Alles oer Parregea
NederlandsDuitsEngels
Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Aanbieding: Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!

| Prijs inclusief verzenden: € 29,90

Alles oer Parregea


Deel:

-

-

Parregea

Parregea

It langhalige streekdoarp Parregea leit presys tusken Boalsert en Warkum yn. It doarp wurdt yn twaën dield troch de Warkumer trekfeart, dy`t der dwers trochinne rint. Om fan de iene nei de oare kant te kommen moatte de fiifhûndert ynwenners gebrûk meitsje fan de ienige brêge yn it hert fan it doarp.

Skiednis
Parregea is fan oarsprong in echt fiskersdoarp. It lei oan de râne fan de Ie en de Parregeastermar. Jierrenlang fertsjinnen de ynwenners har jild mei de fiskerij. Yn 1609 feroare de Ie yn de trekfeart tusken Boalsert en Warkum, dy`t meter foar meter groeven waard. Ek de Parregeastermar is hjoed-de-dei net mear werom te finen op de kaart.

De mar waard 1879 droechlein en sa kaam der fruchtbere lânbougrûn frij. Dêr waarden grutte stjelpen boud. Net allinne de Parregeastermar ferdwûn, ek de Makkumer- en Warkumermar waarden droechlein. In yngripend beslút, dêr`t kening Willem III eartiids syn tastimming foar jaan moast. De Lânboukrante skreau der wiidweidich oer. Foar it droechlizzen fan trije marren wie nammentlik in soad jild nedich. De krante hie it oer it astronomyske bedrach fan seishûnderttûzen gûne.

Bysûnderheden
De Johannes de Dopertsjerke kinne jo net misse as jo it doarp ynkomme. De tsjerke fan giele bakstien is de blikfanger fan Parregea. It doarp waard om 1300 hinne op in terp boud. Om de terp hinne steane de âldste huzen fan Parregea. It doarpskafee, de pastorije, de tsjerke en de pânen dêr tuskenyn binne de stille tsjûgen út dy tiid.

Mei it droechlizzen fan de Parregeastermar kaam der in soad bougrûn beskikber. Boeren út Noard-Hollân kamen nei Parregea om dêr grutte pleatsen del te setten. Twa fan dy histoaryske bouwurken binne bewarre bleaun.

Wenje en libje
Parregea hat foar in doarp fan dy omfang goede foarsjennings. In doarpshûs, jeugdhonk, pjutteboartersplak en basisskoalle De Paadwizer. Dêrneist hat it doarp in bloeiend ferieningslibben. Fuotbal, follybal, tennis, badminton en in gymnastykferiening. De ferienings diele sporthal De Gearhing. It sportfjild dat yn de simmer brûkt wurdt troch de fuotbalferiening wurdt yn de winter as iisbaan brûkt. Parregea hat ek in bedriuweterrein.

© Gemeente Sudwest Fryslân

Histoarje fan Parregea

Parregea is in lang útstrekt streekdoarp oan it wetter de Warkumer Trekfeart. Oan de eastkant stean benammen boerepleatsen by it wetter. Sa strekt him oan de Boalserter kant in monumintale kop-hals-romppleats út dêr’t de foarein fan in ‘gedrukte’ ferdjipping hat. Sawat yn ‘e midden fan de him foaral oan de westkant fan de trekfeart útstrekkende bebouwing leit it terpeftich gebiet fan tsjerkhôf mei tsjerke.

Even súdlik fan de brêge stiet de eardere herberch De Harmonie, in bouwurk út de 18e ieu mei in fraaie boppeseal dy’t boud is fan brune stien, mei in flinke skuorre boud fan gieltsjes. Fierderop yn it suden riget in rige fan giele huzen him oanelkoar dy’t beheind fan omfang en uterst ienfâldich fan arsjitektuer, lykwols in ymposant ensemble foarmet. Oan de oare kant fan de feart hat fan de brêge ôf de heaks dêrop steande de Horstweg lintbebouwing fan de skoalle en huzen krigen.

De Parregeaster Mar is yn 1876-1879 tagelyk mei de neistlizzende Feitemar droechmeald. Doe wie it dien mei de lukrative fiskerij foar de Parregeasters, mar der wie sa om-ende-by 320 ha boulân wûn. Troch de polderwurkers is net allinne in regelmjittige blokferkaveling yn de droechmakkerij kommen, mar is, mei tank oan ûntwikkelders út Noard Hollân ek in rige stolpbuorkerijen ta stân kommen. Der is noch ien eksimplaar fan dit foar dizze streken eksoatyske type te finen.

De tsjerke stiet efter de bebouwing op in terpeftich en omgrinze hôf. Dizze om 1300 hinne fan grutte giele bakstien boude Johannes de Dopertsjerke mei in fiifkantige koarsluting, hat in relatyf mânske toer, dy’t yn de wide omkriten al fan fierôf te werkennen is. Oan de súdkant is de tsjerke iepene mei frij grutte spitsbôgefinsters mei stukadoare deikanten, wêrtroch’t der steunbearen tusken de finsters yn needsaaklik waarden. De foarse toer is fan read en brún materiaal mitsele en ûnder ek fan grutte moppen yn gemêlearde kleuren. Skean tsjin de tsjerke oer stiet de pastorije mei in navenant djippe foartún; in medaillon yn de tagongstravee jout it jiertal 1802 te lêzen.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © Marica van der Meer

Webshop

Mogelijk hebben de volgende producten uit onze webshop ook uw interesse. Deze producten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Gemeente Wonseradeel in de atlas van Eekhoff

Gemeente Wonseradeel in de atlas van Eekhoff

Wonseradeel in de atlas van Schotanus

Wonseradeel in de atlas van Schotanus