Alles oer Aldwâld
FrieslandWonderland
NederlandsDuitsEngels

Alles oer Aldwâld


Deel:

-

-

Histoarje fan Aldwâld

Aldwâld

Aldwâld is in streekdoarp op in letmidsieuske ûntginningas, de Foarwei, en in wierskynlik wat jongere, twadde, dwers dêrop steande streek yn it noarden, de Wigeast. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland (1786) docht bliken dat it noch grutter is, Aldwâld is: “een middelmaatig dorp: hier onder behoort de buurt Wygeest, alwaar weleer de Staten Allema en Buma gevonden werden, met de buurtjes Wirden en Oudwoudumer zyl. Ook behoort onder dit dorp [...] de vermaakelyke buurt Veenklooster, ten Oosten van Kollumerzwaag gelegen, alwaar ligt de heerlykheid Rosema, thans behoorende aan de Familie van Heemstra.”

Feankleaster is no in selsstannich doarp en Allemastate bestiet noch altyd. Aldwâld is in streekdoarp bleaun. Ek nei de oarloch wie der gjin sprake fan komfoarming, al binne der westlik fan de Jan Binneswei inkele strjitten efter de streken oanlein en beboud wurden. De kearn is oan it westlike diel fan de Foarwei te finen: dêr stean de tsjerke, de skoalle en it eardere ferieningsgebou byinoar.

De tsjerke is in ienbeukich gebou út de 15e ieu. By de bou is it boumateriaal fan de foargongster opnij brûkt. De tsjerke hat in trijekantige koarsluting en in houten geveltoer dy’t mei de westgevel ein 17e ieu boud is. It ynterieur fan de tsjerke wurdt dominearre troch in grut oantal roubuorden en in oerkape hearebank. It ferieningsgebou is ein 19e ieu tusken de tsjerke en pastorije yn boud, in karakteristyk sealgebou mei spitsbôgefinsters. De pastorije is in middengongwenning út 1806 dêr’t de middenpartij fan in ieu letter ferboud is. De skoalle en skoallehûs fan itselde type binne yn 1898 ta stân kommen, mar de skoalle mei twa lokalen is twa kear ferboud wurden.

Noardlik fan de doarpskearn stiet oan de Allemawei in boerepleats mei it foarein fan de wei ôfkeard. In monumintaal oerbliuwsel fan in sealstins. It is ien fan de inkele sealstinzen dy’t ridlik kompleet bewarre bleaun binne. Mooglik datearret Allemastate al út de rûzige 14e ieu.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © FrieslandWonderland

Webshop

Mogelijk hebben de volgende produkten uit onze webshop ook uw interesse. Deze produkten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.