Alles oer Burchwert
FrieslandWonderland
NederlandsDuitsEngels

Alles oer Burchwert


Deel:

-

-

Burchwert

Burchwert

Op noch gjin twa kilometer noardlik fan Boalsert leit Burchwert. Midden troch it doarp streamt de Boalserter trekfeart. Om't Burchwert oan it wetter leit is it in gaadlik wenplak foar minsken dy`t yn Boalsert wurkje. It doarp telt likernôch trijehûndertfyftich ynwenners.

Skiednis
Om it jier 1000 hinne waarden der yn de omkriten fan Burchwert diken oanlein. Dy beskermen it gebiet tsjin it wetter fan de Middelsee. De terp dêr`t it doarp op boud is, is ien fan de âldste terpen yn de omjouwing. It doarp wurdt ûnder ferskate nammen yn de literatuer fûn. Sa hjitte it yn de 13e ieu Borghwart. Mar ek Borghwert en Borgwerd komme yn de analen geregeld foar.
De oanlis fan de trekfeart yn 1638 wie wichtich foar de groei fan it doarp. Dy feart waard, op kosten fan de stêd Boalsert, oanlein om de marren en plassen yn de buert mei elkoar te ferbinen. Wichtich omdat yn dy tiid foaral oer it wetter hannel dreaun waard.
Hjoed-de-dei is in wente oan de trekfeart noch altyd in gaadlik objekt. Men kin foar de doar in boat oanlizze en yn de winter de redens ûnderbine.

Bysûnderheden
De herfoarme tsjerke fan Burchwert datearret fan begjin 13e ieu. De tsjerke is begjin de 18e ieu behoarlik renovearre. Besteande muorren waarden ommitsele foar ekstra stevigens en ek de toer krige ferstevige muorre-ankers. Yn de tsjerke stiet in grutte sark fan de famylje Ockinga. Dat keunstwurk waard yn 1550 makke troch Vicent Lucas. De rike famylje wenne yn de Ockinga State oan de Sjungadyk. Op it stee fan dy state stiet hjoed-de-dei in pleats.
Oan de oare kant fan it wetter stiet de roomsk-katolike Sint Johannes kapel. Dy kapel is nei de Twadde Wrâldoarloch boud foar de flechtelingen dy`t har yn Burchwert nei wenjen setten. De kapel wurdt net mear foar tsjerketsjinsten brûkt.

Wenje en libje
Toaniel, biljert, reedriden, keatsen, badminton, muzyk. Ynwenners kinne út ferskate ferienings kieze yn it doarp. Burchwert hat ek in eigen basisskoalle It Skûlplak en pjutteboartersplak. It doarp hie eartiids in rike middenstân, mar hjoed-de-dei moatte de ynwenners foar har boadskippen nei Boalsert.

© Gemeente Sudwest Fryslân

Histoarje fan Burchwert

Burchwert is sterk ferweve mei de Boalserter Feart en leit súdlik fan de Tjaard van Aylvapolder. Oan in diel fan de polderdyk, de Sjungadijk, hat him in nochal langhalige buert ûntwikkele. It buorskip Hemert westlik fan de provinsjale Westergoawei wurdt rekkene by Burchwert.

De doarpskearn fan Burchwert is mei kaaidiken en wâlskanten mei har bebouwing op de trekfeart rjochte. Oan de westlike kant stiet in rige huzen oan in dyk wêr ‘t in fytspaad op oanslút. Oan de eastlike kade is de bebouwing wat ôfwikseljender en mear iepen mei wenhuzen en pleatsen. Der steane ek in pear bedriuwsgebouwen fuort oan it wetter, de dyk giet der mei in bocht omhinne. Oan de súdlike marzje fan it doarp leit, njonken de Kloosterweg it oerbliuwsel fan de terp, wêr ‘t al sûnt de Midsieuwen de mânske doarpstsjerke op stiet mei oan de oare kant de grutte pastorije. Burchwert ûntwikkele him net om de tsjerke hinne; de feart is de spil wêr ‘t alles om draait. It doarp is yn ‘t earstoan, benammen oan de oare kant fan de feart groeid. De nei-oarlochske roomsk-katolike kapel, nei in ûntwerp fan Arjen Witteveen yn in tradisjonalistyske styl, is dêr ek telâne kommen.

De herfoarme tsjerke datearret oarspronklik út de twadde helte fan de 12e ieu. It is in goatyske tsjerke dy ‘t yn 1726 fernijd is troch Claes Bockes Balck, dy ‘t mei namme bekend is fanwege wettersteatswurken. Nei alle gedachten gie it yn dat jier om in ynterne ferbouwing, want yn de 17e ieu is de tsjerke al earder ommitsele. Oan de súdkant steane opfallend grutte steunbearen. De foarse toer fertroude men like min as de súdmuorre; it muorrewurk sit fol mei muorre-ankers. De tsjerke hat fraai meubilêr: in fakkundich snieën preekstoel, in doophek en in doopbekkenhâlder, in koperen hâlder foar it sânglês, in hearebank en ek in moai snieën oargelfront út 1735. Yn it koar leit in grutte sark fan de famylje Ockinga, dy ‘t yn1550 úthoud is troch Vincent Lucas, ien fan de grutmasters op dit mêd.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © Hendrik van Kampen

Webshop

Mogelijk hebben de volgende produkten uit onze webshop ook uw interesse. Deze produkten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.