Deel:


Readtsjerk

Readtsjerk is in lang streekdoarp fan foaral fersprate bebouwing mei hjir en der wat konsintraasjes fan agraryske bebouwing. It doarp hinget wat tsjin de Trynwâlden oan, de doarperige yn it noarden fan Tytsjerksteradiel en koe him dêr ûntwikkelje omdat der noch krekt in útrinner leit fan de hegere grûn dy’t nei Readtsjerk oergiet yn lege, feaneftige streken. Oan de súdeastlike kant leit de âlde kearn by de tsjerke en oan de noardwestlike kant rint it doarpsgebiet troch oant by de Moark.Dêr stiet yn de buert Healbird, in 18eieuske kop-hals-romppleats.

Oan it ein fan de 18e ieu hie it in struktuer dy’t no noch te sjen is: : ‘een dorpje met eene kerk zonder toren; ligt aan ’t water de Zwarte Broek, en loopt Westwaards aan, tot aan de Trynwouden in Tietjerksteradeel, met zyne bouwlanden, in welke zyn de buurtjes Healbird, de Syewier aan de Mork, en wat nader by de Weerbuuren.’ Readtsjerk is hielendal rjochte op de Trynwâlden, omdat it efter de feangebieten en it pas let (1926) yn kultuer brocht en troch natuergebieten omringe Bûtenfjild frij isolearre leit oangeande de oare doarpen fan Dantumadiel. De frij losse, foaral agraryske bebouwing fan de streekjes by de Koaiwei en Sickamawei en yn de buert fan de tsjerke mei wat kop-romppleatsen giet frijwol ûngemurken troch yn dy fan noardlik Mûnein.

De tsjerke sûnder toer is yn de betide 12e ieu boud fan dowestien mar is letter feroare. De dowestiennen noardlike muorre is noch hielendal yn it sicht; de westlike muorre is yn de 18e ieu yn reade bakstien restaurearre en letter binne de súdlike en eastlike muorren ommitsele. Op it dak lizze glazuere Lucas IJsbrandpannen. By de tsjerke is in opmerklike fynst dien: in sarkofaachdeksel fan griisgiele sânstien út de 12e ieu – ûngefear like âld as de tsjerke – mei in foarstelling fan in yn in pij klaaide man en mei in dekorative rânefersiering. It seldsume keunstwurk is no yn it Fries Museum yn Ljouwert.


Colofon

NLH: NoordBoek - Peter Karstkarel
FYH: NoordBoek Friesland
DEH: NoordBoek Friesland


© Tekst: - © Foto voorblad: Jan Dijkstra

Readtsjerk
©: Jan Dijkstra