Deel:


Menaam

Menaam is in terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling op de kwelderwâl tusken Dronryp en Bitgum yn ûntstien is. De bebouwing konsintrearre him om ‘e tsjerke hinne, útsein oan de súdeastkant, want dêr stie Orxmastate. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1786: “Dit dorp heeft eene schoone kerk en toren, op eene groote hoogte gebouwd, en voor weinige jaaren merkelyk versierd. De buurt ligt byna cirkelswyze ten Westen, Noorden en Oosten om de kerk, en ten Zuiden de aanzienlyke State Orxma, ook Dekama genoemd, bestaande in eene schoone oude uit het water opgehaalde huizinge en een ruime wel aangelegde plantagie, hovinge, cingels.”
Orxmastate, ien fan al dy staten dy’t by of yn de omjouwing fan Menaam stienen, is yn 1830 sloopt. Hoewol’t it der op like dat Berltsum de âldste papieren hie en ek Dronryp him ûntwikkele ta in doarp fan betsjutting, waard Menaam it haadplak fan de gritenij.


Yn it lêst fan de 19e ieu binne der stikken fan de terp ôfgroeven. It doarp wie ûntsletten troch de Menamer Feart dy’t by Marsum oergong yn de Ballensfeart rjochting Harnzer Trekfeart. By dizze feart lâns ûntwikkele him oan Lytsebuorren, Lytsedyk en Langpaed bebouwing. Ek it eastlik fan de âlde kearn en oan ‘e feart lizzende Warnzerbuorren, wie al yn de 18e ieu ta ûntwikkeling kaam. Fan de twadde helte fan de 19e ieu ôf kaam der boppedat lintbebouwing by de stadichoan ferhurde útfalswegen lâns: Dyksterbuorren, Rypsterdyk en Bitgumerdyk en dêrnei ek Ljochtmisdyk.


De Menamers wienen aktyf yn de lânbou, mei namme de ierappelteelt. Yn it begjin fan de 20e ieu stie it gebou fan de ierappelfeiling oan de Lytsedyk. Dêr stie noch it kafee De Aardappelbeurs. Mar ek de túnbou wie fan belang, foaral oan de Berltsumer kant dêr’t gâns gernierkerijen te finen wienen.


Yn it sintrum fan it doarp stiet oan Dyksterbuorren by de feart noch it ea as gritenijhûs boude gemeentehûs, in ûntwerp fan Thomas Romein. It is in bûtengewoan smaakfol bouwurk yn neoklassisisme mei in yngongspartij dy’t flankearre wurdt troch toskaanske pylders fan getten izer mei dêrboppe yn de wat útspringende middenpartij in trijeliddich finster mei healpylders. It gebou einicht yn in kroanlist en in attyk.


De op in heech en rom hôf steande herfoarme tsjerke is in robúst gebou dat yn 1874 op fundeminten fan de eardere, oan de Hillige Lambertus wijde tsjerke, oprjochte is. It fiifkantige koar wie al yn 1855 fernijd. De tsjerke hie oan de noardkant in transept, in dwersbeuk, en oan dy kant ek in konsistoarje fan twa boulagen. De Menamer bou-ûndernimmers M. en J.P. Boonstra wienen de útfierders fan it wurk, mar in arsjitekt is net bekend. It soe wêze kinne dat it Jacob Izaaks Douma út Ljouwert wie. De styl fan de tsjerke past wol yn syn oeuvre en dizze arsjitekt makke it ûntwerp fan de yn 1866 oprjochte toer.


It skip fan de tsjerke is ferdield yn pilasters en is iepene mei grutte rûnbôgefinsters mei trasearrings fan getten izer. De toer, boud as ferfanging fan in sealdaktoer, hat trije segminten dêr’t de twa heechsten fan fersierd binne mei rûnbôgefriezen fan keunststien. It ynterieur is ek yndield ta muorrefakken tusken korintyske pilasters yn. Yn it rêstige ynterieur falle de ryklik fersierde dooptún en preekstoel mei persoanifikaasjes fan de deugden ‘Geloof, Hoop, Liefde, Gerechtigheid en Standvastigheid’ en it rike oargelfront op. De pastorije stiet oan de Mieddyk op in omgrêft hiem. It is in flinke neoklassicistyske middengongwenning út 1838. Oan de Greate Buorren stean twa 18e-ieuske wenningen.


Yn de twadde helte fan de 19e ieu groeide it ynwennertal sterk en oan de belangrike strjitten, sa as Dyksterbuorren en útfalswegen stean de represintative wenningen út it lêst fan de 19e yn mingstyl en it begjin fan de 20e ieu yn fernijingsstyl en ek inkele yn sjaletstyl. De earste folkshúsfesting kaam oan de Ljochtmisdyk. Nei de oarloch is Menaam, foaral sûnt it fan de sechstiger jierren ôf ûntdutsen wie as forinzedoarp, sterk groeid oan de noardwest- en súdkant.


Colofon

NLH: NoordBoek - Peter Karstkarel
FYH: NoordBoek Friesland
DEH: NoordBoek Friesland


© Tekst: - © Foto voorblad: FrieslandWonderland

Menaam
©: FrieslandWonderland