Alles oer De Gaastmar
NederlandsDuitsEngels
Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Aanbieding: Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!

| Prijs inclusief verzenden: € 29,90

Alles oer De Gaastmar


Deel:

-

-

De Gaastmar

De Gaastmar

It goed 875 jier âlde De Gaastmar is in wettersportplak. It doarp stiet streekrjocht yn ferbining mei in tal Fryske marren, lykas de Fluezen, de Hegemermar en de Grutte Gaastmar. It doarp hat likernôch 301 ynwenners en hat hiel wat terraskes en ytgelegenheden. In plak dêr`t de minsken graach wenje en it is in populêre fakânsjebestimming.

Skiednis
De Gaastmar is sûnt jier en dei ferbûn mei it wetter. Yn de marren om it doarp hinne waard lange tiid iel fongen. Fiskers ferkochten har fangst oan Ingelân. Oant de Twadde Wrâldoarloch stie De Gaastmar bekend om de ielhannel. Hjoed-de-dei sit der in profesjoneel swietwetterfiskbedriuw yn it doarp. De herfoarme tsjerke yn it doarp stiet op de monumintelist. Yn it gebou stiet in prachtige ikehouten preekstoel út de 17e ieu en in moai tsjerke-oargel. De klok yn de toer is fan 1517.

De Gaastmar hat syn eigen basisskoalle Mids de Marren. Lange tiid like it fuortbestean fan dy skoalle faai te stean. Opheffing drige omdat der te min learlingen wiene. Yn 1996 is de basisskoalle opgien yn de PCBO Wymbritseradiel. Sa is it bestean fan de skoalle foar de takomst fersekere.

Bysûnderheden
Oer it grutte tal fytspaden om de marren hinne kinne prachtige tochten makke wurde. Fytspontsjes soargje derfoar dat kuierders en fytsers maklik fan de iene nei de oare kant fan it wetter komme kinne. It wetter makket it doarp it ideale startplak foar in kanotocht troch de omjouwing. Yn 1998 is in rûte foar kanofarders oanlein. Sa ûntstie in ferbining tusken it Ringwiel en de Sânmar.

It doarp krige de ôfrûne jierren in fikse face-lift. In soad restaurants en kafees binne danich opknapt. Lyksa de monumintale pleats Attema Sate. De pleats feroare nei in foarse restauraasje yn in prachtich pensjon, dêr`t gasten oernachtsje yn in histoaryske keamer.

Yn 1968 waard de stichting Vrienden Van Gaastmeer oprjochte. De stichting sponseret foarsjennings en aktiviteiten yn it doarp. Sa kaam der in sitbank oan it wetter, in piano foar it doarpshûs en in kompjûtertafel foar de basisskoalle.

Wenje en libje
Om't it sa prachtich oan it wetter leit, rjochtet it doarp him foaral op toeristen. Kempings, kampearbuorkerijen, jachthavens, ferhierbedriuwen foar iepen sylboaten en platboaiems. In wettersportsintrum mei moderne simmerwenten foar de ferhier, hellings foar jachten, restaurants. It doarp hat it allegearre.
Dêrneist hat it doarp in libben ferieningslibben. It doarpshûs biedt ûnderdak oan it aktive ferieningslibben. Fansels mei it doarp by it skûtsjesilen net mist wurde. Oan it tradisjonele IFKS-skûtsjesilen dogge twa skippen fan De Gaastmar mei. 'De Lytse Lies' yn de A-klasse en 'De Hoop op Zegen' yn de B-klasse.

© Gemeente Sudwest Fryslân

Histoarje fan De Gaastmar

De Gaastmar is in frijwat isolearre lizzend wetterdoarp fan midsieuske oarsprong mei in nochal fersprate bebouwing dat leit tusken de Fluezen, mei de ynham it Piel en de Grutte Gaastmar yn. It doarp is mei alle kanten goed oer it wetter ûntsluten, mar op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet gjin dyk, sels gjin paad oanjûn nei doarpen yn ‘e buert. Op dy kaart stiet op de igge fan de Fluezen de buert Westerend, no Vissersburen, neamd, en noardlik Oosterend, no Kleine Gaastmeer. Dêr tuskenyn noch de Woudburen.

De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “een klein Dorp in ‘t Westen van Heeg, aan het Piel, een inham der Fluyssen. Onder dit Dorp behooren de buurtjes Oosterend, de Woudburen en Westerend aan de Fluyssen, alwaar veele Visschers woonen, en de aaken liggen, met welke de opgekochte meervisch naar Holland wordt verzonden.” Yn de 18e en 19e ieu hienen de ielfiskers en –handelslju fan de Gaastmar en Heech yn Londen in eigen lisplak.

Yn it sintrum is oer de feart in middelhege bôgebrêge slein. Dêr wurdt de romte markearre troch fjouwer gebouwen. Noard it kafee, in breed pân fan ien boulaach, yn it easten in opmerklike, mei stúkwurk fersierde stjelppleats, yn 1875 boud nei in ûntwerp fan A. Breunissen Troost en no it ûnderkommen fan de havenmaster. Yn súd de flinke kop-romppleats Attemastate út 1772 mei in ûnderkeldere foarein út 1869 en west in boerepleats mei in oerdwers pleatst foarein yn neorenêssânsestyl. De herfoarme tsjerke stiet wat efterôf oan in strjitsje mei fariearde bebouwing mei ûnder mear in notabele wenning. De tsjerke is in ynbannich, trijekantich sletten sealtsjerke út it begjin fan de 19e ieu mei in houten geveltoer.

Foar it noardwesten fan de doarpskearn wienen der yn 1962 plannen foar in wetterrekreaasjedelsetting oan de kant fan de Grutte Gaastmar. It wie al tsien jier letter dat dizze earste delsetting yn syn soarte yn Fryslân útfierd waard nei in stêdeboukundich plan fan Buro Bügel/Van de Dijk. Arsjitekt Hans Swanborn út Kedichem ûntwurp 56 rekreaasjewenten: uterst ienfâldige, grutte houten tinten.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © FrieslandWonderland

Webshop

Mogelijk hebben de volgende producten uit onze webshop ook uw interesse. Deze producten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Wymbritseradeel in de atlas van Eekhoff

Wymbritseradeel in de atlas van Eekhoff

Wymbritseradeel in de atlas van Schotanus

Wymbritseradeel in de atlas van Schotanus