Deel:


Nes (Dongeradeel)

Nes is in terpdoarp dat yn de iere Midsieuwen ûntstien is. It hat in net al te hege terp en in rjochthoekige struktuer. De âlde beboude kom wurdt omfette troch in rjochthoeke fan strjitten en de tsjerke hat dêr in sintraal plak yn. Nes waard ûntsletten troch de Nesser Opfeart, dy’t yn súdwestlike rjochting nei de Peazens ta groeven is. Der is in tal paden oer de terp hinne roaid dy’t mekoar net krekt heaks kruse en oan dy paden en it fjouwerkant fan wegen is de bebouwing geandewei tichter wurden, wat in farieard byld oplevere hat. Benammen oan de Middenstraat en oan ien kant fan de Foarstrjitte steane fraaie huzen út de 18e en 19e ieu. Foarstrjitte 21 toant sels Jugendstil details.

Fan it lêste kwart fan de 19e ieu ôf is der oan de útfalswegen wat lintbebouwing groeid, yn noardwestlike rjochting foaral mei flinke pleatsen. Ek fierder fan it doarp ôf lizze op it doarpsgebiet monumintale buorkerijen dêr’t foaral túnbou bedreaun wurdt. De 20e-ieuske wenningbou hat foaral yn of oan it fjouwerkant fan wegen plak fûn, resint ek mei it neidiel fan it ferlies fan âlde wenten. Boppedat is der oan de noardkant oant en mei de Noarderwei in beskieden doarpsútwreiding kaam.

By de súdwestlike hoeke is yn 1925 oan de Wiesterwei de troch Ane Nauta yn ekspresjonistyske trant ûntwurpen grifformearde tsjerke boud. It is in krústsjerke mei in dakruter. De herfoarme doarpstsjerke wie yn de Midsieuwen tawijd oan Johannes de Evengelist. It is in fan kleastermoppen boude ienbeukige, romaanske tsjerke, dy’t datearret út it lêst fan de 12e ieu. De eastlike toersmuorre is it âldste; nei alle gedachten is it in oerbliuwsel fan in westwurk, dêr waard oan de iene kant de toer boud en oan de oare kant it tsjerkeskip. It fjouwerkantige sletten koar mei lisenen, in rûnbôgefries en in sierlist, is healwei de 13e ieu ta stân kommen. It ynterieur pronket mei in yn 1775 ferfurdige preekstoel yn rococofoarmen; wierskynlik it wurk fan Yge Rintjes.


Colofon

NLH: NoordBoek - Peter Karstkarel
FYH: NoordBoek Friesland
DEH: NoordBoek Friesland


© Tekst: - © Foto voorblad: FrieslandWonderland

Nes (Dongeradeel)
©: FrieslandWonderland