|

Noardeast-Fryslân: waad, wâlden en terpen

Noardeast-Fryslân: waad, wâlden en terpen
©: Hendrik van Kampen

It noardeasten fan Fryslân is ít foarbyld fan wat se yn Dútslân sa treffend in ‘Geheimtipp’ neame. It gebiet is foar it grutste part noch net ûntdutsen, is hiel ôfwikseljend en hat foar elk wat te bieden. Wat wolle jo noch mear?

Nearne yn Fryslân treffe jo in streek mei safolle fariaasje yn lânskip en natuer: it unike, healiepen lânskip fan de Noardlike Fryske Wâlden (net sûnder reden oanwiisd as Nasjonaal Lânskip) mei neistlizzend Nasjonaal Park De Alde Feanen; it monumintale terpegebiet mei syn prachtige fiergesichten; Nasjonaal Park Lauwersmar; en ’flak om ’e hoeke’ wrâlderfgoed Waadsee en de eilannen Skiermûntseach en It Amelân.

Noardeast-Fryslân is in gebiet dêr`t jo noch echt rêst en stilte gewaarwurde kinne. Fytsend, kuierjend, farrend of gewoan lekker lanterfantsjend. Genietsje fan de machtich moaie lânskippen en unike natuergebieten. Priuw de rike kultuerhistoarje, dy`t ûnder mear tentoansteld wurdt yn de 20 (!) lytsere en gruttere musea yn it gebiet.

Mar it is net allinnich mar rêst en stilte. De streek biedt ek folop aktiviteit foar jong en âld: jo kinne sile, (kite)surfe, nei it grutste klimpark fan Europa en withoefolle gesellige en spektakulêre eveneminten. En Dokkum, ien fan de ferneamde Alve Stêden, is foaral yn it toeristeseizoen in brûzjend sintrum. Yn in manjefike histoaryske omjouwing fine jo dêr tal fan moaie, nijsgjirrige en ferrassende winkels, gesellige terraskes en sfearfolle restaurants.

Colofon

FrieslandWonderland

© Foto voorblad: Hendrik van Kampen


Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!