Alles oer Hartwert
NederlandsDuitsEngels
Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Aanbieding: Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!

| Prijs inclusief verzenden: € 29,90

Alles oer Hartwert


Deel:

-

-

Hartwert

Hartwert

It hûndertfjirtich ynwenners tellende Hartwert hat in rûzige skiednis. In histoarje wêryn't de bloei en ferneatiging fan twa kleasters in wichtige rol spylje. It ienris sa religieuze plak moat it hjoed-de-dei mei allinne mar in klokkestoel dwaan.

Skiednis
Ea plôke it lytse terpdoarp de fruchten fan de warbere kleasters. Hartwert lei yn de 12e ieu tusken it Oegekleaster en it in bytsje gruttere Bloemkamp yn. Benammen yn de begjinjierren soarge dat foar warberens yn it doarp. Dat feroare yn 1535 doe`t Bloemkamp troch in groep anabaptisten beset waard. It leger griep yn en brocht hiel wat leauwigen om it libben. Yn datselde jier liet de steedhâlder fan Fryslân nochris hûndert baptisten ophingje, ûnthalzje of ferdrinke. Dy grouweldied wurdt noch altyd sjoen as de 'grutste moard op protestanten yn Fryslân'. De skiednis fan it doarp fine we werom yn nammen as de Kleasterwei, de Kleasterfeart en de Oegekleastermûne.

Bysûnderheden
Lange tiid stie midden yn it doarp de tsjerke fan Hartwert. Nettsjinsteande de religieuze eftergrûn hat Hartwert hjoed-de-dei allinne noch in klokkestoel út de 19e ieu. De tsjerke is yn 1771 sloopt fanwege de minne steat fan ûnderhâld. De ynwenners woene it hôf hâlde en keazen foar it pleatsen fan in klokkestoel. It bouwurk hat in lyts tuorke, dêr`t de âlde klok in plakje yn krigen hat.

Wenje en libje
Yn Hartwert wurdt folop keatst by Keatsferiening 'Spui yn `e Want'. Dêrneist moetsje doarpsgenoaten elkoar yn doarpshûs it Terphûs. It doarp hat in warbere middenstân, mar foar deistige boadskippen moatte de ynwenners útwike nei Boalsert, dat fiif kilometer fierderop leit.

© Gemeente Sudwest Fryslân

Histoarje fan Hartwert

Hartwert leit súdlik fan Burchwert en is der mei de kronkeljende Kleasterwei mei ferbûn. It is in lyts terpdoarp mei in romroftige skiednis. It doarp lei tusken twa kleasters yn: it Oegekleaster of Ugoklooster stie oan de Boalserter kant. Dit wie in úthôf fan Bloemkamp, it grutte kleaster eastlik fan Hartwert. Yn 1572 waard it Oegekleaster troch de Geuzen ferwoeste.

It folle gruttere Bloemkamp of Oldeklooster, stichte yn1191, stie eastlik fan it doarp, op noch gjin kilometer ôfstân fan de Hidaarder Syl fan de Alde Kleasterfeart yn de Slachtedyk. It wie in cisterciënzer abdij en ien fan de belangrykste kleasters fan Fryslân. Hoewol‘t it kleaster as agrarysk bedriuw goed draaid hie, gie it letter sa goed net mear, om ‘t hûnderten lekebroers op de kas tarden.

Begjin 15e ieu fûnen herfoarmings plak. In ieu letter folge in trageedzje: Bloemkamp waard yn 1535 troch 300 werdopers beset. De opstân waard mei in soad bloedferjitten delslein. It kleaster waard yn 1572 troch de Geuzen yn ‘e brân stutsen; in pear jier letter is it ienris sa mânske kleaster opheft. It brede kleasterterrein is werom te finen yn it lânskip: der steane no twa grutte pleatsen.

Tusken dizze religieuze delsettingen yn lei Hartwert, dêr‘t de befolking fan yn de Midsieuwen sûnder mis foardiel hie fan de bedriuwige en warbere kleasters. Hartwert waard foar fol oansjoen want oant 1322 ta binne de lândagen fan Westergoa yn Hartwert hâlden. Mar it is in stil en rêstich doarpke wurden.

Hartwert hie destiids in tsjerke, mar dy wie yn 1771 sa boufallich, dat se sloopt is. De deaden moasten wol yn de lytse mienskip bliuwe, sadwaande hat Hartwert syn tsjerkhôf yn eare hâlden. Der kaam ek in klokkestoel. It hôf hat, mei syn tichte beammeseame by ‘t simmer wol wat fan in griene katedraal, mei as middelpunt it klokkehús út it twadde kwart fan de 19e ieu, mei in klok dy ‘t mooglik al út de 14e ieu datearret. Dêromhinne is de bebouwing fan huzen en pleatsen groepearre.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © FrieslandWonderland

Webshop

Mogelijk hebben de volgende producten uit onze webshop ook uw interesse. Deze producten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Gemeente Wonseradeel in de atlas van Eekhoff

Gemeente Wonseradeel in de atlas van Eekhoff

Wonseradeel in de atlas van Schotanus

Wonseradeel in de atlas van Schotanus