|

Nijlannen

Nijlannen
©: FrieslandWonderland

De measte Alvestêdereedriders sille der gjin erch yn hawwe dat se it earste part fan de tocht, fan Ljouwert nei Snits, troch in gebiet ride dat om it jier 1200 noch see wie: de Middelsee. Dat wie in ynham fan it Waad djip it lân yn, dy`t westlik by Ljouwert del rûn, by Raerd nei it westen ôfbûgde en oan de ein oant Boalsert ta kaam. Bij Raerd kaam de rivier De Boarn út yn de Middelsee. In bytsje noardlik dêrfan leit it frij bysûndere Park Jongemastate, dat ek wol Raerder bosk hjit.

De Middelsee dielde Fryslân yn twaen: Westergo en Eastergo. doe`t de see-earm begûn ticht te slykjen, waard dy fan de midden fan de alfde ieu ôf fan it suden út ynpoldere. De polders waarden neamd nei de doarpen dy`t op de rânen fan de (eardere) see-earm leinen: Weidumer Nijlân, Mantgumer Nijlân, Wytgaarder Nijlân, ensfh. De bebouwing yn de ’nijlannen’ is oant op de dei fan hjoed beheind bleaun ta hjir en dêr inkelde pleatsen. It gebiet hat dêrtroch in grutte iepenheid en prachtige fiersichten: foar in soad minsken Fryslân op syn moaist.

De grins tusken it ’nijlân’ en it ’âldlân’ is yn it lânskip dúdlik te sjen oan de wat heger lizzende, bochtsjende diken by de eardere Middelsee lâns. Dy hie tusken Easterwierrum en Boazum in ’flessehals’: de beide kanten leinen dêr noch gjin kilometer fan elkoar ôf. De dyk tusken beide doarpen is it begjin (of de ein) fan de ferneamde, goed 42 kilometer lange Slachtedyk, dy`t yn 2000 foar it earst it parkoers wie foar de Slachtemarathon. Dy wurdt sûnt ien ris yn de fjouwer jier organisearre. Mar jo hoege net oant 2016 te wachtsjen: de dyk is frij tagonklik. En as jo op eigen manneboet op ’n paad geane, ûndergeane jo it prachtige lânskip, de rêst en de stilte nammerste te mear! En fansels meie jo dan ek bêst in lyts stikje fan it trajekt rinne...

Krekt yn’e midden tusken de iggen fan de eardere Middelsee rint de Swette, dy`t lang de wichtichste ferbining west hat tusken Ljouwert en Snits. Underskate doarpen op de iggen fan de eardere see-earm wienen troch opfearten ferbûn mei de Swette. Tsjintwurdich is de Swette in part fan de Middelsee-rûte. Troch dy yn 2005 iepene farrûte is it gebiet tusken Ljouwert, Snits, Boalsert en Frjentsjer tagonklik makke foar wettersporters.

Fan de doarpen op de rânen fan de eardere Middelsee is in tal mei de boat te berikken. Boazum, dat leit oan de Boazumer Feart, is in sfearfol, skildereftich doarp mei in autentyk doarpskafee. Easterwierrum, bekend fan it jierlikse Berne-iepenloftspul, leit deunby de Swette. By it doarp binne oanlisplakken makke, krekt as by Dearsum. Dat doarp wie earder ferneamd om it fokken fan fee. De pleats fan de ynternasjonaal ferneamde feefokker Durk Schaap, dy`t yn 1913 besite krige fan keninginne Wilhelmina en prins Hendrik, hat hjoed de dei in bestimming as lúkse rekreaasjewenning en minykamping.

Mantgum leit wat fierder fan de Swette ôf, mar is te berikken troch de Mantgumer Feart en hat in eigen haventsje. Wannear’t jo in kuier meitsje troch de skildereftige buorren fan it doarp sille jo it net frjemd fine dat dy de status fan beskerme doarpsgesicht hat. Op syn minst like moai is de Seerp van Galamawei, de dyk nei it stasjon oan it spoar fan Ljouwert nei Snits, dat der yn 1883 kaam is.

Foar Mantgum oer, oan de oare kant fan de eardere Middelsee, leit Reduzum, dat fan de Swette ôf ek te berikken is foar de lytse plezierfeart en in jachthaven mei 30 lisplakken hat. Op www.reduzum.com is ûnder oaren te lêzen dat it fanâlds in foarútstribjend doarp is.

Mar ek as jo gjin wettersporter binne, hat dit gebiet in hiele soad te bieden. De rêstige wegen en stille boeredykjes liene har der bygelyks o sa foar om te fytsen. Op dy manier lizze ek de oare doarpen ticht by de doar. Sjoch bygelyks ris efkes yn Jellum, dat bekend stiet om it jierlikse pompoenefestival yn it tredde wykein fan septimber. Bears, dat deun by leit, is in lytse besite weardich om Bezoekerscentrum Uniastate. Fan dy state is de oarspronklike poarte bewarre bleaun en wurde de eardere kontoeren werjûn troch in ’frame’ fan stiel.

In echte oanrieder by einbeslút is Weidum: in skildereftich, in wat deftich doarp mei yn de midden in unike, prachtige iepen romte. It westlike part derfan, oan de râne fan de terp (mei dêrop ien fan de moaiste tsjerken fan Fryslân), wurdt brûkt as keatsfjild. In plaatsje!

Colofon

FrieslandWonderland

© Foto voorblad: FrieslandWonderland


Archivering van erfgoedinformatie met het ErfgoedCMS™

Bent u geïnteresseerd in erfgoedinformatie en hoe u dit op een professionele en duurzame manier kunt ontsluiten op het internet, dan is het volgende voor u van belang.

Sinds kort is er namelijk het ErfgoedCMS™ van DeeEnAa. Met dit op maat gemaakte ErfgoedCMS™ kan ieder dorp of iedere stad haar erfgoedinformatie registreren, rubriceren en ontsluiten. Daarnaast kan het ErfgoedCMS™ worden ingezet als webshop voor lokale producten en kan het de basis vormen voor dorps- of stadswandelingen compleet met QR-code bordjes.

Voor meer informatie over dit onderwerp verwijzen wij u graag naar de pagina over het ErfgoedCMS™ op de ErfgoedCMS-website via onderstaande knop.