Skippersbuorren
Fan it easten út streamt de Eastereiner opfeart it doarp yn. Dizze feart ferbynt it doarp mei de Frjentsjerter feart, de ferbining oer wetter tusken Snits en Frjentsjer. Foar de oanlis fan de diken gong it measte ferkear oer it wetter. Dat wetter kaam yn alle doarpen oan de westkant fan Fryslân. De skipkes wiene net allinne foar it ferfier fan alles en noch wat, sa as terpmodder oan de ein fan de 19e en it begjin fan de 20-ste ieu, mar waarden ek as wenromte brûkt. Oan de wâl fan wat no de Skippersbuorren is leinen tal tal fan skipkes der `t húshâldingen yn wennen. Dy wâl is letter ferstevige en waard in soarte mei pún ferstevige kade. Yn de rin fan de `50 jierren waard de wâl ferfongen troch in betonnen walbeskoeiing en waard de kade fluorre. De wenten lâns de Skippersbuorren binne dêr fanôf ein 19e ieu boud wêze mei as lêste Skippersbuorren 17 yn 1925.
© Tekst: Jan Hiemstra - © Foto voorblad: Jan Hiemstra

©: Jan Hiemstra
Mogelijk ook interessant voor u.
Skippersbuorren ein jierren '50
De Skippersbuorren op in fredige simmerdei yn 1961. Rjochts foaroan leit in pream. Dan folget it skip der 't âlde Ype (de Jong) yn wenne. En fierderop lei it skip fan de bruorren Muurling.
It skip fan âlde Ype leit der ynferzen by, mar it potkacheltsje sil grif genôch waarmte ôfjaan.
It is febrewaris 1970 mei op de eftergrûn de pleatsen fan no: Hiemstra en Kuiper en doe Hiemstra en Minne Sjaarda.
Febrewaris 1970 wie it noch efkes knap winter.
De hikken moatte it fee noch tsjinhâlde, want fee roasters binne der noch net. De feart leit der yn folle fleur by.
Op de reed leit ûndertusken beton en de hikke is ferfongen troch in feeroaster.
Febrewaris 1970
Fredich leit de Skippersbuorren derby.
Foar de oarloch gongen der fanôf de Skippersbuorren geregeld skippen mei fracht nei Snits of Ljouwert. Sa ek de stoomboat de Paul Krüger. Ek de 'Hertog Hendrik' fan grutte Sjirk W. Joustra wie sa 'n
It hûs rjochts op de foto is yn 1929 setten. Doe wie de Skippersbuorren 'fol, want der mei lâns de feart net mear útwreide wurde.
Sân en grint waarden oan it begjin fan de Skippersbuorren opslein. Letter is dizze opslach verpleatst healwei de pleats fan Hiemstra.
Healwei de fyftiger jierren waard it turfskip fan de Joustra 's ek foar toertochten brûkt. Der waarden deitochten makke nei Terherne, en ek langere tochten mei de jongfeinte- en jongfammeferiening. H
De Skippersbuorren fol mei skippen. Op é foargrûn neffens oerlevering Folkert C. Joustra mei in famke fan him. Folkert is yn 1912 nei Amerika emigrearre. Op 'e eftergrûn moat de stoom- boat Onderne
De Skippersbuorren is plm 1910 noch net folboud.
Hjir leit it skûtsje fan Ype de Jong mei in pream der nêst en in kano derefter. Ferstjoerd troch: B, Van Asselt Dijkstra, Bert en Jan.
De hear G, van Asselt, op de eftergrûn de Skippersbuorren. Jan van Asselt boartet mei syn weintsje.