Alles oer Hurdegaryp
NederlandsDuitsEngels
Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Aanbieding: Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.0000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!

| Prijs inclusief verzenden: € 29,90

Alles oer Hurdegaryp


Deel:

-

-

Histoarje fan Hurdegaryp

Hurdegaryp

Hurdegaryp is in yn ‘e lingte útrekt streekdoarp, yn de Midsieuwen ûntstien op in sânrêch. De doarpskearn mei in 13e-ieuske tsjerke lei ynearsten súdliker dan dêr‘t no it sintrum te finen is. Mear nei it suden ta lei noch it buorskip Gaestmabuorren, dat gruttendiels by Hurdegaryp hearde. Dêr stie oan1829 ta de Grovestins, in kloeke toerstins.

Op de gritenijkaart fan Tytsjerksteradiel yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet op it plak dêr‘t it hjoeddeiske doarp leit bebouwing oan wjerskanten fan it ferlingde fan de yn 1528-1531 oanleine Zwarteweg, dy ‘t fan Ljouwert ôf yn eastlike rjochting rûn. Dêr stiet ek Huize Bennema yntekene mei de meidieling dat de famylje Fortuijn dêr dan wennet. Oan de súdlik rinnende Simmerdyk wennen noch net safolle minsken, mar de tsjerke stie der wol. Wer mear nei it suden ta hie Gaestmabuorren in behoarlike bebouwing. De Tegenwoordige Staat van Friesland fermeldt: “Dit dorp heeft een fraaje Kerk en toren, met een schoone buurt huizen. De Kerk stond weleer aan de Zomerweg; doch is in ‘t jaar 1714 by de buurt geplaatst, welke bestaat uit een dubbele streek huizen, by welke men eene fraaje hofstede ziet, aldaar door zekeren Bennema van Leeuwarden gesticht, aan den vermaakelijken rydweg die van hier naar Veenwouden loopt, en thans behoorende aan de Familie van Boelens. In ‘t Zuidwesten ligt eene buurt en een groot gebouw met naame Gaalslot, voorzien van eene schoone plantagie. In ‘t Zuidzuidoosten, niet verre van Bergum, ligt in ‘t geboomte Gaastmabuuren [...]. By deeze huizen lag weleer de state Groustins, waarvan de stins noch in weezen is.”

De Grovestins stiet op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út 1847 noch oanjûn, al wie it gebou yn 1829 al sloopt. By de ferkearsdyk yn it noarden stiet de nije tsjerke yntekene en op it plak fan de midsieuske tsjerke is it Oud kerkhof oanjûn en fuort dêrby it Priestershuis. Yn 1830 is de rykswei fan Ljouwert nei Grins oanlein, diels oer it trasee fan de Zwarteweg. Troch Hurdegaryp hinne rûn ûngefear op it hjoeddeiske plak ek al in dyk. Oan de westlike kant fan de buert dy‘t dêr ûntstie, is yn 1711 de nije herfoarme tsjerke boud troch timmerman Eilof Johannes út Wyns. Dat stiet te lêzen boppe in opskrift boppe de yngong. It is in ynbannige sealtsjerke mei in trijekantich sletten koar en houten geveltoer. Binnenyn hat de tsjerke in kânsel út it begjin fan de 18e ieu mei ryk snijwurk. It meubel hat korintyske pylderkes op de hoeken fan de kûp en draacht evangelistesymboalen en der stean twa hearebanken, wêrfan’t ek ien út de 17e ieu, sûnder mis út de âlde tsjerke komt. Fierderop oan de Ryksstrjitwei stiet ek noch in evangelisaasjelokaal fan de herfoarmden, in ienfâldich bouwurk út 1935 mei inkele ekspresjonistyske eleminten.

Under de wenhuzen falt mei namme de wat efterôf steande ‘Villa Nova’ op. De L-foarmige filla mei in útboude middenpartij is yn 1856 boud foar J. Hora en P.J. Hora-Adema yn in mingstyl dêr’t it neoklassisisme de oerhân hat. Fierders stiet oan de haadier fan de âlde streek in oantal notabele wenningen mei in middengong dêr‘t de middenpartij by útboud is of aksintuearre troch in sierlike kajút. Mear nei it westen ta stean wenhûspânen meast út de 20e ieu. Dêr binne ek karakteristike eksimplaren by.

Op in royale kavel op nûmer 24 boude arsjitekt Abe Bonnema yn 1961-1962 in doaze-foarmige, modernistyske houten fila. It tsjinne as eigen wenhûs en kantoar foar syn arsjitektenburo. De tún is oanlein nei in ûntwerp fan Mien Ruys. Fan de sechstiger jierren ôf krige Hurdegaryp in stevige ympuls trochdat der in soad Ljouwerters har dêr te wenjen setten. Yn sa ‘n tsien jier tiid groeide it doarp út ta in forinzeplak. Súdlik fan de Ryksstrjitwei kamen omfangrike wenwiken yn in nochal strange rjochthoekige ferkaveling ta stân. De foarsjennings binne meigroeid. Sa krige it plak koartlyn in merkplein oan de Fuormanderij, omseame troch in winkelsintrum, diels mei apparteminten en ferdjippings.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © FrieslandWonderland

Webshop

Mogelijk hebben de volgende produkten uit onze webshop ook uw interesse. Deze produkten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Tietjerksteradeel in de atlas van Eekhoff

Tietjerksteradeel in de atlas van Eekhoff

Tietjerksteradeel in de atlas van Schotanus

Tietjerksteradeel in de atlas van Schotanus