonderland


Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!