|

Omjouwing de Fluessen

Omjouwing de Fluessen
©: Hendrik van Kampen

De streek om De Fluezen hinne falt alderearst op troch syn grutte widens: middenmank grutte stikken greide, dy`t leech lizze, mei hjir en dêr in sânrêch dy`t soarget foar in gloaiïng yn it lânskip: dêr leit in grut, lang útrutsen mar. Om syn omfang en djipte is De Fluezen benammen by silers tige favoryt. Mar de streek is net allinne in walhalla foar de wettersporter; op de wâl hat it ek in hiel soad moais te bieden, wis foar dyjingen dy`t hâlde fan rêst en natuer.

Tûzenen jierren lyn, yn de ien nei lêste iistiid, waard troch it skowende lâniis in delling útslipe. Dy gletsjerdelling rûn letter fol wetter en sa ûntstienen de Hegemer Mar en De Fluezen. Trochdat de iismassa de grûn foar him út treaun hie, wienen stouwâlen ûntstien dy`t tsjintwurdich as sânrêgen boppe it oare lân útstekke. Himmelum leit op sa`n sânrêch. Dêr stie sûnt de midden fan de trettjinde ieu in frouljuskleaster dêr`t oardel ieu letter in manljuskleaster foar yn it plak kaam. Dat is lykas de oare ek al lang ferdwûn. Mar yn 2001 kaam der op `en nij in kleaster yn it doarp: it Russysk Ortodoks kleaster fan de Hillige Nikolaas fan Myra. De lizzing fan Himmelum oan de Moarre en flakby de bosken fan Gaasterlân makket it ta in treflike útfalsbasis foar far-, fyts- of kuiertochten. Sjoch op "Route Zuidwest Fryslân" foar in tal mooglike rûten.

Koudum is ek ûntstien op in heger lizzende sânrêch. Yn it doarp wenne earder in tal famyljes fan kwizekwânsje. Ién dêrfan wie de famylje Galama, dy`t him ynsette foar de ûntginning fan de leechlizzende stikken grûn. As beleanning dêrfoar krigen de Galama’s yn 1628 fan de Fryske Steaten it rjocht om tol te heffen by de smelle trochfeart tusken De Fluezen en De Moarre. doe`t yn 1732 tusken Hynljippen (Hylpen) en Himmelum de Koudumer Slieperdyk oanlein waard, kaam by de ’Galama-dammen’ in slús. It tolrjocht waard earst yn 1942 ôfkocht troch de doedestiidske gemeente Himmelumer Aldfurd. Sûnt yn 2007 it akwadukt yn gebrûk nommen is, heart it opûnthâld foar de skipfeart en it dyksferkear ta it ferline.

Fanwegen de túnbou dy`t him by Koudum ûntjoech, krigen de ynwenners de bynamme fan ’Koudumer Beantsjes’. Sûnt 2005 fynt alle jierren de Koudumer Beantsjedei plak ta eare fan it ploaitsjen fan de earste beantsjes (ein juny). Twa jier letter waard dat feest foar it earst kombinearre mei in nostalgyske race foar sylpreammen fan Koudum nei De Gaastmer hinne en werom. Opfallend is it tal galerys en ateliers yn it doarp: Singel 19, Beeldhouwcentrum Koudum, Galerie Hekker, Wigle Engelsma en Hanshan Roebers.

Ieuwenlang stienen de leger lizzende lannen in grut part fan it jier splis. Dat gou bygelyks foar it gebiet noardwestlik fan De Fluezen. Dêr lizze buorskippen mei nammen as It Heidenskip en De Hel, dy`t ferwize nei de foarhinne minne natuerlike omstannichheden. It droechmeallen fan it lân betsjutte in grutte ferbettering. De namme ’Polder De Vooruitgang’ seit wat dat oangiet gâns. Tsjintwurdich is it in prachtich, wiids gebiet mei skitterjende fiersichten en swide wolkeloften.

It bemeallen fan de polders bart noch altyd foar in part troch mûnen. In karakteristyk type is de saneamde Amerikaanske Wynmotor: it bysûndere dêrfan is dat er in lichte, izeren konstruksje hat, in wynrêd mei izeren skoepen en ien of twa izeren wynwizers. Tusken Koudum en Molkwar stiet íén fan de grutste eksimplaren fan Fryslân.

Oan de súdeastkant fan de mar leit de streek Noardwâlde. Nei it bedykjen fan de Grutte Noardwâlder Feanpolder yn 1835 waard dêr turf wûn. By de dyk lâns, troch de doarpen dy`t dêr lizze, steane ferskate monumintale pleatsen mei yn in soad gefallen ûnder it wenhûs in molkenkelder, dêr`t earder tsiis en bûter makke waard. De thúsproduksje ferdwûn foar in grut part doe`t yn 1910 yn Ealahuzen in suvelfabryk boud waard. Hjoed de dei sit yn it fabryk in groepsakkommodaasje. It doarp hat dêrneist twa sylskoallen.

Aldegea hie foarhinne ek in eigen haventsje oan De Fluezen. It slúske yn de Grutte Turffeart, de ferbining tusken de mar en it doarp, bestiet noch altyd. Yn Kolderwâlde steane by de dyk lâns in tal frouljusbylden, De Famkes van Kolderwolde.

Colofon

FrieslandWonderland

© Foto voorblad: Hendrik van Kampen


Archivering van erfgoedinformatie met het ErfgoedCMS™

Bent u geïnteresseerd in erfgoedinformatie en hoe u dit op een professionele en duurzame manier kunt ontsluiten op het internet, dan is het volgende voor u van belang.

Sinds kort is er namelijk het ErfgoedCMS™ van DeeEnAa. Met dit op maat gemaakte ErfgoedCMS™ kan ieder dorp of iedere stad haar erfgoedinformatie registreren, rubriceren en ontsluiten. Daarnaast kan het ErfgoedCMS™ worden ingezet als webshop voor lokale producten en kan het de basis vormen voor dorps- of stadswandelingen compleet met QR-code bordjes.

Voor meer informatie over dit onderwerp verwijzen wij u graag naar de pagina over het ErfgoedCMS™ op de ErfgoedCMS-website via onderstaande knop.