Alles oer Kollumersweach
NederlandsDuitsEngels
Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Aanbieding: Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.0000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!

| Prijs inclusief verzenden: € 29,90

Alles oer Kollumersweach


Deel:

-

-

Histoarje fan Kollumersweach

Kollumersweach

Kollumersweach is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is op de noardlike râne fan in rêch fan balstienliem dy‘t yn de 11e en 12e ieu in ûntginnings-as foarme. De lange Foarwei tsjûget der noch fan. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788 dat it doarp: “in ‘t Zuiden van dit deel gelegen, en zeer vermaakelyk wegens het geboomte, waar mede de huizen en bouwlanden omringd, en de wegen beplant zijn [...] en onder ‘t zelve liggen ten Noorden de watertjes ‘t Wydwater, ‘t Merrygat en de Gauw.”

Yn it Aardrijkskundig Woordenboek van Van der Aa út healwei de 19e ieu wurdt nei it melden fan de earmoede in aardige sosjale beskriuwing fan de befolking jûn: “die meest hun bestaan vinden in den landbouw, alsmede in het snijden en verkoopen van dekriet (Phragmites Communis), het verkoopen van jonge stoppel-, els- en berkenboompjes, het maken van roop of strootouw, van roggestroo gedraaid, hetwelk zij bij de bind verkoopen en op hunne hoofden, gelijk heidenbezems en schrobbers, door geheel Groningerland dragen; ook wonen hier vele handelaren in grove Friesche kaas, welke zij op wagens, veelal met oude afgeleefde paarden bespannen, in de prov. Groningen verkoopen, waar zij tevens oude paarden opkoopen of voor kaas inruilen, die in het najaar te Kollumer-Zwaag gedood en gevild worden, waarom de Kollumer-Zwaagsters, in vroeger tijden van vooroordeel, als paardenvillers en roopendraaijers in minachting waren; de kinderen loopen hier des zomers meest allen barrevoets.”

Der is net folle mear oer fan dizze eartiidske earmoede. De beskieden wenninkjes en boerespultsjes binne frijwol allegearre opromme. Tsjin de tsjerke oer is op nûmer 120, mei in soad ynspannings, ‘Willems Húske’ bewarre bleaun. It foldocht abslút net mear oan bou- en bewenningsfoarskriften, mar as belangrike tsjûgenis fan hoe as hjir troch kreas en himmel folk op in beskieden manier libbe waard, is it stean bleaun en restaurearre. Yn dit húske wennen generaasjes lang de klokkelieders fan de tsjerke.

Oan de oare kant fan de Foarwei, justjes westlik fan de tsjerke stean twa wâldpleatsen, op 145 in lyts spultsje út 1788 en op nûmer 149 in gruttere buorkerij út 1724. Fierders is der net in soad âlde bebouwing te finen. Sels fan de wenningen út de iere skiednis fan de organisearre folkshúsfesting is hast neat mear oerbleaun. Oan de alhiel westlik lizzende Feartwei steane noch twa út om-ende-by 1930.

Yn it lêst fan de 19e ieu, mar noch mear oan it begjin fan de 20e ieu hat de âlde bebouwing plak makke foar kreaze boargerwenten mei hjir en dêr in winkel of in filla. In moai foarbyld fan de lêste is yn it easten oan de Foarwei nûmer 70 de filla Zwagerveen. De wenning is oplutsen yn kalksânstien mei kontrastearjende kleure-aksinten en yn foarmen fan de fernijingsstyl. Dêrnjonken stiet in wenning út 1911, dy‘t nei alle gedachten earder in winkelbestimming hân hat, en yn de fernijingsstyl. Oan de oare kant riist de grifformearde tsjerke op dy‘t yn 1925 boud is ta ferfanging fan in foargongster út 1894. It gebou is foarsjoen fan in portaal en hat in dakruter op de foargevel.

Oan de Tsjerkestrjiite en de Koarteloane hat him om 1950 hinne in flinke buert ûntwikkele fan 27 huzen, 24 âlderenwenningen en in Griene Krúsgebou yn de tradisjonalistyske foarmen fan de Delftse School. Nei de tiid is der frijwat sosjale wenningbou yn Kollumersweach ta stân brocht, wêrtroch‘t it doarp nei de oarloch yn it noarden en yn it suden sterk groeid is.

Middelpunt fan it doarp is de âlde doarpstsjerke dy‘t oan in slinger yn de Foarwei op in ferheging stiet. Tsjerke en sealdaktoer datearje út de 12e ieu; it koar is yn de 15e ieu fernijd en doe binne der ek nije finsters oanbrocht. De tsjerke is yn 1888 fan de ûndergong rêden omdat de ’útfiner‘ fan de monumintesoarch Jhr. Victor de Stuers fan it kueroard Marienbad út wei in rapport oer de werstelplannen fan it tsjerkje skreau: “Deze kerk [...] verdient in zijn oorspronkelijke karakter hersteld en onderhouden te worden, iets wat zonder veel moeite noch kosten kan geschieden.”

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © FrieslandWonderland

Webshop

Mogelijk hebben de volgende producten uit onze webshop ook uw interesse. Deze producten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Kollumerland en Nieuw Kruisland in de atlas van Eekhoff

Kollumerland en Nieuw Kruisland in de atlas van Eekhoff