|

Súdlik fan de Lende

Súdlik fan de Lende
©: FrieslandWonderland

De súdlike grinsstreek fan Fryslân is in streek mei in soad ôfwikseling: iepen greide en boulân, beamwâlen, bosk, heide, moeras en wetter. De fariaasje yn it lânskip giet lyk op mei in rike natuer en in hiel boeiende kultuerhistoarje. Dêr rinne Fryslân, Drinte en Oerisel hast as fansels yn elkoar oer. It punt dêr`t de provinsjegrinzen inoar reitsje, leit ’in the middle of nowhere’ en is allinne te werkennen oan in (nammers net maklik te finen) grinspeal.

In sânrêch tusken Oldemerk en Noardwâlde is de âldste ûntginningsas yn de streek. De rige doarpen by dy as ûntstienen ieuwen lyn al. Begjin santjinde ieu waard begûn mei it ôfgraven fan de feangrûn. Foar it ôffieren fan de turf waarden fan Steggerda, Finkegea en Noardwâlde út fearten groeven nei De Linde. It hichtepunt fan it ferfeantsjen lei tusken 1650 en 1750. Yn 1800 wie it by de niisneamde doarpen fierhinne dien mei de produksje fan turf. Nei ferrin fan tiid waard in nije boarne fan ynkomsten fûn yn de reidflechterij, dy`t him oan de ein fan de njoggentjinde ieu ûntjoech ta in wichtige bedriuwstûke. Yn Noardwâlde waard yn 1912 de ’Rijksrietvlechtschool’ oprjochte, dêr`t tsjintwurdich it Nationaal Vlechtmuseum yn sit.

Lyk mei de grins mei Drinte en Oerisel rint in lange, rjochte wei mei de yntrigearjende namme ’Vierdeparten’. Yn de tiid fan de turfgraverij rûn by dy wei lâns in feart dy`t de Steggerdafeart, de Finkegeafeart en de Noardwâlderfeart mei-inoar ferbûn. Om fan dy dwersfeart gebrûk meitsje te kinnen, moast pacht betelle wurde: íénfjirde part fan de mannichte it skip ferfierde turf.

Yn de njoggentjinde ieu, doe`t it turfwinnen dien wie, waard de grûn oan wjerskanten fan de wei oankocht troch de ’Maatschappij van Weldadigheid’. Dy organisaasje wie yn 1818 oprjochte om de earmoed yn benammen de stêden te bestriden. Fier fuort fan dy stêden, yn de grinsstreek fan Drinte, Fryslân en Oerisel, waarden lânboukoloanjes stifte, dêr`t de ’behoeftigen’ oan it wurk koenen, mei as doel dat se úteinlik op harsels stean kinne soenen. De ’Vierdeparten’ wie in diel fan de koloanje Wilhelminaoard. Wat fierder nei it súdwesten, yn Oerisel, waard de koloanje Willemsoard stifte.

De Maatschappij bestiet noch altyd en sit yn de eardere koloanje Frederiksoard. Hjoed de dei rjochtet er him op it behâld fan it rike erfgoed, dat bestiet út arbeidershúskes, pleatsen, fabriken, skoallen, âldereinhuzen (!), ensfh. Yn Frederiksoard is ek museum De Koloniehof. In oar, hiel bysûnder museum is it Miramar Zee(!)museum yn Fledder, dat dêr net fier fan ôf leit. Yn dat doarp is fierder Museums-Vledder te finen, trije musea ûnder íén dak: in museum foar hjoeddeiske grafyk, in museum foar hjoeddeiske glêskeunst én, unyk yn de wrâld, in museum foar falske keunst.

Neist in rike en nijsgjirrige kultuerhistoarje hat de streek ek in ferskaat fan natuer. Fuort besuden Noardwâlde leit it ’Spokebos’ fan 100 hektare grut, mei dêryn rekreaasjedobbe de ’Spokeplas’. Fierder nei it suden, yn Drinte en Oerisel, is der foaral bosk mei dêrneist greide, bou of heide. De ’Noordwoldermeenthe’ is in heidegebiet benoarden Noardwâlde. Tusken dat gebiet en it doarp leit it Jeudse Karkhof, in Joadsk begraafplak mei ikebeammen deromhinne, dy`t boppe de ôfgroeven grûn útstekt. Fierder nei it westen ta leit it natuergebiet Lendevallei, in ôfwikseljend moerasgebiet oan wjerskanten fan De Linde. Dat rivierke lient him o sa foar in prachtige kanotocht. Foar kuierders en fytsers biedt de straak ek gâns mooglikheden. As jo in rûte plenne yn de omkriten fan Steggerda, riede wy IJsboerderij De Saks fan herten oan as plak foar in koart skoft. Dy Saksyske pleats waard boud yn 1731 en is íén fan de âldste pleatsen fan Fryslân.

Colofon

FrieslandWonderland

© Foto voorblad: FrieslandWonderland


Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!