Alles oer Idzegea
NederlandsDuitsEngels

Alles oer Idzegea


Deel:

-

-

Idzegea

Idzegea

It doarpke Idzegea leit oan de poel mei deselde namme, de Idzegeasterpoel. Der wenje likernôch tritich minsken. De ynwenners fan it buorskip geane foar har deistige boadskippen nei buordoarp Âldegea.

Skiednis
Idzegea is yn de midsieuwen ûntstien. Yn dy tiid bestie it gebiet út leechlizzend wetterlân. Sadwaande hat Idzegea gjin echte doarpskearn. Dochs hat it boeredoarp him as selsstannige mienskip hanthavenje kinnen. Idzegea is ien fan de lytste doarpen yn Fryslân.

Bysûnderheden
Idzegea hat in prachtige klokkestoel. De klok waard fiif jier nei de Twadde Wrâldoarloch getten. De klokkestoel stiet oan de wei dêr`t deselde namme yn sit, de Klokhûsdyk. Noch altyd liede de minsken de klok by in begraffenis.

Wenje en libje
Âldegea hat aardich wat foarsjennings, dêr`t de ynwenners fan Idzegea folop gebrûk fan meitsje. Neist in gesellige winkelstrjitte hat Âldegea in kafee en in restaurant. Yn 1993 iepene yn Âldegea multyfunksjoneel sintrum It Joo syn doarren. Dêr kinne ynwenners terjochte om te sporten yn de gimmestykseal mei tribune. Dêrneist hat it sintrum in feestseal mei poadium, klaaikeamers foar binnen- en bûtensport en in sintrale romte om elkoar te moetsjen. By It Joo leit ek it sportkompleks fan de pleatslike fuotbalferiening.

De ynwenners fan Idzegea moatte har wat it iepenbier ferfier oanbelanget, rêde mei de bus.

© Gemeente Sudwest Fryslân

Histoarje fan Idzegea

Idzegea is in agraryske streek dy‘t syn oarsprong hat yn ‘e Midsieuwen. Yn it leechlizzende wetterlân tusken Heech en Aldegea yn hat it nea ta in konsintraasje fan bebouwing komme kind. Lykwols hat de boeremienskip him as selsstannich doarp hanthavenje kinnen, al is it ien fan de meast beskiedene, op Smelbrêge nei, it lytste doarp fan Fryslân.

Op de gritenijkaart fan Wymbritseradiel yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet it oanjûn mei in tsjerke by de noardwestlike hoeke fan de frij grutte Idzegeaster Poel. Tichteby om stean twa huzen en fierder ferspraat yn it lân noch twa buorkerijen en twa huzen.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 fermeld: “Idzega, of ook Idzinga is, insgelyks als de naastgelegen dorpen rondom in wateren en poelen gelegen, waarvan de voornaamste, naar het dorp, den naam draagt van Idzegaster poelen. In ‘t Zuiden van dit dorp [...] ligt eene plaats de Bratten genoemd, waarop zich zeker Heer uit het geslagt van Heemstra veel plagt te onthouden, wegens haare goede gelegenheid tot de visschery: dezelve liet hier ook twee polders aanleggen, die tegen verwachting niet alleen goed weiland, maar zelfs goed bouwland gaven. Voor het overige zyn de landen hier ten grooten deele zeer laag, daar men ook klyngronden vindt, uit welke sedert kort vry goede turf gegraaven wordt. In ‘t Westen van dit dorpje ligt het buurtje Band, en daarby een poeltje van dien naam.”

De Bratten lei by de súdwestlike hoeke fan de poel en de Band is noch altyd in boerebuorskip tusken Aldegea en Sânfurd. As de bebouwing fan destiids by de omfang fan it doarp rekkene wurdt, stienen hjir yn de 18e ieu seis wenningen en fjouwer boerepleatsen. Op de kaart yn de atlas fan Eekhoff docht bliken dat der amper ûntjouwingen west ha en oan de hjoeddeiske sitewaasje is ek net te fernimmen dat der hjir wat feroare is. Op it tsjerkhôf stiet in ienfâldige klokkestoel, mei derûnder fragminten fan alterstiennen en in sark út 1623.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © Hendrik van Kampen

Webshop

Mogelijk hebben de volgende producten uit onze webshop ook uw interesse. Deze producten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Wymbritseradeel in de atlas van Eekhoff

Wymbritseradeel in de atlas van Eekhoff

Wymbritseradeel in de atlas van Schotanus

Wymbritseradeel in de atlas van Schotanus