|

Easthimmerwei 21

Easthimmerwei 21
©: archief DB Folsgeare

It begjint allegearre op Scheender State dêr’t Sipke Gabes Kooistra en Rinske Symons Algera wenje. Harren âldste soan is >Siemens Sipkes. Nei it ferstjerren fan syn frou Rinske trout Sipke Gabes op’e nij mei Yke Ruurds Abma. Harren earste bern is >Rinske Sipkes.

>Siemen Sipkes trout trije kear. Syn earste frou is Baukjen Ruurds Abma. It pear kriget in soan dy’t Sipke Siemens neamd wurdt. Syn twadde frou is Johanna Gosses Bootsma. As lêste trout hy op’e nij mei widdofrou Sytske Postma, dy’t har dochter Trijntje van Wijngaarden mei nimt. Sipke Siemens, de soan út syn earste houlik, trout mei Trijntje van Wijngaarden. Sipke en Trijntje krije in dochter, Rinske Sipkes Kooistra.

>Rinske Sipkes trout mei Rinke Douwes Reitsma. Hja sette harren te wenjen op Suderburen. Ut dit houlik wurdt Sipke Rinkes Reitsma berne.

Sipke Rinkes Reitsma trout op 14 maaie 1898 mei Rinske Sipkes Kooistra.  Sipke Rinkes en Rinske Sipkes is betiizjend. Mar noch sterker, Sipke Rinkes syn mem hjit lyk as syn frou ek Rinske Sipkes Kooistra.

Nei harren houlik wenje Sipke Rinkes en Rinske Sipkes earst in jier yn de buorren fan Folsgeare. Dêrnei ferhúzje hja nei Skearnegoutum nûmer 20. Yn 1910 beslute hja om in eigen pleats bouwe te litten tusken de âlderlike pleats fan Sipke Siemens en it doarp. Sipke Rinkes en Rinske Sipkes freegje Murk Canrinus út Easthim om in ûntwerp te meitsjen.

© Tekst: Wytske Heida © Foto voorblad: archief DB Folsgeare



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)

Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!