Deel:


Heeg

Heech is in wetterdoarp mei in beskieden tsjerketerp. It doarp komt mei de namme Haghekercke yn 1132 yn de boarnen foar. Doe wie der al sprake fan fiskerij, skipfeart en hannel. It doarp is al folle earder ûntstien op in knooppunt fan wetterwegen. Tusken de Syl, de libbensier van Heech en de tsjerke yn hat him streekbebouwing ûntjûn by de Harinxmastrjiite lâns, dy‘t stadichoan tichter beboud waard, wêrtroch‘t it doarp in lytsstedsk karakter krige. Súdlik fan dizze streek stie de Harinxmastins.

Nettsjinsteande de nije dynamyk foar wetterrekreanten is it ferline fan fiskerij, skipfeart en hannel noch te werkennen oan de romtlike struktuer en it karakter fan de bebouwing yn de doarpskearn. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 is de kompakte doarpsstruktuer te sjen. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “Heeg, anders Hegens, een groot en bestraat dorp, op een vrij hoogen heuvel, gelegen ten Noorden van het Heeger meer. In ‘t Westen der buurt plag Harinxma state te zijn, hebbende het gelagt van dien naam hier, sedert verscheiden eeuwen gebloeid. [...] De buurt en kerk, die in den jaare 1745, in plaats van den voorige, die wel groot en aanzienlyk, doch door ouderdom vervallen was, gebouwd werd, staat aan het Westeinde der buurt; dezelve pronkt met een spits torentje [...]. Buiten de buurt heeft men meerendeels laage landen en veel poelen, als Henxte-, Feike-, Palse Poelen enz. Van hier, Noordwaarts, loopt een paarde weg tot aan de buurt Osingahuizen, hier onder behoorende [...]. Tusschen de Wymerts en het Heeger meer, ligt een stuk lands, met de naame Oostwoude, daar eene plaats gevonden wordt, bekend by den naam van Gouden Bodem, welke mede behoort tot dit Dorp, dat zich in ‘t Westen zeer verre uitstrekt.”

De ‘paardenweg’ nei Oazingahuzen is yn 1846 ta in strjitwei ferbettere en dêrtroch krige Heech oer de dyk in goede ferbining mei it efterlân. Dêrop rekke de Skatting geandewei beboud. Foar de Twadde Wrâldoarloch waarden de noch lege plakken ûnbeboud gebiet noardlik fan de haadstrjitte en de Wegsloot mei huzen beboud. Nei de oarloch binne der yn ferskillende fazen noardlik fan de âlde kearn flinke útwreidingswiken ta stân kommen. Wilens wienen de wâlskanten en havens foar de rekreaasjefeart ûntwikkele en wreide it bedriuweterrein oan de noardeastkant him geandewei út. Heech is yntiid in grut doarp mei fariearde karakteristiken.

De herfoarme tsjerke is yn 1840 boud as ferfanger foar in tsjerke fan in lytse ieu âlder, dy‘t wer in midsieusk godshûs ferfong. Se is in sealtsjerke mei in trijekantige sluting en in houten geveltoer, der‘t de romp noch fan datearret út 1745 en in bekroaning út 1797. De liedklok is yn 1616 getten. De tsjerke hat meubilêr út begjin 18e ieu. De neogotyske roomskkatolike tsjerke is yn 1876 ferriisd nei in ûntwerp fan P.J.H. Cuypers mei earnstige bemuoienissen fan de boupastoar. De ienbeukige krústsjerke hat in trijekantich sletten koar en in toer fan trije segminten mei in ynsnuorre spits. Se hat in passend ynterieur en meubilêr út de boutiid en fan even letter. De yn 1891 nei in ûntwerp fan Tjeerd Kuipers oan de Skatting boude grifformearde tsjerke is in fraai foarbyld fan neorenêssânse. Se is in krústsjerke mei in toer, wêrfan’t benammen de spits ryk detaillearre is. It ynterieur is yn 1967 ‘modernisearre’.

Op de Nijewâl by de Syl stiet in rige deftige wenningen. De kearn fan Heech, de Harinxmastrjitte, besit foaral 18e- en 19e-ieuske bebouwing. Der stiet in tal foarname huzen: huzen fan rike fiskers en ielhannelers. Dorpsstraat 27 mei in útboude middenpartij mei fyn byldhouwurk is in 18e-ieusk pronkje, dat syn wjergea yn Fryslân amper kin. Op it Eilân nû. 1 is in beskieden húske út 1782 te finen. Yn ‘e midden op de sichtgevel stiet in flinke dakkajút mei in omlisting fan sânstien. Yn de wangen dêrfan binne op in elegante wize tusken rococokrolwurk fjouwer snoeken ferwurke en yn de bekroaning mei in holbolle omlisting mei tufen stiet yn it cartouche: ‘Siet u Selfs’.


Colofon

NLH: NoordBoek - Peter Karstkarel
FYH: NoordBoek Friesland
DEH: NoordBoek Friesland
NLP: Gemeente Sudwest Fryslân
FYP: Gemeente Sudwest Fryslân
DEP: Beleef Friesland
ENP: Beleef Friesland


© Tekst: - © Foto voorblad: FrieslandWonderland

Heeg
©: FrieslandWonderland