Alles oer Kimswert
NederlandsDuitsEngels
Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Aanbieding: Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!

| Prijs inclusief verzenden: € 29,90

Alles oer Kimswert


Deel:

-

-

Kimswert

Kimswert

Kimswert is in doarp, mei sa`n seishûndert ynwenners en leit likernôch twa kilometer súdlik fan Harns. It oarspronklike terpdoarp is foaral bekend wurden troch in ferneamde midsieuske ynwenner, Grutte Pier.

Skiednis
Om de 7e ieu hinne waard de omjouwing fan Kimswert foar it earst bewenne. De hjoeddeistige namme is ôflaat fan Kemmerswerth, sa't it plak oant de 13e ieu hiet. Likernôch fjouwer ieuwen letter waard de Bidlerfeart, in ôfwetteringskanaal fan de see-earm De Marne, ferbrede. It feit dat it doarp oan dy wichtige farferbining leit, hie in positive ynfloed op de fierdere ûntjouwing fan it doarp. Oan wjerskanten fan de feart ûntstie in sletten bebouwing. Kimswert krige dêrtroch mear it karakter fan in doarp oan in feart as fan in terpdoarp.

De eardere Marne joech Kimswert fruchtbere grûn. De grûn, ryk oan kalk en fyn sân, wie tige geskikt foar lânbou. Healwei de 18e ieu ferkrommele de gernier op syn knibbels de hurde grûn ta moudige ierde. Yn dy 'moude' sette er syn poaters. Noch altyd hawwe Kimswerters de geuzenamme moudekrûpers.

Kimswert is foaral bekend troch Pier Gerlofs, alias Grutte Pier. Saksyske hierlingen plonderen yn 1515 syn pleats en stutsen dy, lykas de tsjerke fan Kimswert, yn `e brân. Fan dat stuit ôf waard Karel V, greve fan Hollân, dé fijân fan Grutte Pier. Hy focht ferbiten tsjin de Hollanners, wêrby't syn lingte en lichemskrêft doe al legindarysk wiene. Pier luts him werom út de striid doe`t er it fertrouwen yn Karel fan Gelre, dy`t de Friezen holp, ferlear. Hy fêstige him yn Snits dêr`t er 1520 ferstoar. Syn ûnbiedige swurd is noch altyd te bewûnderjen yn it Frysk Museum.

Bysûnderheden
Yn Kimswert stiet in stânbyld fan Grutte Pier. De ferneamste ynwenner fan it doarp stiet op de hoeke by de Laurentiustsjerke. Dy tsjerke is boud op in terp en hat eleminten út de 11e ieu.

Wenje en libje
Kimswert hat in aktyf doarpslibben mei ferskate klups en ferieningen. En mei Harns om `e hoeke lizze alle foarsjennings foar it opkrijen.

© Gemeente Sudwest Fryslân

Histoarje fan Kimswert

It terpdoarp Kimswert hat in skildereftige kearn mei karakteristike wetterbuerten by de Harnzer Feart lâns. De noardeastlikste wetterbuert hat in binnepleintsje mei bebouwing fan húskes fan giele stientsjes. De Duivengracht oan de feart bestiet út in rige fan skean en bryk steande huzen fan dat type. De oare kant is te berikken oer in hege houten fuotgongersbrêge, in heechhout.

Tsjin de tsjerke oer lizze it eardere skoaltsje en in yn it beamtegrien ferskûle karakteristike pastorijewenning. Tusken de tsjerke en de brêge yn stiet kafee Greate Pier mei in oerstekkende ferdjipping op pylderkes. It kafee is neamd nei de ferneamdste Kimswerter. De houdegen Grutte Pier is berne yn Kimswert, de terge boer dy‘t yn de 16e ieu Bourgondiërs, Saksers en Hollanders bestride. Op de hoeke by de tsjerke stiet syn stoere stânbyld, makke troch Anne Woudwijk.

De nei-oarlochske doarpsútwreiding is oan de súdwestlike kant fan de trochgeande dyk oanlein en de sportfjilden lizze oan ‘e oare kant. Oan de eastkant leit Heemstra State, no in kop-hals-romppleats.

Kimswert is grutsk op de romaanske tsjerke mei toer út om-ende-by 1100. De noardgevel fan dowestien is fersierd mei in rûnbôgefries en rûnbôgenissen mei tichtsetten lytse rûnbôgefinsters. De noardlike yngong wurdt bekroand troch in 12e-ieusk mysterieus reliëf: in masker mei ranken. It bakstiennen koar mei lichte steunbearen datearret út de 13e ieu en de súdmuorre is beklampe mei giele stientsjes. De toer fan dowestien eaget libbendich mei sparfjilden mei rûnbôgefriezen. De tsjerke hat in ryk 17e-ieusk ynterieur. Ut dy tiid datearje de lambrisearring, de koarsluting, banken mei útsnijde wangstikken en fansels de dooptún mei de preekstoel yn ‘e midden. Fierders binne belangrike spoaren te finen fan de aadlike famylje Heemstra: in famyljebank mei oerkapping, foarsjoen fan wapens, twa memoarjebuorden, ien fan de Heemstra’s-froulju is sels mei in portret yn ‘e tsjerke oanwêzich. Ien fan de grêfsarken fan de Heemstra’s, yn 1614 troch de Harnzer boumaster en stienhouwer Jacob Lous makke, hat op in sintraal punt in eksellint perspektivysk útsicht op in paleistún.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © Peter Karstkarel

Webshop

Mogelijk hebben de volgende producten uit onze webshop ook uw interesse. Deze producten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Gemeente Wonseradeel in de atlas van Eekhoff

Gemeente Wonseradeel in de atlas van Eekhoff

Wonseradeel in de atlas van Schotanus

Wonseradeel in de atlas van Schotanus

Categorie: boeken

De striid fan Grutte Pier

De striid fan Grutte Pier

“De striid fan Grutte Pier” giet oer it libben fan boer Pier Gerlofs Donia, dy’t belutsen rekket by de striid fan de Friezen tsjin de Saksyske (en letter) Hollânske oerhearsing fan Fryslân. Y

... lees meer

Prijs: € 9,95


Categorie: boeken

De strijd van Grutte Pier

De strijd van Grutte Pier

Het boek “De strijd van Grutte Pier” gaat over het leven van de boer Pier Gerlofs Donia, die betrokken raakt bij de strijd van de Friezen tegen de Saksische (en later) Hollandse overheersing van F

... lees meer

Prijs: € 9,95