Alles oer Penjum
NederlandsDuitsEngels
Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Aanbieding: Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!

| Prijs inclusief verzenden: € 29,90

Alles oer Penjum


Deel:

-

-

Penjum

Penjum

In bytsje eastlik fan de Ôfslútdyk leit Penjum. It âlde terpdoarpke telt likernôch seishûndert ynwenners.

Skiednis
Penjum is ûntstien oan de Marne, in âlde see-earm fan de Waadsee. By de eardere noardlike igge lâns rint no de dyk tusken Kimswert en Arum.

Yn de 13e ieu leine muontsen in dyk om Penjum hinne. Dy Penjumer Gouden Halsbân beskerme it doarp yn de 19e ieu tsjin in oerstreaming dy`t Fryslân teheistere. Yn de ieuwen nei it oanlizzen hie Penjum te lijen fan deilisskip tusken de Skieringers en de Fetkeapers.

Oan de ein fan de Twadde Wrâldoarloch groeven de Dútskers har yn Penjum yn. Nei de befrijing troch de Kanadezen die bliken hoe`t de nazi's húshâlden hiene yn it doarp: Mar twa huzen wiene net skansearre.

Bysûnderheden
Penjum telt trije tsjerken en ien fan dy trije is in 17e ieusk meniste skûltsjerkje. Elk jier bringe hiel wat (religieuze) toeristen in besite oan dit sa't it liket gewoane hûs, oantsjutten as Menno's Fermanje. It tsjerkje is ferneamd nei Menno Simons, de stichter fan de meniste beweging. Syn neifolgers wurde menisten neamd. Om 1524 hinne wie Simons fikaris yn Penjum. Yn it tsjerkje is in diasearje oer syn libben te sjen.

Mear yn it each fallend is de herfoarme tsjerke fan it doarp. Dy let goatyske doarpstsjerke is al fier bûten Penjum te sjen.

Wenje en libje
It wennet rêstich yn Penjum. It doarp hat, dat is wier, in muzykferiening, mar moat foar de measte foarsjennings, lykas in supermerk, nei doarpen en stêden lykas Wytmarsum en Harns.

© Gemeente Sudwest Fryslân

Histoarje fan Penjum

It mânske doarpsgebiet fan Penjum wurdt beskerme troch in noch gruttendiels te werkennen tige âld stelsel fan diken: de Penjumer Gouden Halsbân. Yn it ûnder bepaalde waarsomstannichheden ûnbarmhertich lege lânskip efter de seedyk foarmet Penjum in herberchsume, kompakte delsetting. It is in terpdoarp mei in net al te skerp ôfgroeven tsjerketerp dy’t noch bysûnder goed te erfaren is. It doarp hat in rom tsjerkhôf mei in izeren stek op in muorke en in seame fan net tige âlde linebeammen. Noardlik fan de tsjerke stiet yn in heale kring in prachtige rige diakonijwenningen, boud fan de yn dizze omjouwing sa karakteristike giele stientsjes: de Fryske trijelingen. Dêrtsjinoer leit de moaie buorren, de Grote Buren mei nochal wat goed ûnderhâlden en fariearde notabele wenningen.

Yn de Kleine Buren stiet ek in grut ferskaat oan huzen. De Burenlaan dy’t oan wjerskanten fan de yntree fan it doarp front makket nei de smelle Harnzer Feart, foarmet mei in fraai fariearde bebouwing fan fersoarge wenningen en boerepleatsen, fan om-ende-by 1900 en de tritiger jierren, in moaie eastlike doarpsgrins. De nei-oarlochske útwreidings binne sawol yn it noarden – mei ûnder mear in fraaie tradisjonalistyske rige wenningen út 1948 oan de L. Scheltestrjitte – as yn it suden telâne kommen, wêrtroch’t it doarp de regelmjittigens fan in rjochthoeke krigen hat.

De âlde letgoatyske doarpstsjerke op de net skerp ôfgroeven tsjerketerp is yn 1759 foar in part fernijd. De sealtsjerke hat yn de súdgevel trije rûnbôgefinsters. It measte muorrewurk is fan giel bakstienmateriaal fan lyts formaat, de noardgevel fan meardere soarten giele moppen mei foaroan ien rûn finster. It ûnderste segmint fan de foarse en yn de wide omkriten werkenbere toer is fan opnij brûkte dowestien mitsele, nei fersnijing sjogge we mêleard giele bakstien; nei in twadde fersnijing foaral lytser read materiaal. Yn it noarden oan de Grote Buren leit it lytse 18e-ieuske skûltsjerkje, opnommen yn it gewoane doarpswenning, fan de menisten, dat hjir in bysûndere wearde hat omdat Menno Simons yn Penjum libbe hat.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © Hendrik van Kampen

Webshop

Mogelijk hebben de volgende producten uit onze webshop ook uw interesse. Deze producten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Gemeente Wonseradeel in de atlas van Eekhoff

Gemeente Wonseradeel in de atlas van Eekhoff

Wonseradeel in de atlas van Schotanus

Wonseradeel in de atlas van Schotanus