Alles oer Dedzjum
NederlandsDuitsEngels

Alles oer Dedzjum


Deel:

-

-

Dedzjum

Dedzjum

Hoewol't beide plakken op goed fjirtich kilometer ôfstân fan elkoar lizze, is de âlde tsjerkepoarte fan de tsjerke fan Dedzjum yn Ljouwert te besjen. Mei de sloop fan de tsjerke yn 1889 waard de poarte nei it Frysk Museum oerbrocht. Gelokkich hawwe de hûndert ynwenners al wer jierren in nij beahús.

Skiednis
Wa't no op de lânkaart sjocht, lûkt net daliks de konklúzje dat Dedzjum lange tiid sterk ûnder ynfloed fan it wetter stie. It terpdoarp fan eartiids leit ommers middenyn in grut greidegebiet. Oant 1634 lei it lykwols ynsletten tusken de doe droechleine Sensmar en de Warkumer Trekfeart.

Bysûnderheden
Midden yn it doarp, op de terp, stie lange tiid in grutte 13e ieuske tsjerke. Dy is op âlde foto's noch te bewûnderjen. Yn 1889 waard it bouwurk ferfongen troch de hjoeddeistige tsjerke. De ryk fersierde tagongspoarte fan it oarspronklike beahús is doetiids oerbrocht nei it Frysk Museum yn Ljouwert.

Wenje en libje
Ynwenners fan Dedzjum binne nau belutsen by de aktiviteiten yn buordoarp Parregea. Se meitsje gebrûk fan doarpshûs, jeugdhonk, pjutteboartersplak en basisskoalle De Paadwizer.

© Gemeente Sudwest Fryslân

Histoarje fan Dedzjum

Dedzjum is in terpdoarp; yn it lânskip is de omtrek fan de oarspronklike, rûne terp noch te werkennen. Deddingaheem wurdt foar it earst yn 855 yn de boarnen neamd.

It doarp leit tusken de Warkumer Trekfeart en de yn 1634 droechleine Sensmar yn. It lânskip fan leechlizzende greidlannen deromhinne hat syn wjerslach op it doarp hân; de bebouwing is meast agrarysk fan karakter mei relatyf in soad buorkerijen. Oan de noardkant stean restanten fan in wetterbuert oan de feart en wat fierder nei it noarden ta leit it agraryske buorskip Arkum, besteande út in pear grutte pleatsen op in terp, dy’t ek ôfgroeven is. Op Ysgum yn it suden, eartiids ek in terpbuertsje, stiet noch mar ien pleats.

Foar it oare is it Dedzjumer doarpsgebiet lyts. It liket dat de huzen en buorkerijen yn buerten yn it noarden en it suden groepearre binne, yn ‘e buert fan de tsjerke is de bebouwing mear iepen. De terp mei tsjerke is sterk ôfgroeven, wat foaral oan de súdkant goed te sjen is. Der stiet op in kearmuorre in fraai izeren stek om it tsjerkhôf hinne. Der is noch in foto bewarre bleaun fan in flinke 13e-ieuske tsjerke mei in healrûn koar en in sealdaktoer. Dizze tsjerke is yn 1889 ferfongen troch in nij tsjerkegebou. De fraaie poarte is destiids oerbrocht nei it doe krekt stichte Frysk Museum yn Ljouwert, mar de snieëne banken binne opromme.

De nije tsjerke is ûntwurpen troch Jan van Reenen, de arsjitekt dy ‘t de toer fan Skettens en nei alle gedachten ek de tsjerke mei toer fan Himmelum tekene hat. It is in flinke tsjerke mei in skip fan fjouwer rûnbôgige finsterfakken djip yn in trijekantich sletten koar. De slanke, hege toer sjocht der opfallend goed fersoarge út mei de wat libbender meitsjende nissen yn de ûnderste segminten, oerwurkplaten, galmgatten en in detaillearre kroanlist mei dêrop de ynsnuorre nullespits. Eartiids wie nochal in grut part fan de befolking yn Dedzjum roomsk-katolyk, mids 19e ieu noch 62 %. Hjoeddei leit it der gâns oars hinne, nei alle gedachten omdat de roomsk-katoliken nei it tichteby lizzende Blauhús ferhuzen.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © Marica van der Meer

Webshop

Mogelijk hebben de volgende producten uit onze webshop ook uw interesse. Deze producten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Gemeente Wonseradeel in de atlas van Eekhoff

Gemeente Wonseradeel in de atlas van Eekhoff

Wonseradeel in de atlas van Schotanus

Wonseradeel in de atlas van Schotanus