|

Noard Ferwerderadiel

Noard Ferwerderadiel
©: FrieslandWonderland

Yn dit gebiet spile him yn 2006 in barren ôf dat oer de hiele wrâld de oandacht loek. Yn it bûtendykse gebiet rekken yn de nacht fan 31 oktober op 1 novimber troch stoarm en springfloed mear as 200 hynders ynsletten troch it wetter. In pear dagen stie de keppel ticht opinoar heappe op in heger lizzend stik lân. Bylden dêrfan én fan de rêdingsaksje giene de wrâld oer en stiene by mannichien yn it ûnthâld printe. Mear ynformaasje is te finen op de webside fan Micky Nijboer, dy’t de rêdingsaksje betocht en mei fiif oare amazônes útfierde. Dêr (en ek op Youtube) steane ek de yndruk meitsjende bylden fan de rêdingsaksje. Fiif jier nei it drama (der kamen ek mear as 20 hynders by om) waard op de dyk by Marrum ta neitins in keunstwurk ûntbleate, makke troch Machiel Braaksma (sjoch by Marrum, tema “Kunstwerken”).

It noarden fan de gemeente Ferwerderadiel is in hiel nijsgjirrich gebiet. Op in kwelderwâl dy‘t doedestiids min of mear de grins fan lân en see wie, ûntstienen inkelde ieuwen foar de jiertelling al de terpdoarpen Blije, Ferwert, Marrum en Hallum. De trochgeande dyk troch dy doarpen giet lâns it trasee fan de dyk dy’t yn de alfde ieu oanlein waard om it lân om de doarpen hinne te beskermjen tsjin de see. Oan de bûtenkant fan de seedyk ûntstie troch it oanslykjen yn de rin fan de ieuwen nij kwelderlân. Healwei de achttjinde ieu waard dy kwelder bedike. De seedyk fan no is wol in stik heger, mar hy leit noch hieltyd op itselde plak as doedestiids.

Yn de achttjinde ieu krigen de fjouwer doarpen elts in eigen ferbining oer it wetter mei de Dokkumer Ie yn it suden. En oan it begjin fan de njoggentjinde ieu waard it gebiet ek noch ris ûntsletten troch in spoarline. Dy waard oanlein en eksploitearre troch de “Noord Friesche Lokaal Spoorwegmaatschappij” (NFLS) en gie fan Ljouwert, oer Dokkum nei Eanjum. De line is al lang opheft en it spoar is foar in grut part ferdwûn, mar it saneamde “Dockumer Lokaeltsje” binne in soad minsken noch altyd o sa oer te sprekken. It trasee is hjir en dêr noch te sjen yn it lânskip en de measte stasjons steane der noch, mar binne faak fan harsels mar lestich te werkennen. Dat lêste jildt net foar it stasjon fan Marrum-Westernijtsjerk, dat hielendal yn orizjinele steat werombrocht is.

Werom nei de seedyk. Dêr stiet, by Marrum, in monumintaal keunstwurk, makke troch Ids Willemsma. It is makke ta gelegenheid fan it ree kommen fan it op Deltahichte bringen fan de Fryske waadseediken tusken 1963 en 1993. De hege dyk biedt in prachtich útsjoch op it bûtendykske gebiet, it Noarderleech. Der wie al in begjin makke mei it yn kultuer bringen fan dat oanslike lân doe’t noch besletten waard om de see der ‘kontrolearre’ frij spul te jaan. Sûnt de bûtenste simmerdiken (lege diken) trochstutsen waarden hat him op de grins fan sâlt en swiet in unyk natuergebiet ûtwikkele dat frij tagonklik is fan 1 july oant en mei 15 maart en dêr’t twa kuiers útset binne.

Net allinne om de natuer is it gebiet ek nijsgjirrich om de noch dúdlik oanwêzige spoaren fan it proses fan ynpoldering en kultivearring: simmerdiken, slúskes, prachtige rûne drinkwetterplakken (dobben) mei ringdiken deromhinne en de resten fan in spoarbaantsje dat earder tsjinne foar it ferfier fan hout (en arbeiders) foar de âlde lânoanwinningswurken. Der steane yn it gebiet ek twa bunkers út de Twadde Wrâldoarloch.

Noard Ferwerderadiel: in ûnferwacht alsidich gebiet en in perfekte kombinaasje fan rêst, natuer, kultuer en skientme fan it lânskip.

Colofon

FrieslandWonderland

© Foto voorblad: FrieslandWonderland


Archivering van erfgoedinformatie met het ErfgoedCMS™

Bent u geïnteresseerd in erfgoedinformatie en hoe u dit op een professionele en duurzame manier kunt ontsluiten op het internet, dan is het volgende voor u van belang.

Sinds kort is er namelijk het ErfgoedCMS™ van DeeEnAa. Met dit op maat gemaakte ErfgoedCMS™ kan ieder dorp of iedere stad haar erfgoedinformatie registreren, rubriceren en ontsluiten. Daarnaast kan het ErfgoedCMS™ worden ingezet als webshop voor lokale producten en kan het de basis vormen voor dorps- of stadswandelingen compleet met QR-code bordjes.

Voor meer informatie over dit onderwerp verwijzen wij u graag naar de pagina over het ErfgoedCMS™ op de ErfgoedCMS-website via onderstaande knop.