Alles oer Aldegea (Smellingerlân)
NederlandsDuitsEngels
Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Aanbieding: Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.0000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!

| Prijs inclusief verzenden: € 29,90

Alles oer Aldegea (Smellingerlân)


Deel:

-

-

Histoarje fan Aldegea (Smellingerlân)

Aldegea (Smellingerlân)

Aldegea is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen op in sânrêch tusken feanen en in rige marren en puollen yn ûntstien is. Oant it droechlizzen yn 1922 lei it doarp oan de Aldegeaster Zanding. Yn 1788 is de Tegenwoordige Staat van Friesland fol lof: “een zeer vermakelyk dorp, ongemeen wel aan ‘t water en in ‘t geboomte gelegen; hier onder behooren veele buurten [...]. Nader aan ‘t dorp, niet verre van de Oudegaaster Zanding, licht de treffelyke hofstede Groot Haersma genoemd, die zeer fraay beplant, en met eene schoone huizing voorzien is, zynde reeds voor lange jaaren door de Grietslieden van deezen Deele bewoond. De maatig uitgebreide Kerkbuurt bevat verscheiden goede huizen, benevens een windkorenmolen, en eene Kerk die een spitsen toren heeft.”

Oant begjin 19e ieu wie Aldegea it haadplak fan de gritenij. De famylje Haersma dy’t it lange tiid Smellingerlân ‘regearre’ wenne hjir op Groot Haersma, yn de jierren om 1660 hinne boud en yn 1841 sloopt.
De robúste romaanske, fan dowestien boude doarpstsjerke datearret út begin 12e ieu. Om 1250 hinne ferriisde de romaanske toer mei in beklaaiïng fan dowestien en in lege, bakstiennen spits. By de restauraasje yn 1921 is by de noardgevel de romaanske yndieling hersteld: oan ‘e ûnderkant sparfjilden fan keppele rûnbôgen en oan ‘e boppekant lytse rûnbôgefinsters. De bline westgevel hat dizze yndieling ek. De rjochte koarsluting, oanbrocht yn 1599 is goatysk. Yn de súdmuorre stean grutte rûnbôgefinsters, mei brânskildere glêzen troch Ype en Jurjen Staak (1717). It fraaie ynterieur hat iken meubilêr en in tonferwulf út 1921mei ornamintyk yn art déco-styl. Der hingje alve ryk fersierde en diels yn moarmer mei goud beskildere roubuorden fan de famylje Haersma. De pastorije datearret út 1743, mar is yn 1910 yn Jugendstil-trant ferboud.

Yn de skildereftige Buorren falt benammen it eardere ‘Rechthuis’ (1738) mei in hege middenpartij en in gevelstien mei Vrouwe Justitia op. Fierderop stiet de grifformearde tsjerke (1910) yn in dekorative styl. Doarpsútwreidings hawwe oan de súd- en noardwestkant plakfûn.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © FrieslandWonderland

Webshop

Mogelijk hebben de volgende producten uit onze webshop ook uw interesse. Deze producten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Smallingerland in de atlas van Eekhoff

Smallingerland in de atlas van Eekhoff

Smallingerland in de atlas van Schotanus

Smallingerland in de atlas van Schotanus