|

Prinsehof en omjouwing

Prinsehof en omjouwing
©: Hendrik van Kampen

Tusken Ljouwert en Drachten leit in wol hiel bysûnder stikje Fryslân. Dêr geane de Fryske Wâlden oer yn de Lege Midden, it leech lizzende part fan Fryslân dêr`t de Fryske Marren ek yn lizze. Dy oergong jout in prachtige kombinaasje fan ferskillende lânskippen: it heal iepen beamwâlelânskip fan de Wâlden, in wiid en iepen feangreidelânskip, droechleine marren, in inkele terp, sompe- en reidlannen en wetter, in hiel soad wetter. Dat lêste makket it gebied fansels út soarte oantreklik foar de wettersporter. Mar foar lânrotten hat dit skitterjende gebied ek in hiel soad te bieden.

Der binne twa wichtige ferbinings foar de beropsfeart, it Prinses Margrytkanaal en de ôfsplissing dêrfan nei Ljouwert en Harns, it Van Harinxmakanaal, dy`t troch it gebied hinne rinne. Beide kanalen kamen klear tusken 1949 en 1952. Dêrby waarden besteande fearten útdjippe en kanalisearre. It plak dêr`t it Prinses Margrietkanaal de earder drokke farrûte tusken Ljouwert en Drachten krúst, hjit hiel tapaslik ’Krúswetters’. Besuden dêrfan leit Nasjonaal Park De Alde Feanen, in 4000 hektare grut gebied dat bestiet út iepen wetter, grutte reidfjilden, blommige greiden en sompebosken. In grut part is yn behear by It Fryske Gea. Fanâlds hjit it gebied ek wol ’De Prinsehôf’, om it part dat earder troch it Hûs fan Oranje as jachtgebied brûkt waard. It waard begjin tweintichste ieu al ûntdutsen as rekreaasjegebied en jout de besiker fan no wit hoefolle mooglikheden: farre, sile, rinne, natuerekskurzjes, boattochten.

Earnewâld is ûnferwrichber ferbûn mei it ferline en it hjoed fan ’De Alde Feanen’. Neidat troch de turfgravers it lânskip der oars út kaam te sjen, waard it in doarp fan fiskers, skippers en reidsnijers. Tsjintwurdich is it in rekreaasje- en wettersportdoarp én it toeristyske hert fan it Nasjonaal park. Neist it besikerssintrum fan it Nasjonaal Park binne ek earrebarrestasjon It Eibertshiem, Museum Het Kokelhûs en it Skûtsjemuseum, in lytse besite wurdich. Foar keunstleafhawwers is Galerie Koopmans in oanrikkemandaasje.

Mar de regio hat mear te bieden as Earnewâld en de Alde Feanen! Gean ris it Prinses Margrietkanaal oer, bygelyks nei Warten. Dat typyske wetterdoarp oan de âlde skipfeartrûte fan Ljouwert nei Drachten krige earst yn 1865 in ferbining oer lân. Yn it doarp stiet de iennichste oerbleaune ’langhûspleats’ fan Fryslân dy’t, lykas it eardere earmehûs, no in museumfunksje hat. Wat fierder nei it westen ta leit Wergea. Dat is ûntstien op in terp tusken trije marren dy`t yn de santjinde en achttjinde ieu droechlein waarden. It doarp groeide bot tanksij de lizzing oan de eardere drokke frachtfearrûte fan Ljouwert, oer Grou nei Snits. De ynwenners stienen bekend as de ’Brêgebidlers’ om de tol dy`t de skippers betelje moasten by it foarbygean fan de brêge fan it doarp. Yn 1886 waard yn Wergea it earste koöperative suvelfabryk fan Nederlân oprjochte, dy`t útgroeide ta it hjoeddeiske ynternasjonale suvelconcern ’Friesland Foods’. It moaie doarp is ek it dekor foar it ferneamde boek fan Nynke van Hichtum, ’Afkes Tiental’. Yn it âlde slot dat dêryn foarkomt, siet oant 2019 it Museum Ald slot. Troch de webside www.wergea.com fan it doarp kinne jo in kuierrûte en twa fytsrûten ynlade.

Eastlik fan de Alde Feanen leit Aldegea. Troch de Aldegeaster Sanning, in mar dat yn 1922 droechmeald is, hie dit doarp earder in ferbining mei de Wide Ie. Oan de oare kant it wetter leit it plakje Smelle Ie, dat eartiids in wichtich hannelsplak wie. Tsjintwurdich is der mear te belibjen yn De Feanhoop, dat benammen rjochte is op de wettersport. Omtrint de dei dat hjir de wedstriid fan it ferneamde Skûtsjesilen holden wurdt, fynt ek it Veenhoopfestival plak fan mear as ien dei.

In prachtige fytsrûte troch it oergongsgebied tusken de Fryske Wâlden en de Lege Midden is it Healânspad. De rûte giet ûnder mear oer Garyp. Dat doarp hat fanâlds in sterke bining mei it oan de oare kant it Prinses Margrietkanaal lizzende Suwâld. Al yn 1645 wie der in ’oerset’, dy`t yn 1995 mei rjocht op `en nij ynsteld is troch it yn gebrûk nimmen fan in (fyts)pontsje dat fart op sinne-enerzjy. Súdlik fan Suwâld stiet noch it âlde fearhûs fan 1727.

Colofon

FrieslandWonderland

© Foto voorblad: Hendrik van Kampen


Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!