Alles oer Piaam
NederlandsDuitsEngels
Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Aanbieding: Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.0000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!

| Prijs inclusief verzenden: € 29,90

Alles oer Piaam


Deel:

-

-

Piaam

Piaam

It komdoarp Piaam hat likernôch fyftich ynwenners. It leit prachtich, krekt achter de dyk. It doarpsgesicht fan Piaam is beskerme.

Skiednis
Piaam komt foar in Frysk doarp let yn de boarnen foar. De earste boarnen dêr`t it yn neamd wurdt binne fan 1555. It doarp is lykwols âlder, want de tsjerke datearret út de 13e ieu. De boarne út 1555 is in skriuwen fan de ynwenners fan it doarp oer de tsjerke. Se woene it reiden tek ferfange troch in laaistiennen.

Piaam wie in doarp fan boeren. It hie ea wat lytsskalige lânbou, mar de feeteelt oerhearske. Yn de buert fan it doarp, yn de Polder Koaihuzen, leine twa einekoaien. Bekend is dat de fongen einen yn Hollân ferkocht waarden. De koaien binne no net mear yn gebrûk foar de jacht. Yn ien derfan wurde wol einen en oare wetterfûgels ringe.

Bysûnderheden
Piaam telt twa monumintale pleatsen. Yn de Nynke Pleats út de 18e ieu sit hjoed-de-dei in restaurant. Oan deselde dyk, in bytsje súdliker leit in steatlike kop-hals-romppleats mei in wente dy`t nei alle gedachten yn de midden fan de 17e ieu boud is. Opfallend is it flechtwurk yn de foargevel fan it foarhûs. Beide pleatsen hawwe in monumintestatus.

Wenje en libje
Piaam sels hat mar in bytsje foarsjennings. Mar Makkum leit op noch gjin trije kilometer ôfstân en ek Boalsert (rom trettjin kilometer) is goed berikber.

© Gemeente Sudwest Fryslân

Histoarje fan Piaam

Piaam, dat yn 1555 foarkomt as Pianghum, is in komdoarp dat bysûnder skildereftich justjes efter de eardere Suderseekust op net al te lege grûnen leit, de posysje fan oare doarpen yn de kuststreek yn acht nimmende. De kust is hjir fierders net frij want yn it noarden leit de Makkumer Súdwaard en yn it suden de Koaiwaard yn ‘e Iselmar.

It doarpsgebiet rikt mei de Polder Koaihuzen, neamd nei in buert fan buorkerijen en twa einekoaien, ta oan de yn 1876-1879 droechmealde Feitemar en Parregeaster Mar yn it easten. Fan de al âlde einekoaien is bekend dat de dêr fongen wetterfûgels nei Hollân ferhandele waarden; no wurdt ien fan de koaien brûkt foar it ringjen fan wetterfûgels.

Tichtby de doarpskom binne noch in pear ekers te finen, mar fierder is der net folle oerbleaun fan de earder sa wichtige lânbou; it is allegear feehâlderij yn de omjouwing. Inkele flinke stjelppleatsen en in pear huzen markearje de yntree yn it lytse doarp en twa monumintale kop-rompbuorkerijen slute it doarp oan de eastkant wer ôf. In pastorije hat Piaam net hân om’t de tsjerkelike gemeente kombinearre wie mei Skuzum en de pastorije yn dat doarp kaam.

De doarpsstrjitte bûcht nei de 13e-ieuske bakstiennen doarpstsjerke ta. Yn 1555 woenen de ynwenners der in laaien dak op ha; wierskynlik leit der dan noch reid op it dak en dat hat, sa tichtby de kust, te lijen fan stoarmen. Der wurdt meld: “Pyanghum is nyet beplant met eenighe boemen”. De westgevel is fernijd en by de restauraasje fan 1953 binne de rûnbôgige finsters yn it koar hersteld en it koar krige wer goatyske spitsbôgen. Oan de noardkant sit in hagioskoop yn it muorrewurk.

Eastlik fan de tsjerke leit de fraaie kop-rompbuorkerij Nynke Pleats dy’t út de 18e ieu datearje moat en wat súdliker noch sa’n buorkerij mei nijsgjirrich flechtwurk yn de gevel fan ‘e foarein. Yn 1889 waard it lytse grifformearde tsjerkje boud. Hjir is (fan de Aldfaers Erfrûte) dan ek it fûgelmuseum te besjen mei ûnder mear in diapresintaasje oer de bûtendykse, tige fûgelrike waarden.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © FrieslandWonderland

Webshop

Mogelijk hebben de volgende produkten uit onze webshop ook uw interesse. Deze produkten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Gemeente Wonseradeel in de atlas van Eekhoff

Gemeente Wonseradeel in de atlas van Eekhoff

Wonseradeel in de atlas van Schotanus

Wonseradeel in de atlas van Schotanus