Alles oer Kûfurdurrige
NederlandsDuitsEngels
Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Aanbieding: Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.0000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!

| Prijs inclusief verzenden: € 29,90

Alles oer Kûfurdurrige


Deel:

-

-

Kûfurdurrige

Kûfurdurrige

It agraryske streekdoarpke Koufurderrige is sterk rjochte op Wâldsein. It leit oan de provinsjale wei tusken Snits en De Lemmer en telt in lytse hûndert ynwenners.

Skiednis
Koufurderrige hat syn namme te tankjen oan it feit dat it oan de Koufurdermar leit. It buorskip wurdt earst sûnt de Twadde Wrâldoarloch as doarp beskôge. It hat gjin echte doarpskearn en bestiet yn haadsaak út pleatsen dy`t oan de haadwei lizze. Dy wei, dy`t yn 1848 fan Snits nei De Lemmer oanlein is, wie wichtich foar de ûntjouwing fan it doarp. Yn de perioade fan 1870 oant 1890 binne de measte pleatsen boud.

Wenje en libje
Foar de deistige foarsjennings en sportfasiliteiten geane de ynwenners nei Wâldsein, it buordoarp dat mar in pear kilometer fierderop leit.

© Gemeente Sudwest Fryslân

Histoarje fan Kûfurdurrige

Koufurderrige is in tige jong agrarysk streekdoarp, dat krekt nei de Twadde Wrâldoarloch as doarp beskôge waard. It hearde doedestiids noch by Doniawerstal, in gemeente dy‘t fierder oan de oare kant fan de Kûfurd lei. By de gemeentlike weryndieling yn 1984 is de streek by Wymbritseradiel yndield, dêr ‘t it foar de foarsjennings ek alhiel op rjochte wie.

Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 is de streek westlik fan ‘e mar sa goed as leech. Yn it noarden stiet allinne it buorskip Sand Buiren oanjûn, trije buorkerijen en in fûgelkoai en folle súdliker, oan ‘e súdkant fan de feart de Welle, is noch in fûgelkoai yntekene.

De streek hat gjin selsstannige status, mar hearde yn parten oan de oare kant fan de Kûfurd. It lytste, noardlike part hearde mei Sand Buiren by Langwar. It middelste, grutste, mar wol lege gedielte hearde ûnder Diken en it súdlike part by Teroele. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland, dy‘t yn it lêst fan de 18e ieu opmakke waard, wurdt gjin oandacht oan dizze lege streek jûn.

Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út 1850 stiet de ryksstrjitwei, dy‘t yn 1848 fan Snits nei de Lemmer oanlein is, oanjûn. Dizze is foar de ûntwikkeling fan it gebiet fan grutte betsjutting wurden. Yn it Langwarder gebiet leit de buert Sânbuorren of Sângaast noch altyd en fuortby de nije dyk en de Jeltesleat is der in pleats by kaam. Oan ‘e igge fan ‘e mar is op it gebiet fan Diken de buorkerij Koesprong kaam en yn it súdlike Teroelster gebiet kaam by de ferfallen fûgelkoai oan ‘e kant fan ‘e mar ek in boerepleats.

De streek is echt goed ûntwikkele fan de twadde helte fan de 19e ieu ôf. Doe is der yn in koart tiidskoft yn de perioade 1870-1890, in flinke rige meastal grutte pleatsen boud. Foar it grutste part oan de eastkant fan de rykswei, mar ek in trijetal oan de westkant.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © Hendrik van Kampen

Webshop

Mogelijk hebben de volgende produkten uit onze webshop ook uw interesse. Deze produkten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Doniawerstal in de atlas van Eekhoff

Doniawerstal in de atlas van Eekhoff

Doniawerstal in de atlas van Schotanus

Doniawerstal in de atlas van Schotanus