Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!

 

Deel:


Sneek en de Lege Geaën

Snits hoecht eins gjin taljochting: it is ién fan de Fryske alve stêden en ít wettersportsintrum fan Fryslân. Hichtepunten fan it wettersportseizoen binne de finale fan it Skûtsjesilen en fansels de ’Sneekweek’, dy`t iepene wurdt mei de tradisjonele floatskou. Mar it brûzjende Snits hat mear te bieden as allinne de wettersport: in soad winkels, gesellige kafees, goede restaurants, muzyk, teater en it hiele jier troch ferskillende eveneminten. En dat alles yn in prachtige, histoaryske omjouwing. Eltsenien ken de ferneamde Wetterpoarte, mar de stêd hat noch in hiel soad oare monuminten. Yn in oantal dêrfan binne musea fêstige. It Fries Scheepvaartmuseum biedt in alsidich byld fan de skiednis fan de Fryske skipfeart fan de 17de oant de 20ste ieu. Yn it NS-stasjon sit it Nationaal Modelspoormuseum. Dêr koene jo oant 2014 ek de stoomtrein nei Starum nimme Oan it skildereftige Lytssân fine jo it winkeltsje fan de ferneamde distillearderij Weduwe Joustra dat de muoite fan it besjen wurdich is.


Keunstleafhawwers kinne har hert ophelje yn ferskillende galerys, dêrûnder Het Lam en Galerie Peter Bax. Sjoch ek ris op www.kunstkast.nl as jo fan keunst halde.


Wolle jo efkes fuortflechtsje fan de drokte fan Snits? Yn it gebiet eastlik en noardeastlik fan de stêd fine jo in oaze fan rêst! Dy streek hjit ek wol de ’Lege Geaën’, de lege gebieten. Genietsje dêr fan de stilte en it typysk Fryske lânskip mei syn prachtige fiersichten en yndruk meitsjende wolkeloften.


It tichtby wêzen fan de Snitser Mar jout it gebiet noch in ekstra diminsje, wat it lânskip oangiet, mar ek wat de natuer oangiet. Mei de oanbuorjende polders is it in nijsgjirrich en ryk natuergebiet fan sa`n 1200 hektare. It is ûnder oaren fan grut ynternasjonaal belang foar in soad wetterfûgels.


Dwers troch it gebied slingeret it restant fan in âlde see-earm, de Snitser Aldfeart. De measte doarpen binne dêrmei ferbûn troch saneamde ’opfearten’. In oar karakteristyk lânskipselemint is de Griene Dyk. Dy dyk, dy`t rint fan Snits oant Jirnsum, waard yn de 12de ieu oanlein om it leech lizzende gebiet te beskermjen tsjin oerstreamings út it súdeasten wei.


Skearnegoutum, Gau, Goaiïngea, Loaiïngea en Offenwier steane ek wol bekend as de ’Snitser Fiifgea’. Gau, Goaiïngea en Offenwier binne ferstille, autentike doarpkes dy`t de wiidsheid fan it lânskip efkes ûnderbrekke. Yn Offenwier sit yn in âld pân mei in moderne oanbou in galery. Eastlik fan it doarp, oan de Snitser Mar, leit it drok besochte rekreaasjesintrum De Potten.
It grutste doarp fan de Snitser Fiifgea is Skearnegoutum. Dat is ûntstien op de eastlike kant fan de eardere Middelsee. It doarp leit moai oan De Swette, dy`t lang de wichtichste ferbining wie tusken Ljouwert en Snits en tsjintwurdich, as in part fan de Middelseerûte, benammen wichtich is foar de plezierfeart. Op de flagge en it wapen fan it doarp stiet in fiifpuntige stjer, dy`t de fiif doarpen fan de Snitser Fiifgea symbolisearret.


Loaiïngea is noch krekt net opslokke troch Snits. Om dy bysûndere enklave te beskermjen tsjin de opkringende ferstêdliking is in lânskipsplan makke en útfierd. In ûnderdiel dêrfan wie it graven fan in haventsje en in farferbining mei De Swette.


Yn it noardlike part fan de Lege Geaën lizze de aardige doarpkes Sibrandabuorren, Tersoal en Poppenwier. It lêste is in beskerme doarpsgesicht en hiel skildereftich. Yn Sibrandabuorren stiet noch it eardere suvelfabryk ’De Lege Geaën’, dat fan 1891 oant 1975 yn bedriuw wie. Oer de Sibrandabuorsterfeart, de ferbining mei de Snitser Mar, liet in prachtige brêge út 1865. Tersoal hat ek in farferbining mei de mar. Alle trije doarpen binne oer in opfeart ferbûn mei de Snitser Aldfeart. It wetter dat oeral oanwêzich is is alle jierren it tafriel fan it saneamde ’preamkeskowen’. Dêrby nimme seis doarpen yn it gea it tsjin inoar op yn in wedstriid mei karakteristike preammen.


In goede manier om dit prachtige gebiet te ûntdekken is mei de fyts. Jo soenen bygelyks in Rondje Sneekermeer dwaan kinne


Colofon

FrieslandWonderland


© Tekst: - © Foto voorblad: FrieslandWonderland

Sneek en de Lege Geaën
©: FrieslandWonderland