|

Jutryp

Jutryp
©: FrieslandWonderland

Jutryp is in lang útrekt streekdoarp dat yn de lette Midsieuwen súdlik fan Snits ûntstien is as in wetterdoarp. De bebouwing fan de streek kaam foaral oan de westkant fan de feart it Far. Sûnt de oanlis yn 1843 fan de ryksstrjitwei fan Snits nei De Lemmer oan ‘e eastkant fan it wetter, makke in part fan it doarp geandewei in draai fan 180 graden en hat it him ûntjûn ta in dyksdoarp en groeide sadwaande ek fêst oan it buordoarp Hommerts. Mar it noardlike part leit by de Binnenwei lâns, fierder fan de drokke strjitwei ôf en fertoant noch altyd de âlde struktuer.

Op de gritenijkaarten yn de atlassen fan Schotanus en Eekhoff út 1716 en 1851 is dit proses te sjen. Begjin 18e ieu is alle, benammen agraryske bebouwing mei opfearten noch rjochte op it ûnregelmjittich meänderjende Far. Dizze hat ek fearten nei it easten ta as ferbinings mei de Easter Wimerts foar de ferbining mei Snits yn it noarden en it marregebiet yn it suden. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “Jortryp, doorgaans genaamd Jutryp, en het volgende dorp Hommerts zyn gelegen tusschen de beide Wymertsen aan eene oude moerige vaart, van ‘t eene dorp naar ‘t andere loopende: aan den Oostkant deezer vaart ziet men de Kerk, hebbende een’stompen toren, en ook de meeste huizen en plaatsen. ... Ten Noorden en ten Westen strekken de landen des Dorps zich uit tot aan de Stads Gerechtigheid van Ylst, ten Oosten aan Oppenhuizen, en ten Zuiden aan Hommerts. ”

De âlde stompe toer waard yn alle gefallen oant healwei de 19e ieu ta hanthavene, mar de âlde tsjerke mei moai skilder- en snijwurk, is om 1819 hinne ferfongen troch in nij gebou mei opnij in toer mei spits. Ek dizze tsjerke koe net bestean bliuwe en is yn it begjin fan de santiger jierren sloopt.

Yn Jutryp stiet in oantal monumintale pleatsen. Dy oan Binnenpaed 46 hat in deftich foarein en de kop-rompbuorkerij op nûmer 12 fertoant ekspresjonistyske trekken út de tritiger jierren.

Colofon

Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel
FYP: Gemeente Sudwest Fryslân

© Foto voorblad: FrieslandWonderland


Archivering van erfgoedinformatie met het ErfgoedCMS™

Bent u geïnteresseerd in erfgoedinformatie en hoe u dit op een professionele en duurzame manier kunt ontsluiten op het internet, dan is het volgende voor u van belang.

Sinds kort is er namelijk het ErfgoedCMS™ van DeeEnAa. Met dit op maat gemaakte ErfgoedCMS™ kan ieder dorp of iedere stad haar erfgoedinformatie registreren, rubriceren en ontsluiten. Daarnaast kan het ErfgoedCMS™ worden ingezet als webshop voor lokale producten en kan het de basis vormen voor dorps- of stadswandelingen compleet met QR-code bordjes.

Voor meer informatie over dit onderwerp verwijzen wij u graag naar de pagina over het ErfgoedCMS™ op de ErfgoedCMS-website via onderstaande knop.