Alles oer Hichtum
NederlandsDuitsEngels
Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Aanbieding: Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!

| Prijs inclusief verzenden: € 29,90

Alles oer Hichtum


Deel:

-

-

Hichtum

Hichtum

In kuier troch it doarpke Hichtum, krekt boppe Boalsert, nimt besikers mei nei de tiid dat it doarp bewenne waard troch rike Fryske grytmannen. Hichtum hat in hiele list fan skatrike famyljes dy`t op Wibranda State wennen.

Skiednis
Hichtum hat mar ien strjitte: de Schwartzenbergwei. Dy strjitte is ferneamd nei de famylje Schwartzenberg, dy`t ein 18e ieu op Wibranda State wenne. It ferhaal giet dat de stins goed 25 keamers telde en ferneamd wie fanwege de grutte tún mei wol hûndertfjirtich fruitbeammen. Om 1840 hinne waard Wibranda State ôfbrutsen. Op itselde stee kaam in grutte pleats mei deselde namme.

It doarp leit geunstich oan de Frjentsjerterfeart. Deunby de binnenstêd fan Boalsert. In ideaal plak om te wenjen, sa ûntdieken in soad adellike geslachten. Ek de omjouwing wie oanloklik. Prachtige fiersichten oer de greiden en it wetter rûnom. It wie net samar wat dat de Tegenwoordige Staat van Friesland Hichtum yn 1788 ta 'een der grootste en schoonste Buitenplaatsen in deeze Provincie' beneamde.

Bysûnderheden
De herfoarme tsjerke foarmet al jierren it middelpunt fan it doarp. Yn dat beahús binne ferskate wapens en grêfskriften te finen, mei dêrop de nammen fan generaasjes adellike geslachten. Sa stiet der in grêfmonumint fan Hessel van Huyghis en syn frou Frouck fan Wyckel. Ek fan de machtige famylje Thoe Schwartzenberg en Hohelansberg binne grêfspoaren yn de tsjerke werom te finen.

Wenje en libje
De ynwenners fan Hichtum moetsje elkoar foaral yn doarpshûs Ús Gerak. Se hawwe ek in soad kontakt mei de buorlju fan Burchwert. Sa folje de doarpen tegearre de doarpskrante op `e Hichte. In soad Hichtumers binne lid fan de sportklups yn it buordoarp. Foar de deistige boadskippen geane de minsken nei Boalsert.

© Gemeente Sudwest Fryslân

Histoarje fan Hichtum

It terpdoarpke Hichtum komt yn 1270 foar it earst as Hectum yn de boarnen foar. It is it earste doarp noardlik fan Boalsert oan de Harnzer Trekfeart en wurdt oan dat wetter ynlieden troch in aardich wetterbuertsje. It doarpsgebiet is nea fan grutte omfang west. It buertsje Syswert heart der fanâlds by; it leit no oan de oare kant fan de provinsjale Westergoawei.

Yn Hichtum is mar ien strjitte: de Schwartzenbergweg. Oan ‘e noardkant fan ‘e tsjerke stiet wat bebouwing, dy‘t in doarpskom foarmet. Tsjin de tsjerke oer is yn de lette 19e ieu in buorrentsje ûntstien. Súdlik fan Hichtum stie Wibrandastate, dat bestie út twa flinke gebouwen en in poartegebou, dêr‘t generaasjes lang foar Wûnseradiel ferneamde aadlike geslachten residearre ha: Wibranda, Aysma, Van Huyghis, Aytta en Schwarzenberg en Hohelansberg. Wibrandastate telde 25 keamers en wie ferneamd om har tunen mei fruchtbeammen. Dat dy beammen ek wolris úttinne waarden, bewiist in houtferkeap yn de 18e ieu. Yn 1833 wurde der 330 beammen ferkocht en fjouwer jier letter alle noch oerbleaune beammen. Net folle letter is de state ôfbrutsen. Op dit plak is der doe in kop-hals-rompbuorkerij foar yn ‘t plak kommen, dy‘t der noch altyd stiet. Hoewol ‘t sa‘n ferfanging gebrûklik is, is hjir dôchs wol wat besûnders mei: om de hjoeddeiske Wibrandastate lizze ek no wer in royaal en fraai oanlein boerehiem en in (appel)hôf. Yn de Gouden Ieu waard de state bewenne troch Hessel van Huyghis en Frouck van Wyckel; foar harren waard yn de tsjerke in pronkerich grêfmonumint oprjochte dat no frjemd genôch mei de preekstoel ferweve is. Ek fan de machtige famylje Thoe Schwarzenberg en Hohelansberg binne grêfspoaren yn de tsjerke te finen.

De om 1200 hinne fan giele kleastermoppen boude tsjerke stiet op in hôf dat omseame is mei in skulpepaad mei esken en iperen beammen. Yn de noardmuorre binne spoaren te sjen fan lytse romaanske finsters, yn de súdmuorre inkele spoaren fan flau spitsbôgige romaanske finsters en in rûnbôgige hagioskoop. Ek de toer is oplutsen fan giele moppen.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © Hendrik van Kampen

Webshop

Mogelijk hebben de volgende producten uit onze webshop ook uw interesse. Deze producten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Gemeente Wonseradeel in de atlas van Eekhoff

Gemeente Wonseradeel in de atlas van Eekhoff

Wonseradeel in de atlas van Schotanus

Wonseradeel in de atlas van Schotanus