|

Skoatterlân

Skoatterlân
©: FrieslandWonderland

De namme fan dizze streek is ûntliend oan de eardere gemeente mei deselde namme, dêr`t it gebiet dêr`t hjir om giet rûchwei de eastlike helte fan is. Skoatterlân wie yn de njoggentjinde ieu ek de namme fan íén fan de kiesdistrikten yn Fryslân. Dat distrikt keas yn 1888 Ferdinand Domela Nieuwenhuis as earste sosjalist ea yn de Twadde Keamer. Dy dominy, frijtinker, sosjalist en anty-militarist hie him tige ynset om de jammerdearlike libbens- en arbeidsomstannichheden fan de feanarbeiders yn it gebiet te ferbetterjen. De ûntginning fan it fean hat in wichtige stimpel set op de (sosjale) skiednis fan it gebiet. En yn it hjoeddeistige lânskip is it ôfprintsel fan dat stimpel noch altyd hiel dúdlik te sjen.

Foar de ôffier fan de turf wienen se yn de midden fan de sechstjinde ieu by It Hearrenfean begûn mei it graven fan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart. Dy feart waard yn de rin fan de ieuwen stikje by bytsje yn eastlike rjochting trochlutsen. Omdat it dêr stadich omheech rûn, wienen slûzen nedich. De earste slûs kaam by it hjoeddeiske Bontebok, de twadde noardlik fan Aldhoarne en de tredde by it hjoeddeiske Jobbegea, dat oant fier yn de tweintichste ieu oantsjut waard as Tredde Slûs. Oan wjerskanten fan de haadûntsluting ûntstie in regelmjittich stelsel fan lytsere fearten en sleatten en, yn de heger lizzende gebieten, dykjes. By it jaan fan nammen oan al dy saneamde ’wiken’ wie de fernimstichheid net oeral like grut: yn de Hoarnstersweachsterkompenije, it gebiet eastlik fan Jobbegea, kamen se net fierder as ’1e Wyk’, ’2e Wyk’ ensafuorthinne, oant en mei ’19e Wyk’.

Nei it ôfgraven fan it fean wie it lân op de measte plakken net daliks gaadlik om te brûken: yn de leger lizzende gebieten wie it te wiet of stie it sels ûnder wetter, en de heger lizzende sângrûnen wienen net o sa fruchtber. It lânskip lei der nochal ferlitten by en in soad bewenners hienen in lijerich bestean. Stikje by bytsje waard it lân yn kultuer brocht, meast troch de bewenners sels. Trochdat it allegear lytsskalich wie en it stadichwei gie, krige tagelyk de natoer gelegenheid om wer foarút te gean.

De ûntsteansskiednis hat meibrocht dat der in prachtich, ôfwikseljend lânskip ûntstie dêr`t oan de iene kant de ynfloed fan de minske hiel dúdlik te sjen is en oan de oare kant de natoer op `en nij in dúdlik plak ferovere hat. In rjochtlinige ynfrastruktuer en systematyske ferkaveling, iepen greidelânskip, lytsskalige stikken lân mei beamwâlen deromhinne, bosk, heideIt lânskip hat hjir in soad smaken, dy`t him op mear as ien manier priuwe lit: op `e fyts, rinnend, op it hynder, mei de boat of yn de kano.

It gebiet hat twa ’offisjele’ natoergebieten. Westlik fan Nijhoarne leit de Ketliker Skar, in tige ôfwikseljend, goed 400 bunder grut natoergebiet dat bestiet út heide, greide, wetter en kultuerbosk. Utsein inkelde kuierrûten hat behearder It Fryske Gea hjir ek in rolstoelfreonlik paad oanlein fan likernôch 2,5 kilometer, dat as rûntsje ôflein wurde kin. Súdeastlik fan Aldhoarne lizze de ’Kikenberch’ en it ’Tolheksbosk’, dy`t beide in part binne fan it natoergebiet Tjongervallei.

De doarpen Nij- en Aldhoarne organisearje alle jierren, op de lêste saterdei (sneon) fan septimber it saneamde Flaeijelfeest (Flaeijel = in swingel om te terskjen, Nedl.: ’dorsvlegel’). Op dit tradisjonele rispinge- en terskfeest wurde alle kanten fan it eardere libben op it plattelân foar it fuotljocht brocht. It barren lûkt alle jierren tsientûzenen besikers.

Dizze unike streek mei har sosjaal rûzige skiednis, har troch minskehannen makke struktuer, har kultuerhistoarje dy`t je fiele- en sjen kinne én har lânskiplike en natoerlike kwaliteiten hie eins ek yn íén wurd gearfette wurde kind: yntrigearjend! Want wa kin syn nijsgjirrigens en fantasije noch ynhâlde by it lêzen fan nammen as Bontebok, Spekpôlledraai, Belgyske Wyk, Lúksemboarch, Prikkedaam en Sing Sang (in dykje tusken Bontebok en Jonkerslân).

Colofon

FrieslandWonderland

© Foto voorblad: FrieslandWonderland


Archivering van erfgoedinformatie met het ErfgoedCMS™

Bent u geïnteresseerd in erfgoedinformatie en hoe u dit op een professionele en duurzame manier kunt ontsluiten op het internet, dan is het volgende voor u van belang.

Sinds kort is er namelijk het ErfgoedCMS™ van DeeEnAa. Met dit op maat gemaakte ErfgoedCMS™ kan ieder dorp of iedere stad haar erfgoedinformatie registreren, rubriceren en ontsluiten. Daarnaast kan het ErfgoedCMS™ worden ingezet als webshop voor lokale producten en kan het de basis vormen voor dorps- of stadswandelingen compleet met QR-code bordjes.

Voor meer informatie over dit onderwerp verwijzen wij u graag naar de pagina over het ErfgoedCMS™ op de ErfgoedCMS-website via onderstaande knop.