Alles oer Nijeberkeap
FrieslandWonderland
NederlandsDuitsEngels

Alles oer Nijeberkeap


Deel:

-

-

Histoarje fan Nijeberkeap

Nijeberkeap

Nijeberkeap is in streekdoarp dat net sa jong is as dat de namme fermoeden docht. It is in dochterdelsetting fan Aldeberkeap, al yn de 13e ieu ûntstien. It is in lyts doarp bleaun en de ynwenners hawwe harren tsjerke net yn eare hâlde kind, sa dat dy yn 1826 ôfbrutsen is. Yn 1788 koe de Tegenwoordige Staat van Friesland mei inkele sinnen folstean: “Nieuwe- of Nijeberkoop, ten oosten van ‘t voorige Dorp [Oldeberkoop], is tusschen de beide voornoemde rydwegen gelegen. Het Kerkje is hier zonder toren. De gelegenheid van dit Dorp tusschen de Kuinder en de Linde is gelyk aan die van ‘t voorige en de grond van denzelfden aard; doch men vindt er minder Weid- en Hooiland.”

Dizze beide wegen binne de súdlike Binnenweg en de noardlike Buitenweg. Se hjitte no de Bovenweg en de Oosterwoldseweg/Grindweg. De boerelannen by dizze wegen lâns strekke har út oan de âlde rivieren de Linde en de Tsjonger – dy’t yn de Stellingwerven de Kúnder neamd wurdt – yn it noarden ta. Healwei de 19e ieu bestiet der neffens it kaartbyld fan de streek yn de atlas fan Eekhoff (1849) hast noch gjin bebouwing oan de Buitenweg en ek by de Binnenweg lâns is de bebouwing net ticht. Oan in tuskenpaad, berikber oer de Lijkweg nei it begraafplak dêr’t ea de tsjerke stie, wienen ek in pear buorkerijen te finen. Oan de Bovenweg is yn 1898 in skoalle boud – in foarganger wie yn 1826 opheft – dy’t noch altyd bestiet, in twaklassige skoalle mei in skoallehûs.

Fan de Bovenweg ôf kin it begraafplak berikt wurde, dêr’t in klokkestoel mei sealdak op stiet. Yn 1934 waard de Albardalaan ferhurde, wêrtroch’t de streek nei it noarden ta, rjochting Hoarnstersweach, ûntsletten waard. Tusken de Grindweg (Oosterwoldseweg) en de Bovenweg yn foarmje wol paden, mar gjin wegen, ferbiningen. Oan de Bovenweg en op Egypte is foar de oarloch wat folkshúsfesting ta stân kommen. Nei de oarloch barde dat oan de Bovenweg en de Oosteregge.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © FrieslandWonderland

Webshop

Mogelijk hebben de volgende produkten uit onze webshop ook uw interesse. Deze produkten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.