Alles oer Nijetrine
NederlandsDuitsEngels
Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Aanbieding: Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!

| Prijs inclusief verzenden: € 29,90

Alles oer Nijetrine


Deel:

-

-

Histoarje fan Nijetrine

Nijetrine

Nijetrine is in net al te âld streekdoarp en hat in tige tinne bebouwing. It leit tusken de yn de19e ieu foar turfwinning fergroeven lannerijen yn en hat sadwaande it natuerreservaat de Rottige Meenthe oplevere. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 docht bliken dat der yn it leechlizzende lân mar in hantsjefol buorkerijen en huzen stean, allegearre mei in opfeart nei de Skean ta. Oan de súdkant fan de streek rint de (Binnen)weg fan Skoattersyl nei Wolvegea. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 meld: “het kleinste Dorp der Grieteny [...]. De Kerk had eertyds een spits torentje; doch in ‘t jaar 1750 is de geheele Kerk, bouwvallig zynde, weggebroken, en niets daarvan overgelaaten, dan een ringmuur, binnen welke de Lyken begraaven worden. De landeryen van dit Dorp loopen, gelyk die van het voorgaande, van de Scheen Zuidwaarts tot aan de Linde.”

Op de kaart yn de Eekhoff-atlas stiet it ferfallen tsjerkhôf en is in nije dyk, súdliker dan de Binnenweg, de lettere Pieter Stuyvesantweg fan Slikenboarch nei Wolvegea oanjûn. Dêr ferpleatste de bebouwing him hinne en ek it beskieden herfoarme tsjerkje, no Maranathatsjerke, is dêr yn 1919 boud. Yn it wetterrike doarpsgebiet binne foarsjennings te finen om de wetterstannen behearskje te kinnen. Yn it noarden stean oan de Veendijk twa poldermolens mei moolnershuzen, De Rietvink en De Reiger. Dêr leit ek de yn 1914 oanleine Skeaneslûs mei in houten draaibrêge, dêr’t in slûswachterswenning, in kafee en in skipshelling by stean.

Oan de súdlike útmûning fan de yn 1748 groeven Jonkers- of Helomafeart leit op de grins fan de Beneden- en Bovenlinde in slûs om de trije ferskillende wetternivo’s passeare te kinnen. De slûs is oarspronklik út 1775, mar is yn 1927 fernijd. Mei in wachterswenning en in earder winkelhûs wurdt in belangwekkend wettersteatkundich ensemble foarme, dat nei de oanlis fan de nije Mr. H.P. Linthorst Homanslûs yn 1973 mar krekt fan de ûndergong rêden is.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © Peter Karstkarel

Webshop

Mogelijk hebben de volgende producten uit onze webshop ook uw interesse. Deze producten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Weststellingwerf in de atlas van Eekhoff

Weststellingwerf in de atlas van Eekhoff

Weststellingwerf in de atlas van Schotanus

Weststellingwerf in de atlas van Schotanus