Alles oer Ferwâlde
NederlandsDuitsEngels
Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Aanbieding: Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!

| Prijs inclusief verzenden: € 29,90

Alles oer Ferwâlde


Deel:

-

-

Ferwâlde

Ferwâlde

Oan de eardere Suderseedyk, krekt boppe Warkum, leit Ferwâlde. In kompakt doarp dêr`t âldere huzen en nijbou mei elkoar ferfrissele binne. It plak mei goed twahûndert ynwenners leit midden yn in grut greidegebiet.

Skiednis
De bûnte tsjerke fan Ferwâlde hat in skiednis dy`t werom giet oant de 13e ieu. Der wurdt sein dat parten fan it oarspronklik, dowestiennen gebou yn 1762 ôfbrutsen binne om ferkocht te wurden oan de semintyndustry yn Makkum. Fiif jier letter waard de tsjerke op `e nij boud en yn de 19e ieu yngripend fernijd.

Bysûnderheden
Ferwâlde makket diel út fan de Âldfaers Erf Rûte. Yn it doarp kinne kuierders en fytsers oan de timmerwinkel fan Inne Veenstra in besite bringen. Neist syn timmerwurk hie Veenstra grutte ynteresse foar stjerrekunde en alternative genêswizen. In besite oan de timmerwinkel lit ek wat sjen fan it libben fan in húshâlding om 1845 hinne.

Wenje en libje
Ferwâlde is fan oarsprong in sterk agrarysk doarp. De lêste jierren is oan de Buorren en de Djipwei in nije wyk boud. Foar de deistige boadskippen geane de ynwenners nei Warkum. It doarp hat in eigen basisskoalle, De Finne en doarpshûs De Djippert. De Djippert komt fan de feart mei deselde namme.

© Gemeente Sudwest Fryslân

Histoarje fan Ferwâlde

Ferwâlde is in, yn de uterste hoeke fan Wûnseradiel, leechlizzend komdoarp dat net sa fier fan de eardere Suderseedyk ôf leit. It is fia de Djippert mei de Dykfeart ferbûn. Nei it easten ta is it doarp mei de Lytse Feart ferbûn mei de Yndyk en de yn 1876-1879 droechleine Kolken oan de noardkant fan de Warkumer Mar. Al earder waarden de Aeltsjemar en de Fallingabuorster Mar droechmeald; dêr kaam yn 1644 permisje foar.

Ferwâlde waard yn it ferline in grut doarp neamd. Dat hie te krijen mei it doarpsgebiet mei in soad belangrike buorkerijen. It koe dan ek gâns stimmen útbringe. Yn de omjouwing wurde de leechlizzende landerijen, oant trije meter ûnder N.A.P., frijwol útslutend brûkt foar de feehâlderij. Allinne by de eardere seedyk, by it buorskip Doniabuorren, binne noch wat spoaren fan boulân. De doarpskearn, súdlik fan de tsjerke bestiet út in iepen romte dêr‘t âlde (súd) en nije bebouwing (noard) omhinne groepearre binne. Dêrfan út wei rinne noch in pear sydstrjitsjes.

De doarpstsjerke eaget mei har kleurige bepleistere uterlik noch net sa âld; lykwols moat se al datearje út de twadde helte fan de13e ieu. Mar der geane ek ferhalen dat tsjerke en toer yn 1762 ôfbrutsen binne mei it doel de dowestiennen te ferkeapjen oan de semintyndustry fan Makkum. Yn 1767 wie de nije tsjerke mei in spits tuorke op de westlike gevel klear. De lêste ‘fernijing’ fan de tsjerke hat yn 1877 plakfûn. It skip hat in trijekantich sletten koar en op de westlike gevel stiet in houten tuorke. De tagongspoarte is fersierd mei bak- en sânstien en hat in fronton mei opskrift en it jier 1767. De famyljebank fan Van Velzen datearret út de 18e ieu en in ienfâldiger bank mei draaide balusters is nóch in ieu âlder.

Ek Ferwâlde hat in ferrassing op de Aldfaers Erf-rûte, in timmerwinkel (sûnt 1845) yn in wat eigenaardich gebou mei in hege tutegevel. Súdlik fan Ferwâlde lizze de buorskippen Doniabuorren en by de dyk Skearnebuorren.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © Jan Dijkstra

Webshop

Mogelijk hebben de volgende producten uit onze webshop ook uw interesse. Deze producten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Gemeente Wonseradeel in de atlas van Eekhoff

Gemeente Wonseradeel in de atlas van Eekhoff

Wonseradeel in de atlas van Schotanus

Wonseradeel in de atlas van Schotanus